Lombardije (Italjaansk: Lombardia, fan it Germaanske folk de Lombarden, Lombardynsk: Lumbardia), is in regio yn Noard-Itaalje. De regio is ynstitúsjonalisearre yn 1970 en rint fan de Sintrale Alpen yn it noarden oant de rivier de Po yn it suden. Yn it westen wurdt Lombardije begrinzge troch it Lago Maggiore en de rivier Ticino, yn it easten troch de Gardamar en de rivier de Minsio. Lombardije wurdt fierders omklamme troch Switserlân en de regio's Trentino-Súd-Tirol, Feneto, Emilia-Romagna en Piëmont.

Fan alle Italjaanske regio's hat Lombardije it grutste oantal ynwenners. De regio is foar Itaalje ekonomysk fan grut belang.

Lânskip Lombardije kin yn trije geografyske gebieten opdield wurde:

De Poflakte De grutste leechflakte fan it Italjaanske skiereilân is it tichtstbefolke en meast yndustralisearre part fan de regio. Dêr lizze ek de grutte stêden Milaan, Brescia en Bergamo. De Marren Sawat alle grutte Noard-Italjaanske marren lizze yn Lombardije (útsein de Ortamar). De marren binne wichtige toeristyske trekpleisters foar de regio. De Alpen Yn de regio lizze inkele fan de heechste berchtoppen fan de Alpen wêrûnder de Piz Bernina (4049 meter). Twa wichtige Lombardyske Alpendellings binne it Valtellina en it Val Camonica. Grut parten fan de bergen binne beskerme gebieten.

Provinsjes De regio bestiet út de metropolitane stêd Milaan en alve provinsjes:

Kaart Wapen Provinsje Ofk. Haadstêd Oantalgemeenten200px 30px Bergamo BG Bergamo 243 30px Brescia BS Brescia 206 30px Como CO Como 147 30px Cremona CR Cremona 113 30px Lecco LC Lecco 84 30px Lodi LO Lodi 61 30px Mantua MN Mantua 64 30px Milaan MI Milaan 134 30px Monza e Brianza MZ Monza 55 30px Pavia PV Pavia 186 30px Sondrio SO Sondrio 77 30px Varese VA Varese 138

Grutste gemeenten De ûndersteande tabel toant gemeenten yn Lombardije mei mear as 40.000 ynwenners (sifers 2024). Haadstêden fan 'e provinsjes binne mei fette letters oanjûn. <div align=left style="overflow: auto"> Posysje Gemeente Ynwennertal(2024) Oerflak(km2) Provinsje ofmetropolitane stêd1ºMilaan1.373.583181.76Milaan2ºBrescia199.00490.34Brescia3ºMonza123.24733,09Monza-Brianza4ºBergamo120.53040,16Bergamo5ºComo83.75037,12Como6ºBusto Arsizio83.55630,66Varese7ºVarese78.95054,84Varese8ºSesto San Giovanni78.41411,70Milaan9ºCinisello Balsamo74.97212,72Milaan10ºPavia71.37163,24Pavia11ºCremona71.24670,49Cremona12ºVigevano62.66981,37Pavia13ºLegnano60.43117,68Milaan14ºGallarate53.24520,98Varese15ºRho50.85722,24Milaan16ºMantova49.27363,81Mantova17ºPaderno Dugnano47.45014,11Milaan18ºLecco47.16945,14Lecco19ºCologno Monzese470748,40Milaan20ºLissone46.8089,30Monza-Brianza21ºLodi45.21241,38Lodi22ºSeregno44.98513,05Monza-Brianza23ºDesio41.64014,76Monza-Brianza24ºRozzano41.42212,24Milaan

Ofbylden

Kategory:Regio fan Itaalje Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1859