Apûlje (Italjaansk: Puglia) is in regio yn Súdeast-Itaalje, oprjochte yn 1861. Apûlje omfettet de hakke fan de Lears fan Itaalje en it gebiet by de kust lâns noardwestlik dêrfan. It leit oan 'e Adriatyske See, de Strjitte fan Otranto en de Ioanyske See (ûnder oare Golf fan Tarente). Apûlje is de eastlikste regio fan Itaalje. De haadstêd is Bari.
Yn it súdlikste diel fan Apûlje, yn de omkriten fan Salento wurdt in protte wyn ferboud wêrûnder de ferneamde Negroamaro en Primitivo. Yn Apûlje wurde fan Itaalje ek de measte oliven produsearre.
Nijsgjirrichheden thumb|left|Lecce. It toeristyske sintrum fan de regio leit yn it uterste noarden op it skiereilân Gargano. Hjir lizze de ferneamde badplakken Fieste, Peschici en Mattinata. De moaiste keunststêd fan de regio is Lecce, dat beskôge wurdt as ien fan de wichtichste barokstêden fan de wrâld. Súdwest fan Bari leit Alberobello mei syn bysûndere trulli. Dy wite rûne huzen mei harren kegelfoarmige dakken hawwe dat plak in soad bekendheid jûn.
It binnenlân op de grins mei de regio Basilikata, de Murge, is rûch, keal en tige tin befolke. De kuststripe tusken Barletta en Brindisi is it tichtst befolke diel fan Apûlje en tige yndustrialisearre.
Provinsjes De regio bestiet út de metropolitane stêd Bari en fiif oare provinsjes: kaart wapen provinsje ôfk. haadstêd oantalgemeenten200px 35px Bari BA Bari 41 35px Barletta-Andria-Trani BT Barletta-Andria-Trani 10 35px Brindisi BR Brindisi 20 35px Foggia FG Foggia 61 35px Lecce LE Lecce 96 35px Tarente TA Tarente 29
Gemeenten Understeande tabel jout de gemeenten mei in befolking fan mear as 40.000 ynwenners wer (Sifers ISTAT / 01.01.2015). Haadstêden fan provinsjes wurde mei fette letters wjerjûn.
# Wapen Gemeente Provinsje Ynwennertal Oerflak(km²) Befolkingstichtens(ynw./km²) Hichte(m boppe seenivo) 135pxBariBari316.245117,39 2.736,375 235pxTarantoTaranto189.355249,86798,69 15335pxFoggiaFoggia146.563509,26 296,73 76435pxAndriaBarletta-Andria-Trani97.192402,89 247,38 151535pxLecceLecce95.273238,93399,06 49635pxBarlettaBarletta-Andria-Trani92.515149,35 633,05 15735pxBrindisiBrindisi83.269332,98 260,71 158 AltamuraBari70.355431,38164,07 467935px MolfettaBari57.58758,97 1 007,6151035px CerignolaFoggia57.080593,93 98,74 1201135pxTraniBarletta-Andria-Trani54.876103,41 539,99 712- ManfredoniaFoggia54.433354,54 160,58 51335px BisceglieBarletta-Andria-Trani54.21469,25 869,7 161435px BitontoBari53.585174,34 317,3111815- San SeveroFoggia49.899336,31 156,02 861635px MonopoliBari47.789157,89 309,3791735px Martina FrancaTaranto47.191298,72162,9 431 1835px CoratoBari47.137169,35 284,87 232 19- Gravina in PugliaBari42.564384,73 113,78 385
Ofbylden
Keppeling om utens Regio Apûlje Puglia Turismo
Kategory:Regio fan Itaalje Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1861