Potenza is de haadstêd fan de Súd-Italjaanske regio Basilikata en fan de provinsje mei deselde namme Potenza. De stêd leit eastlik fan Salerno en súdwest fan Bari.
Potenza leit yn in bercheftich gebiet (it súdlike diel fan de Apeninen) en is in sintrum foar lânbou en hannel.
Yn de 2e iuw f.Kr. is de stêd troch de Romeinen stifte en hiet doe Potentia. De patroanhillige fan de stêd is de hillige Gerardus (San Gerardo).
Keppeling om utens Webstee fan de gemeente Potenza
Kategory:Plak yn Basilikata Kategory:Gemeente yn Basilikata