Kalaabrje (Italjaansk: Calabria) is in regio yn it suden fan Itaalje, súdlik fan Napels, dy't oprjochte waard yn 1861. De regio foarmet feitlik de súdwestlike punt oan de foarkant fan de Lears fan Itaalje. Yn it noarden wurdt er begrinze troch de regio Basilikata, yn it westen troch de Tyrreenske See en yn it easten troch de Ioanyske See. Kalaabrje leit foar it eilân Sisylje oer mei dêr tusken de Strjitte fan Messina. It oerflak fan de regio beslacht sa'n 15.200 km² en der wenje likernôch 1,8 miljoen minsken (2024).

De regionale haadstêd is Catanzaro. Simmerdeis wurdt de regio in soad troch toeristen besocht.

Skiednis Kalaabrje wie eartiids in wichtich sintrum fan de Grykske beskaving, noch foar de opkomst fan it Romeinske Ryk. Dêr libbe ek de ferneamde wiskundige Pytagoras. Yn it Nasjonaal Museum fan Reggio Calabria steane de bekende Grykske bylden, de Bronzi di Riace. thumb|left|Byzantynske tsjerke, Stilo. De regio makke jierren diel út fan it Romeinske Ryk en hearde dêrnei by it Byzantynske Ryk. Letter kaam er ûnder de macht fan Noarmannen, dy't it keninkryk Napels stiften dat lange tiid oer Kalaabrje hearskje soe oant en mei de ienwurding fan Itaalje. Ferskate dynastyen hawwe oer it keninkryk hearske. Al dy tiid bleau Kalaabrje in earm en eftersteld gebiet. De Aspromonte, in bercheftige krite yn sintraal Kalaabrje, wie ek it toaniel fan de ferneamde slach fan de Risorgimento (ienwurding fan Itaalje) dêr't Garibaldi ferwûne rekke.

Lang hat de organisearre misdied yn 'e regio sterk oanwêzich west, itjinge tsjintwurdich yn betsjutting ôfnimt .

Provinsjes De regio is opdield yn fiif provinsjes, dy't nei de haadstêden ferneamd binne. Kaart Wapen Provinsje Ofk. Haadstêd Tal gemeenten Ynw. 200px 30px Catanzaro CZ Catanzaro 80 340.67930px Cosenza CS Cosenza 150 668.99230px Crotone KR Crotone 27 160.77530px Reggio di Calabria RC Reggio di Calabria 97 516.60130px Vibo Valentia VV Vibo Valentia 50 149.899

Gemeenten PosysjeWapenGemeenteProvinsjeMetropolitane stêdYnw.Oerflak(km²)130pxReggio CalabriaRC170.567239,04230px CatanzaroCZ 84.415 112,72330px Corigliano-RossanoCS 73.913 346,564 -Lamezia TermeCZ 67.041 162,43530pxCosenzaCS 63.741 37,86630pxCrotoneKR 58.179 179,837-RendeCS 36.462 55,28830pxVibo ValentiaVV 31.032 46,579 -CastrovillariCS 20.734 130,641030pxMontalto UffugoCS 20.095 76,671130pxGioia TauroRC 19.184 39,871230pxAcriCS 18.760 200,631330pxPalmiRC 18.024 32,121430pxSidernoRC 17.562 31,861530pxIsola di Capo RizzutoKR 17.424 126,6516 -Cassano all'IonioCS16.465 159,071730pxSan Giovanni in FioreCS 15.825 282,5318 -TaurianovaRC 14.811 48,5519-PaolaCS 14.690 42,8820 -RosarnoRC 14.369 39,56

Ofbylden

Kategory:Regio fan Itaalje Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1861