Umbrje (Italjaansk: Umbria), "it lân fan Fransiskus fan Assisi", is in regio dy't oprjochte is yn 1948.

Geografy It is in gebiet mei griene, sêft gloaiende heuvels begroeid mei in protte wyngerds en olivekwekerijen mar ek mei in protte ikkers dêr't weet, sûkerbiten, tabak en sinneblommen ferboud wurdt. De regio leit yn Sintraal-Itaalje, yn de delling fan de rivier de Tiber mei de opslachmar Lago di Korbara. Umbrje wurdt ek wol it griene hert fan Itaalje neamd en hat in sêft mediterraansk klimaat mei drûge waarme simmers en kâlde wiete winters. Umbrje grinzget yn it westen oan Toskane (Trasimeenske Mar), yn it easten oan 'e Marken en de Apeninen en yn it suden oan Lazio. It lânskip wurdt skaaimerke troch âlde ommuorre stêdjes op in hichte mei steile strjitsjes, dy't tsjûgen binne fan in rike kultuerskiednis.

Skiednis De regio is ferneamd nei de Umbri, in Latynske stamme dy't yn 'e 6e iuw f.Kr. yn it gebiet wenne. Harren taal wie it Umbrysk, in Italyske taal dy't besibbe is oan it Latyn.

Letter waard de krite oermastere troch de Romeinen en makke it foar mear as tûzen jier diel út fan harren ryk. De stêden groeiden yn 'e midsiuwen út ta foarstedommen, dy't oer de omlizzende gebieten hearsken.

Provinsjes De regio bestiet út twa provinsjes: kaart wapen provinsje ôfk. haadstêd oantalgemeenten200px 35px Perugia PG Perugia 59 35px Terni TR Terni 33

Gemeenten mei mear as 15.000 ynwenners Posysje Wapen Gemeente Provinsje Ynwennertal Oerflak (km²) Befolkingstichtens1° Perugia Perugia 162.575 449,51 361,672° Terni Terni 106.486 211,90 501,283° Foligno Perugia 55.251 264,67208,754° Città di Castello Perugia 38.337 387,32 98,985° - Spoleto Perugia 36.234 348,14 103,65 6° Gubbio Perugia 30.394 525,78 57,817° Assisi Perugia 27.443 187,19 146,618° Corciano Perugia 21.485 63,72 337,189° - Bastia Umbra Perugia 21.190 27,60 767,7510° Orvieto Terni 19.307 281,27 68,6411° - Marsciano Perugia 18.048 161,49 111,7612° Narni Terni 17.826 197,99 90,0313° - Umbertide Perugia 16.305 200,83 81,1914° Todi Perugia 15.724 222,86 70,5615° - Castiglione del Lago Perugia 15.151 205,26 73,81

Ofbylden

Keppeling om utens Offisjeel webstee fan 'e regio Umbrje Umbria (grutte oersjochside mei in protte eigen fotografy en beskriuwings)

Kategory:Regio fan Itaalje Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1948