Foarfallen De beide soannen fan Albrecht, Hindrik en Joaris, jouwe in part fan 200 moargen fan it noch net ynpoldere lân oan harren haadstêd Frjentsjer, om't de stêd by de opstân oan de Saksyske kant bleaun wie. Amerigo Vespucci ferkent Brazylje. Jeroen Bosch skildert de fersiking fan de Hillige Antonius. De Spaanske foarsten karre it stjoeren fan inkele swarte slaven dy't noch út de Moarske tiid yn Spanje wienen nei Amearika goed. Dat is it begjin fan de swarte slavernij yn de Nije Wrâld.
Berne 20 maaie - Isabella fan Eastenryk, Deenske keninginne-gemalinne († 1526) datum ûnbekend Anna Boleyn, keninginne-gemalinne fan Ingelân († 1536)
Ferstoarn
Kategory:16e iuw