Veneto (Fenesiaansk: Vèneto) is in yn 1948 oprjochte regio yn Itaalje. De regio grinzget oan: Eastenryk, Friûly-Julysk Feneesje, de Golf fan Feneesje (Adriatyske See, Middellânske See), Emylje-Romanje, Lombardije en Trentino-Súd-Tiroal. De regio strekt him út fan de Karnyske Alpen yn it noarden oant en mei de rivier de Po yn it suden. Yn it westen wurdt Veneto begrinze troch de Gardamar en de rivier de Minsio, yn it easten troch de Adriatyske See en de rivier de Tagliamento. De haadstêd is Feneesje.
Lânskip Wat it lânskip oanbelanget is Veneto yn trije stikken te ferpartsjen: Geberchte De eastlike Dolomiten en in part fan de súdlike Karnyske Alpen hearre by Veneto. Dat gebiet komt sawat oerien mei de provinsje Belluno. Cortina d'Ampezzo is hjir it wichtichste wintersport- en simmerferbliuwplak. Leechflakte thumb|left|Satellytfoto fan it sintrum fan Feneesje. Yn 'e leechflakte lizze de grutste stêden fan 'e regio: Feneetsje, Verona en Padûa. Fierders is dit in wichtich lânbougebiet, dêr't in protte wyn produsearre wurdt. Besuden fan Padûa en Vicenza wurdt de leechflakte ûnderbrutsen troch in lyts heuveleftich gebiet, de Monti Berici en de Colli Euganei. Kust It grutste part fan 'e kust wurdt yn beslach nommen troch de lagunes en de delta fan 'e rivier de Po. De regionale haadstêd Feneesje is boud op in oantal eilannen yn 'e grutste lagune: de Laguna Veneta. Oan it noardlikste diel fan 'e kust lizze in soad sânstrânen - hjir lizze ek de drokbesochte baaiplakken Jesolo, Bibione en Caorle.
Provinsjes Njonken de metropolitane stêd Feneesje telt de regio noch seis provinsjes. Kaart Wapen Provinsje Ofkoarting Haadstêd Oantal gemeenten 200px Belluno BL Belluno 60 35px Padûa (Padova) PD Padûa 10135px Rovigo RO Rovigo 5035px Treviso TV Treviso 9435px Feneesje (Venezia) VE Feneesje 4435px Verona VR Verona 9835px Vicenza VI Vicenza 113
Gemeenten De regio hat fan 'e 560 gemeenten sechtjin gemeenten mei mear as 30.000 ynwenners (sifers ISTAT 30 juny 2024). De haadstêden fan 'e provinsjes wurde mei fette letter wjerjûn.
+ Gegevens bywurke op 30 juny 2024 Posysje Wapen Gemeente Ynwennertal Oerflak(km²) Oerflak(km²) Provinsjemetropolitane stêd1º30x30px|Stemma Verona255.769198.921.285.79Verona2º30x30px|StemmaFeneesje250.141415.90601.45Feneesje3º30x30px|StemmaPadûa207.45693.032.230.00Padûa4º30x30px|StemmaVicenza110.92180.571.376.70Vicenza5º30x30px|StemmaTreviso85.55355.581.539.28Treviso6º30x30px|StemmaRovigo50.072108.81460.18Rovigo7º30x30px|Stemma Chioggia47.440187.91252.46Feneesje8º30x30px|StemmaBassano del Grappa42.40147.06901.00Vicenza9º-San Donà di Piave41.98078.88532.20Feneesje10º-Schio38.94266.21588.16Vicenza11º30x30px|Stemma Mira37.66499.14379.91Feneesje12º30x30px|Stemma Belluno35.447147.22240.78Belluno13º30x30px|Stemma Conegliano34.44936.38946.92Treviso14º30x30px|Stemma Castelfranco Veneto33.13751.61642.07Treviso15º- Villafranca di Verona33.05257.34576.42Verona16º- Montebelluna31.22449.01637.09Treviso
Trivia Yn 'e regio Veneto wennet ek in Dútsktalige minderheid, dy't Zimbern neamd wurdt.
Ofbylden
Keppeling om utens
Kategory:Regio fan Itaalje Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1948