Trentino-Súd-Tiroal (Italjaansk: Trentino-Alto Adige, Dútsk: Trentino-Südtirol) is in autonome regio yn it noarden fan Itaalje, dy't yn 1947 oprjochte waard. De regio is opdield yn twa provinsjes: Trente en Súd-Tiroal. De provinsje Trente is sawat folslein Italjaansktalich mei lytse Dútske en Ladinyske (Reto-Romaanske) minderheden, wylst de provinsje Súd-Tiroal oer in grutte Dútsktalige mearderheid beskikt.

Fan de bewenners yn de regio sprekt likernôch sechtich persint Italjaansk, sawat fjirtich persint Dútsk en inkele persinten Ladinysk. De Dútsksprekkende minderheid wurdt Zimbern neamd.

Geografy thumb|left|Passo Rolle. Trentino-Súd-Tiroal grinzet oan de Italjaanske regio's Feneto en Lombardije en Eastenryk en Switserlân. Simmers wurdt der in soad dien oan berchbeklimmen en winterdeis is it in drok skygebiet.

Yn de streek lizze in oantal goede wyngebieten, dêr't de unike druvesoarte Lagrein foarkomt.

Provinsjes De regio bestiet út de twa provinsjes Trente en Bolzano. kaart wapen provinsje ôfk. ynwennertal(31.10.2023) haadstêd oantalgemeenten200px Bolzano BZ 535.775 52 Bolzano 50px Trente CB 543.890 166 Trente

Gemeenten Trentino-Súd-Tiroal bestiet út 282 gemeenten (166 yn 'e provinsje Trento en 116 yn 'e provinsje Bolzano). Yn 'e tabel wurde gemeenten mei 10.000 ynwenners neamd.Gids foar de gemeenten, provinsjes en regio's fan Itaalje, 10.10.2024

Posysje Wapen Gemeente Ynwennertal Oerflak(km²) Befolkingtichtens(km²) Hichte(m boppe seenivo) Provinsje1ºcenter|30pxTrente118.886157,54755194TN2ºcenter|30pxBolzano106.56451,972.051262BZ3ºcenter|30pxMerano41.39726,301.574325BZ4ºcenter|30pxRovereto40.04751,87772204TN5ºcenter|30pxBressanone23.00484,91271559BZ6ºcenter|30pxPergine Valsugana21.68454,05401482TN7ºcenter|30pxLaives18.43024,53751255BZ8º Riva del Garda17.85840,7343873TN9ºcenter|30pxArco17.76363,3228191TN10º -Brunico17.14344,96381838BZ11ºcenter|30pxAppiano sulla Strada del Vino14.97258,20257416BZ12ºcenter|30pxLana12.54136,01348310BZ13ºcentro|30pxMori10.20833,25307204TN

Ofbylden

Keppeling om utens Offisjele webstee

Kategory:Regio fan Itaalje Kategory:Tiroal Kategory:Autonome regio Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1948