Foarfallen Yn in Aldfryske Oarkonde wurdt ek de namme Fonte(r)buorren brûkt, it lettere Foutebuorren. 25 july - De Portegeeske seefarder Bartolomeus Diaz fart om Kaap de Goede Hoop (Afrika). Hy rjochtet in krús op yn Diaz punt en Krús punt. Leonardo da Vinci skilderet It Lêste Jûnsmiel 28 april - yn Amsterdam wurdt de earste stien lein foar de Sint Antonyspoarte, de hjoeddeiske Waach. 16 maaie - De Regint Maksimiliaan, fêstholden yn it opstannige Flaanderen, slút in akkoart en mei yn ruil foar gizelers fertrekke. 18 novimber - In opstannich legerke ûnder jonkhear Frans fan Brederode bringt Rotterdam yn Hoekse hannen. Maksimiliaan fan Eastenryk, regint fan de Boergondyske gewesten foar syn minderjierrige soan, furdiget de Ordonnânsje op de Admiraliteit út, dêr't yn de ôfsonderlike oarlochsfloaten fan de seegewesten ûnder ien admiraal steld wurde. Johan Cicero fan Brandenburch fiert as keurfoarst fan Brandenburch de aksyns op bier yn.
Berne 19 maart - Johannes Magnus, Sweedske geastlike († 1544)
Ferstoarn 11 juny - kening Jakobus II fan Skotlân (* 1451) 9 septimber - hartoch Frâns II fan Bretanje (* 1433)
Kategory:15e iuw