Basilikata (ek wol Lûkaanje neamd) is in regio yn it suden fan Itaalje. De regio waard yn 1948 oprjochte. De regio grinzget oan Kampaanje yn it westen, Apûlje yn it easten en Kalaabrje yn it suden. It hat in koarte kuststripe mei de Tyrreenske See en mei de Golf fan Tarente (part fan de Ioanyske See) oan de súdeastkant.
Oer it algemien is de regio bercheftich, mei as heechste punt op de súdlike Apeninen, de Monte Pollino (2.197 m). Monte Fulture, yn de noardwestlike hoeke, is in útdôve fulkaan (1.310 m). Basilikata is nei de regio Aostadelling yn it noarden fan it lân de tinst befolke regio fan Itaalje.
Nijsgjirrichheden thumb|left|Timpel fan Metapontum. Basilikata is in regio dy't noch net echt ûntdekt is troch it toerisme. De meast nijsgjirrichste stêd om te besjen yn de regio is Matera mei har Sassi di Matera, de prehistoaryske grotwenten. Fierders beskikt it gebiet oer in protte karakteristike lytse plakjes krektas Pistissi, Melfi, Verrandina en it ferlitten Craco. Tichtby de Ioanyske kust, mei syn sânstrânen, leit it archeologyske park fan Metaponto mei ruïnes fan in Grykske timpel út de 7e iuw f.Kr.
Provinsjes De regio bestiet út de twa provinsjes Matera en Potenza:
Kaart Wapen Provinsje Ofk. Haadstêd oantal gemeenten 200px 35px Matera MT Matera 31 Potenza PZ Potenza 100
Grutste plakken De grutste plakken neffens ynwennertal (sifers ISTAT desimber 2021) binne: # Plak Ynwennertal Provinsje Hichte(m boppe seenivo) Oerflak(km²)1Potenza64.786PZ819175,432Matera59.869MT401392,093Policoro17.779MT2567,664Melfi17.108PZ530206,235Pisticci16.832MT364233,676Lavello12.996PZ313134,677Rionero in Vulture12.620PZ64353,528Bernalda12.005MT127126,199Lauria11.993PZ430176,6310Venosa10.998PZ415170,3911Avigliano10.708PZ86785,4812Montescaglioso9.194MT365175,79
Ofbylden
Keppeling om utens Offisjele webstee fan de regio Basilikata La Valle del Melandro
Kategory:Regio fan Itaalje Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1948