Foarfallen thumb|right|Maria fan Boergonje 27 maart- Maria fan Boergonje stjert nei in fal fan it hynder. Har trijejierrich soantsje Filips I fan Kastylje folget har op ûnder foudijskip fan syn ûnpopulêre heit Maksimiliaan fan Eastenryk. Syn soantsje en dy syn suske binne lykwols noch altyd yn hannen fan de Gintenaren. De fâdij fan Maksimiliaan falt by Flaanderen en Brabân ferkeard. Hja wolle perfoarst dat der frede mei Frankryk sluten wurdt, mar de foarst fielt net folle foar de ûngeunstige betingsten fan de Frede fan Atrecht te akseptearjen, ûnder oaren omdat dêrmei it hartochdom Boergonje foargoed priisjûn wurdt. 16 july - De Kabbeljauske ruteroanfierder Jan fan Schaffelaar springt fan de toer fan Barneveld. Hy oerlibbet de fal en wurdt likegoed noch troch de Hoeken deamakke.

Berne 29 juny - Maria fan Aragón, keninginne fan Portegal († 1517) datum ûnbekend Janko Douwama, Frysk politikus en frijheidsstrider († 1533)

Ferstoarn Skerne Wibe, de bynamme fan Wijbe Sjoerds van Grovestins út Ingelum 27 maart - Marije de Rike, hartoginne fan Boergonje 16 maaie - Anthonis de Roovere, dichter en prozaskriuwer út Brugge Margarete fan Anjou, frou fan Hindrik VI fan Ingelân en regintesse 17 septimber - Willem III, hartoch fan Lúksemburch (* 1430) Hugo fan der Goes - Nederlânske skilder (* ± 1440)

Kategory:15e iuw