De Fryske derby yn it proffuotbal is de wedstriid tusken SC It Hearrenfean en Cambuur Ljouwert. De klups binne de ienichste twa Fryske proffuotbalklups. Oer it algemien wurdt de Fryske derby beskôge as ien fan de meast oansprekkende fuotbalwedstriden yn Nederlân. Cambuur spilet hjoed de dei yn de Earste difyzje, It Hearrenfean komt út yn de Earedifyzje.
Striid De Fryske derby, of ‘It kampioenskip fan Fryslân’, is mear as in wedstriid op himsels. In oerwinning yn de derby kin, benammen yn de perioade oant de jierren tachtich, in min seizoen goed meitsje. Fierders foarmet de twastriid ek in unyk duel tusken de haadstêd en it plattelân. Nea oars is de striid tusken de haadstêd fan in provinsje en it plattelân dêrom hinne sa grut as yn Fryslân.
Skiednis Yn de begjinperioade fan it fuotbal yn Fryslân bestie dizze derby noch net sa at we dy no kenne. Oare klups út bygelyks De Jouwer (De Koai) en Snits wienen foar It Hearrenfean in wichtiger tsjinstanner, wylst Cambuur yn Ljouwert sels syn derby’s útfocht. Pas nei de ynfier fan it betelle fuotbal yn Nederlân waard de wedstriid tusken It Fean en Cambuur de wichtichste partij fan it seizoen foar de klups.
De earste derby’s De earste offisjele wedstriid tusken It Hearrenfean en Cambuur waard spile op 10 oktober 1937, yn It Hearrenfean. Ljouwert, sa at de klup doe noch hiet wûn de wedstriid mei 3-6. De Ljouwerters wisten pas trije jier letter, yn it seizoen 1940-1941 wer te winnen fan It Hearrenfean. De beide wedstriden yn de kompetysje waarden wûn. Utslaggen dat jier: 2-9 en 9-0 foar Ljouwert. Opfallend binne dizze útslaggen omdat dit midden yn de perioade wie fan it Gouden Hearrenfean mei ûnder oare Abe Lenstra yn de ploech. Nei dizze twa oerwinnings fan Ljouwert soe it leafst 19 ûnderlinge wedstriden duorje foardat Ljouwert dizze konfrontaasje wer ris wûn.
De derby’s yn de Earedifyzje De Fryske derby is op it heechste Nederlânske fuotbal nivo, de Earedifyzje, noch mar seis kear spile. De earste edysje hjirfan waard spile op 8 septimber 1993. It Fean wie yn Ljouwert mei 0-2 te sterk foar Cambuur. De ienichste oerwinning yn de derby fan Cambuur yn de Earedifyzje waard behelle op 18 febrewaris 1994 yn it Abe Lenstra Stadion fan It Hearrenfean. De útslach wie 1-2 foar Cambuur.
Wichtige derby’s Yn de seizoenen fan 1948-1949 en 1949-1950 waard It Fean beide kearen kampioen troch de derby te winnen. Yn 1949 barde dat yn Ljouwert, yn 1950 waard Ljouwert thús ferslein. Yn 1965 spile de Fryske konfrontaasje him ôf yn de Twadde Difyzje. Cambuur, sa’t de klup dat jier foar it earst hiet, waard dat jier op It Hearrenfean kampioen troch mei 0-4 te winnen.
Op Earedifyzjenivo hat de wichtichste wedstriid dy fan 30 april 2000 west. It Hearrenfean wûn mei 0-2 yn it Cambuur Stadion en kwalifisearre him dêrmei foar de Champions League
Stân en útslaggen Kompetysje 1937-1938 SC It Hearrenfean - Ljouwert 3-6 Ljouwert - SC It Hearrenfean 1-1
1938-1939 Ljouwert - SC It Hearrenfean 5-6 SC It Hearrenfean - Ljouwert 2-1
1939-1940 Ljouwert - SC It Hearrenfean 3-6 SC It Hearrenfean - Ljouwert 6-1
1940-1941 SC It Hearrenfean - Ljouwert 2-9 Ljouwert - SC It Hearrenfean 9-0
1941-1942 SC It Hearrenfean - Ljouwert 6-2 Ljouwert - SC It Hearrenfean 2-4
1942-1943 SC It Hearrenfean - Ljouwert 2-1 Ljouwert - SC It Hearrenfean 1-2
1943-1944 SC It Hearrenfean - Ljouwert 7-1 Ljouwert - SC It Hearrenfean 0-4
1945-1946 SC It Hearrenfean - Ljouwert 3-1 Ljouwert - SC It Hearrenfean 1-6
1946-1947 SC It Hearrenfean - Ljouwert 4-1 Ljouwert - SC It Hearrenfean 1-9
1947-1948 SC It Hearrenfean - Ljouwert 6-0 Ljouwert - SC It Hearrenfean 1-2
1948-1949 SC It Hearrenfean - Ljouwert 4-1 Ljouwert - SC It Hearrenfean 0-3
1949-1950 Ljouwert - SC It Hearrenfean 2-3 SC It Hearrenfean - Ljouwert 3-2
1950-1951 Ljouwert - SC It Hearrenfean 3-4 SC It Hearrenfean - Ljouwert 6-2
1952-1953 SC It Hearrenfean - Ljouwert 1-0 Ljouwert - SC It Hearrenfean 6-0
1954-1955 SC It Hearrenfean - Ljouwert 3-2
1956-1957 Ljouwert - SC It Hearrenfean 8-2 SC It Hearrenfean - Ljouwert 3-1
1962-1963 SC It Hearrenfean - Ljouwert 1-1 Ljouwert - SC It Hearrenfean 1-0
1963-1964 Ljouwert - SC It Hearrenfean 1-1 SC It Hearrenfean - Ljouwert 1-1
1964-1965 Cambuur Ljouwert - SC It Hearrenfean 4-1 SC It Hearrenfean - Cambuur Ljouwert 0-4
1970-1971 SC It Hearrenfean - Cambuur Ljouwert 1-0 Cambuur Ljouwert - SC It Hearrenfean 2-1
1971-1972 Cambuur Ljouwert - SC It Hearrenfean 1-2 SC It Hearrenfean - Cambuur Ljouwert 0-0
1972-1973 Cambuur Ljouwert - SC It Hearrenfean 3-1 SC It Hearrenfean - Cambuur Ljouwert 2-01973-1974 SC It Hearrenfean - Cambuur Ljouwert 2-0 Cambuur Ljouwert - SC It Hearrenfean 0-1
1974-1975 Cambuur Ljouwert - SC It Hearrenfean 1-0 SC It Hearrenfean - Cambuur Ljouwert 1-0
1975-1976 SC It Hearrenfean - Cambuur Ljouwert 2-0 Cambuur Ljouwert - SC It Hearrenfean 3-0
1976-1977 Cambuur Ljouwert - SC It Hearrenfean 1-0 SC It Hearrenfean - Cambuur Ljouwert 4-1
1977-1978 SC It Hearrenfean - Cambuur Ljouwert 1-0 Cambuur Ljouwert - SC It Hearrenfean 1-1
1978-1979 Cambuur Ljouwert - SC It Hearrenfean 0-0 SC It Hearrenfean - Cambuur Ljouwert 1-0
1979-1980 SC It Hearrenfean - Cambuur Ljouwert 0-1 Cambuur Ljouwert - SC It Hearrenfean 2-2
1980-1981 SC It Hearrenfean - Cambuur Ljouwert 2-1 Cambuur Ljouwert - SC It Hearrenfean 3-0
1981-1982 Cambuur Ljouwert - SC It Hearrenfean 0-0 SC It Hearrenfean - Cambuur Ljouwert 1-0
1982-1983 SC It Hearrenfean - Cambuur Ljouwert 2-2 Cambuur Ljouwert - SC It Hearrenfean 2-2
1983-1984 SC It Hearrenfean - Cambuur Ljouwert 2-4 Cambuur Ljouwert - SC It Hearrenfean 2-0
1984-1985 Cambuur Ljouwert - SC It Hearrenfean 2-1 SC It Hearrenfean - Cambuur Ljouwert 1-0
1985-1986 SC It Hearrenfean - Cambuur Ljouwert 0-0 Cambuur Ljouwert - SC It Hearrenfean 1-2
1986-1987 Cambuur Ljouwert - SC It Hearrenfean 1-1 SC It Hearrenfean - Cambuur Ljouwert 2-1
1987-1988 SC It Hearrenfean - Cambuur Ljouwert 1-1 Cambuur Ljouwert - SC It Hearrenfean 0-0
1988-1989 Cambuur Ljouwert - SC It Hearrenfean 1-1 SC It Hearrenfean - Cambuur Ljouwert 4-0
1989-1990 Cambuur Ljouwert - SC It Hearrenfean 0-2 SC It Hearrenfean - Cambuur Ljouwert 1-0
1991-1992 SC It Hearrenfean - Cambuur Ljouwert 2-0 Cambuur Ljouwert - SC It Hearrenfean 0-0
1993-1994 Cambuur Ljouwert - SC It Hearrenfean 1-2 SC It Hearrenfean - Cambuur Ljouwert 1-2
1998-1999 SC It Hearrenfean - Cambuur Ljouwert 1-1 Cambuur Ljouwert - SC It Hearrenfean 0-0
1999-2000 SC It Hearrenfean - Cambuur Ljouwert 4-1 Cambuur Ljouwert - SC It Hearrenfean 0-2
KNVB-Beker 1958-1959 SC It Hearrenfean - Ljouwert 1-0 (1e ronde Noard)
1960-1961 SC It Hearrenfean - Ljouwert 2-0 (Groep A) Cambuur Ljouwert - SC It Hearrenfean 3-2 (1e ronde)
1961-1962 SC It Hearrenfean - Ljouwert 1-0 (2e ronde)
1965-1966 Cambuur Ljouwert - SC It Hearrenfean 3-1 (Groep 1)1967-1968 SC It Hearrenfean - Cambuur Ljouwert 0-0 (Groep1)
1992-1993 Cambuur Ljouwert - SC It Hearrenfean 0-3 (3e ronde)
1994-1995 Cambuur Ljouwert - SC It Hearrenfean 1-1 (Groep 1) SC It Hearrenfean - Cambuur Ljouwert 3-2 (2e ronde) Stân + Stân yn de Fryske derby KlupWedstridenWûnLykFerlernFoarSjinSC It Hearrenfean94522121190-137Cambuur Ljouwert94212152137-190
Kategory:SC It Hearrenfean Kategory:Cambuur Ljouwert Kategory:Fuotbal yn Fryslân