thumb|right|200px| Earder wie Drylts yndield yn wiken, bygelyks wyk A. Jo wennen dan yn wyk A op nûmer 10 bygelyks. Yn de fyftiger jierren fan de foarige iuw krigen de strjitten dy't der wiene in namme, yn it Hollânsk. Dêrnei kamen der útwreidingen yn Drylts, kamen der nammen by, neffens dhr. Dull tot Backenhagen soene der ek strjitten wêze dy't eins ferkeard teplak brocht wiene, ûnder oare de Popmawâl. Dy útwreidingen fan Drylts, somtiden in tal nije strjitten yn ien kear: plan De Rôt, plan Cloosterkamp en plan De Iendracht. Dêr, dan, ek in omslach nei Fryske nammen. De strjitten yn plan De Rôt (nei mole de Rôt) binne basearre op fynsten yn 'e grûn dêr, stienark (kling/fjoerslach), in dassenboarch (lykas kninen in hol ha), jagersark út earder tiden, in sânrêch dêr't bewenning west hat, oan de râne fan it fean. Yn plan de Cloosterkamp in tal skipsnammen, type sylskip. In koffe, in pream, in skûte, in smak en in tsjalk. En dan wienen der skipstimmerwerven, lykas dy fan Croles en dy fan Lantinga bygelyks. De Strjitten fan Drylts:

B Bernhardstrjitte - prins Bernhard, man fan keninginne Juliana. Bockemastrjitte - Rienck Bockema, ( ± 1350 - Thabor, 29 febrewaris 1436 ) wie in Fryske haadling yn it gebiet om Snits hinne. Buséstrjitte - meniste dûmny H.J. Busé, fan 1890-1917, mei in soad niget oan histoarje en skriuwer fan it boek "De historische bizonderheden van IJlst", yn 1908 yn eigen behear útjûn.

C thumb|right|200px|Croleskertier Croleskertier - neamd nei de skipstimmerwerf fan de bekende skipsbouwersfamylje Croles yn Drylts dy't earder harren werf hiene op in moai kant perseel grûn oan de Geeuwkade, no nûmer 9. Yn de earste helte fan de 19e iuw waard de werf troch in lid fan de famylje fuortset op de Sânpelsen yn Drylts oant it begjin fan de 20e iuw. De namme Croles waard yn in tal foarmen skreaun, ek wie it Crolis, Carolus en Crolus, fansels in foarnamere namme as dy fan "Krul" of "Krol", ôflaat fan de moaie krullen dy't der komme by it skaven fan hout op de skipswerf fan de famylje.

D De Dassenboarch - nei de fynst fan in dassehoal/-boarch by de oanlis fan de nije wyk de Rôt by Drylts (by archeologysk ûndersyk?). De Finne - strjitte op it plak dêr't it earder in finne wie. De Fjûrslach - hat ek hjir te krijen mei in archeologyske fynst. As jo slagge op in "fjoerstien" komt der in fonkje fan en dêr kinne jo fjoer mei meitsje. De Iendrachtwei - nei de polder dêr't de dyk troch rint, de Iendrachtspolder. De Jagersherne - "herne" is "hoeke". Mei opgravings binne dingen fûn dy't mei de jacht te meitsjen hiene, der hat in prehistoarysk folk húsmanne op in sânrêch oan it wetter dêr't letter Drylts ûntstien is. It fynplak soene jo in hoeke neame kinne dêr't jagers tahâlden, de jagershoeke, de Jagersherne. De Kearnstien - hat net te krijen mei it fjild. It part "kearn" kin wêze it Hollânske "kern", mar ek "kerf". Dus in kearnstien of in kerfstien. It giet ek hjir wer om in fynst by archeologysk ûndersyk by de oanlis fan plan de Rôt. It sil in stien wêze mei in ynkerving, mooglik 'útsliten'. De Kling - in stik ark dêr't de lju fan earder tiid mei wurken, ek fûn by it neamde ûndersyk by de oanlis fan plan de Rôt. De Koffe - type sylskip Koffe De Pream - fartúch Pream De Sânhorst - De earder neamde sânrêch dy't yn earder tiden wat heger yn it lânskip lei en dêrom yn de "wiete" omkriten (fan Drylts) sa dochs plak joech om te wenjen. De Skûte - type sylskip, mar it soe foar itselde in mear algemiene namme foar in skip wêze kinne. Wol is der noch altyd it skûtsjesilen. Mei in skûte/skûtsje waard earder turf, terpmodder en wat net al, ferfierd. De Smak - type skip Smak De Terpen - nei inkelde terpen yn dy omjouwing. De Tsjalk - tsjalk: skip dat in soad fan in skûtsje hat.

E Ekemawâl - Meardere ferklearrings: It soe komme kinne fan it Dryltser slachte Ekema/Ecoma/Ecama. Grutgrûnbesitter Murck Everts Ecama (*1510) wie boargemaster fan Drylts yn 1621, 1628 en 1638. Mei steat ter Admiraliteit yn Dokkum (1630). Heit fan Evert Murcks Ecama (1540 - 1620) In oare útlis is dat yn de omjouwing in "eekmole" stien hat. Dan soe it gean kinne om Douwe Jelles dy't op 20 febrewaris 1724 yn Drylts as menist doopt waard. De man wie "eekmûnder". Yn 1832 wie in saneamde "runmolen" yn eigendom by Lammert Geerts van Dijk?

F Feanrâne - de râne fan it fean. Frisiaplein - ûntliend oan it eardere Frisia redensfabryk op Uilenburch yn Drylts

G Galamagrêft - út it laach Galama Geaukaai - wetternamme De Geau, it wetter tusken Snits en Drylts, beide hawwe in strjitnamme ûntliend oan dit wetter.

H Harinxmawei - slachte Harinx(s)ma. Mooglik Rienck Bockama syn skoansoan. Der sille fan dat slachte yndie leden wenne ha yn Drylts op de saneamde Ylostins. Soks leit tink yn it fiere en skiere ferline. Dat dy persoan dan de titel "eehear" hie, ja, de hearen "by de Ie" (it wetter) fan "ter ie", jo soene harren faaks de "Hearen fan Drylts" neame kinne. Mannen dy't de baas wiene yn Drylts, noch net mei in titel as boargemaster. Hendrik Huizengastrjitte - Namme as earbetoan oan dizze omkommen fersetsstrider. Fan him (en trije oaren) ek in monumint yn Gaasterlân, ûnder Nijemardum/Sondel by de eardere seedyk, no de Iselmardyk dêr't Hendrik deasketten is troch de Dútsers. Holtropwei - famylje Holtrop dêr't guon leden skipsbouwer wiene yn Drylts. De earste hjir wie yn alle gefallen de om 1769 hinne op Haskerdiken berne Eeltje Teerdzes (Teedzes) Holtrop, yn 1793 troud mei Elbrig Sjoerds (de Jong), in dochter fan Sjoerd Sjoukes en Klaaske Gerbens, doopt yn Drylts op 26 novimber 1769. Eeltsje wie skipstimmerman en skipstimmerbaas yn Drylts.

I It Sou - wetternamme It Sou, de wetterferbining tusken Ie op nei Osingahuzen. Iegrêft - Der binne in hiele protte plakken mei in Ie, ferlykje Wâldsein en Dokkum. Fierder binne der yn Nederlân in protte Aa's, allegearre deselde betsjutting. It is yn Drylts in wichtich wetter dat ek wol de Stedsgrêft neamd wurdt. De skippen kamen hjir del fan It Sou ôf of oarsom fan Snits of Boalsert ôf. Oan dit "haad-wetter" fan Drylts is datselde Drylts ûntstien én hat Drylts syn namme oan te tankjen. Der wiene minsken dy't wennen by dit wetter, de Ie / Ee. Hja wennen "ter ie/ee", dat "ter-ie" is byinoar "terie" en de t is in "d" wurden, doe kaam der "d(e)rie(lst/ts)" en úteinlik dan drielst / ijlst / drylts. Dus eins neamd nei it eardere haad farwetter troch Drylts. Dit haad farwetter hie sels twa "bij-farwetters" der omhinne. Dat wiene de beide wetters dy't der lykas bij in minske as "dijen" omhinne leine, de Eastlike Dijgrêrft en de Westlike Dijgrêft. thumb|right|200px|Izeren Helling Izeren Helling - strjitte oan de âlde houtkolk fan houthannel S.O. de Vries, foar de eardere, yn de folksmûle neamde izeren helling, oer. Lykas skreaun by de strjitnamme Croleskertier wie de eardere werf fan de famylje mei dy namme oan de hjoeddeistige Geaukaai. In soan fan dy famylje fêstige him letter oan wat no de Sânpelsen hjit. Dêr wie ynearsten in werf fuort by it hellinghûs (no de Sânpelsen 20). Yn de tiid dat der ek izeren skippen boud wurde moasten en Croles op 'e Sânpelsen dêrta oergie kaam der in helling foar izeren skippen fuort by de Sânpelsen oan it begjin fan de W.M. Oppedykstrjitte. Dy helling krige fan 'e minsken de namme "Izeren Helling". Nei Croles hat ek Zwolsman dêr noch skippen boud.

J Jan Nooitgedagtstrjitte - famylje Nooitgedagt fan Drylts, it fabryk fan Nooitgedagt, it ridskip dêrfan, in grutte wurkjouwer yn Drylts. Jonker Rispensstrjitte - lykas de Harinxma's Eehear / Iehear yn Drylts, mooglik net mear wenjend op de Ylostins, die wie doe al fuort. Neist de titel fan Eehear no ek de namme fan grytman. Fan de famylje sille leden mooglik grytman west ha?. De pleats fan Jansma, no Gosse Beerda, wurdt/waard de Rispensstate neamd. Op in âlde kaart stiet op it plak fan Beerda tekene: " 't Huys Vanden E. Heer Rispens". Yn Van der Aa wurdt neist de stins of it slot Ylostein skreaun: "In het Zuidwesten had men dat van den Edelen Heer Rispens". Julianastrjitte - Keninginne Juliana fan de Nederlannen (1948 - 1980) Jurjen Hoomansstrjitte - Fersetsman, op itselde plak deasketten as Hendrik Huizenga.

L Lantingawerf - nei de eardere werf fan de famylje Lantinga yn Drylts. Yn 1809 kaam skoalmaster Lolke Jacobs Lantinga, berne yn Paasloo, fan Wolvegea ôf yn Drylts. Lolke wie troud mei Jantje Ottes Colée, waans heit herbergier Otte Collee yn desimber 1802 yn De Blesse fermoarde waard troch Jan Hut en syn maten. Lolke en Jantsje harren soan Otte waard berne op 9 febrewaris 1815 yn Drylts en hy troude yn 1837 mei Sijke Bonnes Groenveld fan Drylts. Dizze Otte en syn soan Lolke stean beide yn Drylts te boek as skipstimmerman, troch harren sil de Lantingawerf ûntstien wêze. Mooglik wie de werf op Uilenburg, yn de foartún leit noch in âlde balke (of neimakke) dy't brûkt waard om de skippen op te setten. Dat hout sil in bepaalde namme ha.

M It Mientlân - It mientlân is "mienskiplik lân". Yn earder tiden hiene bygelyks doarpsbewenners, bewenners fan in terp, bûten de terp in stik mienskiplik lân, koene hja allegearre brûke. It wurd "Mient" / Mienskip(skipshûs) / (ge)meente, fan de minsken meiïnoar. Op de earste kadastrale kaart fan 1832, it stik lân yn dizze hoeke, efter de rige huzen oan de Geau, is yn eigendom fan ..... de gemeente/de stêd! De mienskip dus. N Nijesyl - buorskip Nijesyl oan de iggen fan de Wide Wimerts.

O Oranje-Nassauleane - nei it Nederlânske Keningshûs, de Oranje Nassau's.

P Pikpôlewei - it terrein by it tarfabryk fan Troelstra en de Vries de pikpôle neamd. Pik en tar is sa'n bytsje itselde en waard brûkt foar daklear. Popmawâl - In de folksmûle "doktershoek" nei it laach Popma, dus Popmawâl, de wâl / foar in part kaai, grinzjend oan it útein fan de Geau, oan de oare kant de Geaukaai. De doktershoeke is nei dokter Goënga neamd, de heit fan skriuwster Hylkje Goënga dy't dêr yn it brede hûs wenne. By Van der Aa: "Ter plaatse, waar de oude kerk gestaan heeft, vindt men de begraafplaats der Popma's gedekt met zware zerksteenen, met latijsche opschrifte en verzen, doch die door ouderdom onleesbaar zijn geworden. Popmaburen, naam, welken men geeft aan een gedeelte van de stad Ylst, prov. Friesland, kw. Westergoo, en wel dat gedeelte, dat in het noorden van de stad aan de Geeuw gelegen is". En fierder "Ten jare 1770 werd het oude stamhuis van Popma van stadswege aangekocht, en het stadhuis daarmede bijna de helft vergroot; op de bovenverdieping is eene Burgemeester-, Raad- of oude Vroedschapskamer en eene Secretarie; alle fraaije en zeer geschikte vertrekken. Onder heeft men eene kamer voor de supposten en eene gevangenis". "Ylst mag roem dragen op het adellijk geslacht van Popma, dat onderscheidene geleerde mannen heeft geleverd, Auke Popma, met zijn echtgenoot, Jouk van Hettinga, hadden vijf zonen met name Siktus (Sikke), Titus (Tiete), Cyprianus (Sipke), Augustinus (Auke) en Riene".

R Rinnert Anemastrjitte - fersetsstrider Rinnert Anema (*1921) dy't efter Nijemardum oan 'e dyk deasketten is. Rogmolewei - strjitte op it yndustryterrein "Roodhem" ûnder Drylts, neamd nei de yn dy hoeke oan de Geau steande rogmole. Readhimsterwei - yn de hoeke fan it yndustryterrein "Roodhem" neamd nei de polder Reahim dêr't dat terrein oanlein is. De skiednis sil fier yn 'e tiid werom gean, der waard ynpoldere, de eardere Middelsee Stikje by bytsje, wer in dyk der om hinne en ja, dêr wie wer in nij "Him" of in nije polder dy't fansels wer in namme krige. Mooglik wie de poldergrûn hjir wat readeftig fan kleur. Ruterpolderwei - strjitte yn de Ruterpolder dêr't de namme oan ûntliend is. Soe te krijen hawwe kinne mei dat der by't simmer in protte "hea-ruters" stiene dat der in mûne mei de namme "de Ruter" stie.

S