It Stedhûs fan Boalsert is it stedhûs fan de Fryske stêd Boalsert en waard boud tusken 1614-1617, dy't in gebou út 1474 ferfong. It hat de status fan ryksmonumint.

Skiednis De ûntwerper en makker fan it houtfykwurk yn de riedseal wie Jacob Gysbert, de heit fan de Fryske dichter Gysbert Japicx, wylst Abraham Jacobs de timmerman en Marten Dominici de stedsmitselder wiene. It stedhûs waard boud yn de jierren 1614 - 1617. It ferfong in gebou út 1474, dy't in oarspronklike funksje as waach hie. It riedhûs is boud yn de styl fan it Frysk maniërisme. Boppe it trepbordes, dat yn 1768 fernijd waard, sitte boppe de haadyngong trije bylden mei gouden foarwerpen: in waachskeal, in anker en in boek. Dêrboppe noch in byld en in sinnewizer. It gebou hat oan de boppekant fan de foargevel in fries mei in saneamde rolwurkgevel.

It sânstiennen yngongsportaal mei ioanyske pylders yn mariënistyske styl wurde ôfsletten edikula mei dêryn in byld fan de kardinale deugden Iustitia (rjochtfeardigens) dy't flankearre wurdt troch Spes (leauwe) en Fides (hope) en op it ôfslutende fonton Charitas (leafde).

It stedhûs hat in achtkante toer mei in liedklok (1619) fan Hans Falck, in klok (1680) fan Petrus Overney en in beiaard út 1955. Op de grutte klok fan it klokkespul stiet in râneskrift: Tel zorgvuldig de uren welke mijn stem verkondigt: een van die vele zal uw laatste zijn.

Yn it sûterrên stie ek in waach en wie dêrtroch ien fan de Waachgebouwen yn Fryslân dy't yn it stedhûs fêstige wie. Der hinget noch in grutte waachskeal. De finzenpoarte late nei de finzenis boppe yn it gebou.

Yn de perioade 1892 oant 1895 waard it stedhûs restaurearre neffens in plan fan de Rotterdamske arsjitekt Jan Verheul.

Sûnt Boalsert yn 2011 opgie yn de gemeente Súdwest-Fryslân wurdt it gebou hast ner mear brûkt. It pân krige in nije bestimming nei in grutte ferbouwing. Yn 2019 waard de houten opbou fan de toer fuort takele foar weropbou omreden dat it houtwurk troch de bûnte knaachtuorre oantaaste wie. Troch de balken fan it boppeste part fan de toer wie hinne fretten. Yn juny 2021 waard de toer nei it weropbouwen weromset.Boalsert hat syn toer mist. Nei twa jier is de spits werom op it stedhûs Omrop Fryslân, 10 juny 2021

Kultureel sintrum Ein 2021 waard it stedhûs nei in ferbouwing yn gebrûk nommen as gemeentekantoar en it kultureel sintrum De Tiid. Dêr wurde in museum, kafee, biblioteek, gemeenteloket, gemeente-argyf, de âldheikeamer Boalsert en Gysbert Japikshûs yn ûnderbrocht. Sûnt 26 july 2022 is it Titus Brandsma Museum dêr ek yn fêstige.

Fotogalery fan it stedhûs

Kategory:Bouwurk yn Boalsert Kategory:Bouwurk yn Súdwest-Fryslân Kategory:Boalsert (gemeente) Kategory:Waachgebou yn Fryslân Kategory:Earder gemeentehûs yn Fryslân Boalsert)) Kategory:Ryksmonumint yn Boalsert Kategory:Ryksmonumint yn Súdwest-Fryslân Kategory:Bouwurk út 1474 Kategory:Bouwurk sloopt yn 1614 Kategory:Bouwurk út 1617