Foarfallen 9 of 10 febrewaris - Yn 'e Slach by Loch Ryan wurde Aleksander en Tomas fan Bruce, de bruorren fan kening Robert I fan Skotlân, troch Skotske oanhingers fan kening Edwert I fan Ingelân ferslein en finzen nommen (om koart tiid letter eksekutearre te wurden). 7 july - Edwert II wurdt kening fan Ingelân. 13 oktober - Yn Frankryk wurde likernôch 2.000 leden fan 'e Oarder fan de Timpeliers oppakt op befel fan kening Filips IV. 18 novimber - Neffens de leginde sjit de Switserske folksheld Willem Tell op dizze dei, dêrta twongen troch de Dútske lânfâd Albrecht Gessler, in apel fan 'e holle fan syn soan ôf. sûnder datum - Sytsemastate wurdt neamd as wenplak fan Oene Sytsema, grytman fan Ferwerderadiel.
Berne datum ûnbekend greve Willem IV fan Hollân († 1345)
Ferstoarn 10 febrewaris - Malcolm MacQuillan, hear fan Kintyre, Skotsk ealman (* 12??) mids febrewaris - Aleksander fan Bruce, Skotsk ealman en frijheidsstrider (* 1285) mids febrewaris - Tomas fan Bruce, Skotsk ealman en frijheidsstrider (* 1284) mids febrewaris - Reginald fan Crawford, Skotsk ridder en frijheidsstrider (* 12??) 7 july - kening Edwert I fan Ingelân (* 1239)
Kategory:14e iuw