thumb|right|250px|De ûnleauwige Tomas, skildere troch Caravaggio De apostel Tomas (ek wol Judas Tomas Didymus neamd; Galiléa, begjin 1e iuw – Madras, 72) is ien fan de tolve learlingen fan Jezus út it Nije Testamint. Fan him wurdt der sein dat er de skriuwer is fan it apokrive Evangeelje nei Tomas.

Libben Yn it Jehannes Evangeelje 20: 24-29, is beskreaun dat Tomas net leauwe woe dat Jezus út syn grêf opstien wie, oant hy him mei eigen eagen seach. Hjirfan komt de útdrukking ûnleauwige tomas. Tomas wie ek de apostel dy't oan Jezus frege: hoe witte wy it paad? Wêrop Jezus antwurdde: "Ik bin it paad, en de wierheid, en it libben. Nimmen komt ta de Heit as troch my". (Jehannes 14:5-6). Troch syn twifeleftige hâlding krige Tomas de skûlnamme "Didymus", de Twaling.

Neffens de oerlevering soe it Tomas west ha, dy't it evangeelje nei Yndia ta brocht. Hy soe der preke hawwe en de machtige Boedistyske kening Kushan oantroffen. Hy is dêr ek ferstoarn en syn stoflik omskot soe letter meinommen wurde nei Edessa yn Syrje en noch letter fia Grikenlân (Chios) yn Ortona (Itaalje) belânje. Tsjintwurdich rêstet syn lichem dêr noch altyd yn de katedraal.

Syn feestdei is op 3 july. Hy is de patroanhillige fan Sri Lanka, East-Ynje, Yndia, Pakistan, Portugal, Goa, Urbino, Parma, Riga, de Tomas-eilannen, Fatikaanstêd en fierders fan de arsjitekten, de lânmjitters, de timmerlju en alle boufakkers, de stienhouwers, de teologen en de blinen en wurdt oanroppen tsjin pine yn 'e rêch en foar in goed houlik.

Kategory:Apostel Kategory:Ier-kristlik sindeling Kategory:Joadsk persoan yn de Romeinske Tiid Kategory:Persoan yn it Nije Testamint Kategory:Yndiaask biskop Kategory:Roomsk-katolyk biskop Kategory:Persoan dy't de deastraf krigen hat Kategory:Hebriuwsk hillige Kategory:Roomsk-katolyk hillige Kategory:Anglikaansk hillige Kategory:Eastersk-otterdoks hillige Kategory:Eastersk-katolyk hillige Kategory:Koptysk-otterdoks hillige Kategory:Syrysk-otterdoks hillige Kategory:Armeensk-otterdoks hillige Kategory:Nestoriaansk hillige Kategory:Persoan berne yn de 1e iuw Kategory:Persoan stoarn yn 72