thumb|left|Davidstjer thumb|right|Asjkenazyske joaden yn East-Jeropa ein 19e iuw troch Maurycy Gottlieb. De Joaden wienen fan oarsprong in folk fan de eastkust fan de Middellânske See. Ferbûn troch harren eigen unike monotheïstyske leauwen, binne sy troch de iuwen hinne as groep apart bleaun.
Skiednis It Joadske folk libbe te minsten trijetûzen jier yn it Lân fan Israel, dêr't it in monoteïstyske religy ûntwikkele en yn alle gefallen twarris in selsstannige steat foarme (fan 1350 oant 586 f.Kr. en 140 oant 37 f.Kr.). De Joaden waarden troch de Romeinen nei de lêste joadske opstân hast folslein út Palestina ferband en binne sûnt oer de wrâld ferspraat rekke (diaspora) en hawwe sûnt in bestean hân dêr't earmoede, diskriminaasje, ûnderdrukking en útrûging, ôfwiksele waard mei tiden fan kulturele, ekonomyske en yndividuele. Troch de jierren hinne wie de joadske religy, it joadendom, de foarneamste binende faktor foar de joaden, mar gjin eask om ta it joadske folk rekkene te wurden.
Sûnt de opkomst fan it nasjonalisme en de Ferljochting by folkeren om har hinne, hawwe de joaden ek in feroaring ûndergien wêrtroch't in protte harren mear as in etnyske of etno-religieuze mienskip yn oare folken begûnen te beskôgjen. Doe koe it dielnimmen oan alle aspekten fan it maatskiplik libben ek tanimme. Benammen is fan East- en Sintraal-Jeropa út, dêr't it steechste antisemitisme foarkaam, in Joadske nasjonale beweging ûntstien, it Sionisme, dat bydroech oan de groei fan de Joadske mienskip yn it doetiidske Ottomaanske en letter Britske mandaatgebiet Palestina en lang om let oan de stichting fan de steat Israel yn 1948.
Foar de Twadde Wrâldkriich wie it oantal Joaden yn de wrâld sa'n 18 miljoen. Nei de massamoard (Holocaust) troch de nazi's yn de Twadde Wrâldoarloch wiene dêr noch sa'n 12 miljoen fan oer. Hjoed de dei wurdt it tal joaden rûsd op 13,0 oant 14,6 miljoen. At útgien wurdt fan de lege skatting (13,0 miljoen yn 2005) wenje likernôch 5,7 miljoen yn Noard-Amearika (dêrfan 5,3 miljoen yn de Feriene Steaten en 0,4 miljoen yn Kanada), 5,3 miljoen yn Aazje (dêrfan it measte part yn Israel), 1,5 miljoen yn Jeropa (dêrfan 0,5 miljoen yn Frankryk), 0,3 miljoen yn Súd-Amearika, 0,1 miljoen yn Austraalje/Oseaanje en likernôch likefolle yn Afrika.
Joaden yn Fryslân Al yn de Midsiuwen wennen der joaden yn Fryslân. Guon joadske gemeenten neame Fryslân yn harren martyrologium as goa dêr’t joaden yn 1350 útrûge waarden. thumb|De synagoge yn Snits De earste oanwizing foar joaden yn Fryslân is de ynskriuwing fan Israhel Kistemaecker yn it boargerboek fan Frjentsjer yn maart 1539. Nei 1600 begjinne fernijings oer joaden faker foar te kommen. Yn 1634 pachte in David Provana de lienbank fan Warkum en in 1645 hjit it pronvinsjaal betsjoer registraasje fan joaden. Sa binne der noch wol in stikmannich fernijings. Yn de 18e iuw nimt it tal joaden yn Fryslân ta. Schudt seit yn Jüdische Merkwürdigkeiten dat der joaden yn Makkum, Boalsert en Dokkum wenje, mar ek yn Surhústerfean, Noardwâlde en de stêd Frjentsjer wiene hja al ier fêstige. Dizze ymmigranten kamen faak út East-Fryslân en omkriten. Somtiden lei de oerheid beheinings oan de ymmigranten op, benaud at er wie foar besmetlike syktes, tanimmende earmoed en ek wol ut oare ekonomyske motiven. Skerpe maatregels waarden lykwols meast net útfierd. De magistraat kaam benammen joadske keaplju mei in fêst wenplak earder yn’e mjitte. Fierderop yn de 18e iuw wurdt de hâlding foar joaden oer noch wat mylder. De Tegenwoordige Staat van Friesland sprekt dan ek fan de Jood, die alle voorrechten en bescherming als alle andere ingezetenen geniet.
Yn de Frânske tiid wiene de Provisjonele Representanten fan Fryslân by de earsten dy’t har fersetten tsjin it útsluten fan joaden fan de nije boargerlike gelikens, dêr’t it Amsterdamske genoatskip ‘Felix Libertate’ tige wiis mei wie. Yn de 19e iuw nimt it tal joaden ta. Yn 1796 binne it 630 (Ljouwert: 354); yn 1811 1018 (Ljouwert: 615); yn 1830 1555; yn 1879 it maksimum 2203 (Ljouwert:1114). Yn 1930 binne der noch 907 dêr’t nei de Twadde Wrâldkriich noch 120 fan oer bleaune.
Yn de 19e iuw wiene der joadske gemeenten yn Ljouwert, Harns, De Gordyk, Snits, Boalsert, It Hearrenfean, Hylpen en De Lemmer. Yn 1930 wiene der noch seis en yn 1940 noch fjouwer gemeenten. De gemeente fan Ljouwert wie fierwei de grutste en ekonomysk wichtichste, dan folgen de gemeenten fan Harns en De Gordyk. Ljouwert hie fan sirka 1700 ôf de sit fan it opperrabbinaat, faak beset fan mannen dy’t wat te betsjutten hienen, sa as de rabbinen Berenstein, Löwenstamm en Dusnus. De bekende opperrabbyn Samuel Azarja Rudelsheim (1869-1918) hat ek yn Ljouwert stien.
Literatuer , Joods leven in Friesland. Utj. Bornmeer 1995/2010.
Sjoch ek Joadske gemeente yn De Gordyk Joadske gemeente yn Frjentsjer Joadske gemeente Ljouwert List fan opperrabinen fan Fryslân Israelyske Joaden
Kategory:Joadendom Kategory:Semitysk folk Kategory:Skiednis fan Fryslân Kategory:Etnyske groep yn Aazje Kategory:Etnyske groep yn Jeropa Kategory:Etnyske groep yn Afrika Kategory:Etnyske groep yn Albaanje Kategory:Etnyske groep yn Algerije Kategory:Etnyske groep yn Andorra Kategory:Etnyske groep yn Armeenje Kategory:Etnyske groep yn Azerbeidzjan Kategory:Etnyske groep yn Bachrein Kategory:Etnyske groep yn Belgje Kategory:Etnyske groep yn Bosnje-Hertsegovina Kategory:Etnyske groep yn Bulgarije Kategory:Etnyske groep yn Denemark Kategory:Etnyske groep yn Dútslân Kategory:Etnyske groep yn Eastenryk Kategory:Etnyske groep yn Egypte Kategory:Etnyske groep yn Estlân Kategory:Etnyske groep yn Etioopje Kategory:Etnyske groep yn Finlân Kategory:Etnyske groep yn de Feriene Arabyske Emiraten Kategory:Etnyske groep yn it Feriene Keninkryk Kategory:Etnyske groep yn Frankryk Kategory:Etnyske groep yn Fryslân Kategory:Etnyske groep yn Georgje Kategory:Etnyske groep yn Gibraltar Kategory:Etnyske groep yn Grikelân Kategory:Etnyske groep op Guernsey Kategory:Etnyske groep yn Hongarije Kategory:Etnyske groep yn Ierlân Kategory:Etnyske groep yn Irak Kategory:Etnyske groep yn Iran Kategory:Etnyske groep yn Yslân Kategory:Etnyske groep yn Israel Kategory:Etnyske groep yn Itaalje Kategory:Etnyske groep yn Jemen Kategory:Etnyske groep op Jersey Kategory:Etnyske groep yn Jordaanje Kategory:Etnyske groep yn Katar Kategory:Etnyske groep yn Kazachstan Kategory:Etnyske groep yn Kirgyzje Kategory:Etnyske groep yn Koeweit Kategory:Etnyske groep yn Kosovo Kategory:Etnyske groep yn Kroaasje Kategory:Etnyske groep yn Letlân Kategory:Etnyske groep yn Libanon Kategory:Etnyske groep yn Litouwen Kategory:Etnyske groep yn Lúksemboarch Kategory:Etnyske groep yn Lybje Kategory:Etnyske groep yn Lychtenstein Kategory:Etnyske groep op Malta Kategory:Etnyske groep op Man Kategory:Etnyske groep yn Marokko Kategory:Etnyske groep yn Moldaavje Kategory:Etnyske groep yn Monako Kategory:Etnyske groep yn Montenegro Kategory:Etnyske groep yn Nederlân Kategory:Etnyske groep yn Noard-Masedoanje Kategory:Etnyske groep yn Noarwegen Kategory:Etnyske groep yn de Oekraïne Kategory:Etnyske groep yn Oezbekistan Kategory:Etnyske groep yn Oman Kategory:Etnyske groep yn Palestina Kategory:Etnyske groep yn Poalen Kategory:Etnyske groep yn Portegal Kategory:Etnyske groep yn Roemeenje Kategory:Etnyske groep yn Ruslân Kategory:Etnyske groep yn San Marino Kategory:Etnyske groep yn Saûdy-Araabje Kategory:Etnyske groep yn Servje Kategory:Etnyske groep yn Sina Kategory:Etnyske groep op Syprus Kategory:Etnyske groep yn Sloveenje Kategory:Etnyske groep yn Slowakije Kategory:Etnyske groep yn Spanje Kategory:Etnyske groep yn Sweden Kategory:Etnyske groep yn Switserlân Kategory:Etnyske groep yn Syrje Kategory:Etnyske groep yn Tadzjikistan Kategory:Etnyske groep yn Tsjechje Kategory:Etnyske groep yn Tuneezje Kategory:Etnyske groep yn Turkije Kategory:Etnyske groep yn Turkmenistan Kategory:Etnyske groep yn Wyt-Ruslân