The Tuxedo is in Amerikaanske spionaazje-aksjekomeedzje mei science fiction-eleminten út 2002. De film stie ûnder rezjy fan Kevin Donovan, en de haadrollen waarden fertolke troch Jackie Chan en Jennifer Love Hewitt. De titel betsjut "De Smoking". It ferhaal folget de knoffelige taksysjauffeur Jimmy Tong, dy't oannommen wurdt as privee-sjauffeur fan geheim agint Clark Devlin. Dyselde hat in smoking dy't him by steat steld ta alderhanne ûnreälistyske dingen. Wannear't Devlin by in mislearre moardoanslach tydlik útskeakele wurdt, docht Jimmy de smoking oan om syn baas te ferfangen. Tegearre mei geheim aginte Del Blaine moat er in saak oplosse oangeande de fersmoarging fan alle drinkwetterfoarrieden fan 'e wrâld. The Tuxedo krige fan 'e filmkritisy oer it algemien negative resinsjes, mar wie yn 'e bioskopen in beskieden kommersjeel súkses.

Plot Jimmy Tong is in Amerikaanske taksysjauffeur fan Sineesk komôf, dy't berucht is om syn hurde riden en syn fermogen om syn klanten altyd op 'e tiid op har bestimming ôf te leverjen (as it harren net deart om ûnderweis deadseangsten út te stean). Troch dy reputaasje wurdt him in baan as privee-sjauffeur oanbean foar de mysterieuze en tige rike Clark Devlin. It salaris is fjouwer kear wat er as taksysjauffeur fertsjinnet, dat dêr hoecht Jimmy net lang oer nei te tinken. It is him net alhiel dúdlik wat syn nije baas no eins foar de kost docht, mar Devlin is in sympatike keardel, dy't freonskiplik mei syn tsjinstfolk omgiet. Der is mar ien regel dêr't Jimmy him beslist oan hâlde moat: reitsje nea, mar dan ek nea, de smoking fan Devlin oan. Sa feardich as Jimmy efter it stjoer is, sa knoffelich is er yn 'e omgong mei froulju. It duorret net lang ear't Devlin dat begrepen hat, dat hy jout Jimmy goerie oer hoe't er de tsjeppe Jennifer, in frommeske dat yn in keunstgalery wurket en op wa't Jimmy al langer in eachje hat, foar him winne kin.

Wat Jimmy mar net foar it ferstân kriget, is dat Devlin in geheim agint is dy't wurket foar de (fiktive) Amerikaanske feilichheidstsjinst CSA. Hy is op 't heden behelle yn in ûndersyk nei in Dietrich Banning, in megalomane mineraalwetterprodusint, dy't plannen hat om 'e hiele wrâld te twingen syn produkt te drinken. Agint Wallace, de partner fan Devlin, wie undercover gien yn it fabryk fan Banning, mar is fermoarde weromfûn. Banning-en-dy hawwe Devlin ek yn it fizier en besykje him op ûnwierskynlike wize te deadzjen mei in selsridende autobom. Sawol Devlin as Jimmy oerlibje dy moardoanslach, mar Devlin rekket ferwûne oan 'e holle. Hy bliuwt langernôch by bewustwêzen om Jimmy opdracht te jaan om him ûnder in skûlnamme yn it sikehûs opnimme te litten, en him syn bysûndere horloazje oer te dragen, dêr't de smoking mei oanstjoerd wurdt. Yn it sikehûs kriget Jimmy fan 'e ferpleechkundigen in bryfke mei foar him ûnbegryplike notysjes oer de saak-Banning, dat de tsjin dy tiid bewusteleas rekke Devlin yn 'e hân klamme hold. De dokters hâlde Devlin neitiid foar syn eigen sûnens in pear wiken yn koma.

Mei't Jimmy net begrypt dat Devlin in geheim agint is, hat er likemin foar it ferstân dat de saak-Banning wol troch oare aginten oppakt wurde sil. Ynstee mient er dat it oan him is om 'e rinnende saken fan Devlin te beävensearjen. Syn earste stap op dat paad is om yn 'e kunde te kommen mei de smoking, in e-tekstyl dat troch kontakt te lizzen mei it senuwstelsel fan 'e drager dyselde dingen dwaan litte kin dy't er nea leard hat te dwaan. Jimmy wurdt dêrtroch fan it iene op it oare momint in master yn Easterske fjochtsporten, dûns en akrobatyk, kin ekstreem hurd drave, by fertikale wanden op klimme, oan it plafon hingje, fjoerwapens yninoar sette en útinoar helje, skerpsjitte en sa mear. Mar allinnich as er de tiid hat om op it horloazje de spesifike feardichheid yn te stellen dêr't er op dat stuit ferlet fan hat.

Del (koart foar Delilah) Blaine, in aginte fan 'e CSA dy't Devlin noch nea moete hat, nimt fia de telekommunikaasjefunksje fan it horloazje kontakt op mei Jimmy, dy't se foar Devlin hâldt. Sy is oanwiisd as syn nije partner yn it ûndersyk nei Banning. Jimmy beslút om gebrûk te meitsjen fan 'e persoansferwikseling om út te finen wat Del fan syn baas wol. Foar Del is it har earste fjildmisje. Tegearre geane se op 'en paad om te spionearjen by in moeting dy't Banning belein hat mei de liedende drinkwetterprodusinten fan 'e Feriene Steaten. Se wurde ûntdutsen troch de trewanten fan Banning en witte nei in stikmannich brike setten te ûntkommen. Del is oan 'e ein fan it útstapke folslein betize oer it ferskil tusken it amateuristyske hâlden en dragen fan Jimmy sels en it profesjonele gedrach wannear't de smoking it fan him oernimt.

Op in twadde misje giet it duo nei in hotel dêr't Banning en syn freondinne Cheryl ferbliuwe. Yn 'e hotelbar is in optreden fan sjonger James Brown, dy't yn syn klaaikeamer by fersin troch in smoking-oanstjoerde Jimmy knock-out slein wurdt. Mar Jimmy stelt it horloazje yn op "sjongen en dûnsjen" en ferfangt Brown by it optreden mei súkses. Neitiid dûnset er mei Cheryl, dy't him wol sitten sjocht, wylst Del mei Banning sels oanpapket. It smyt net folle brûkbere ynformaasje op, mar Jimmy kriget wol in útnûging foar in besyk oan Cheryl har hotelkeamer. Yn 'e hoop dat se yn beslettenheid mear fan 'e plannen fan har frijer priisjaan wol as middenmank it folk yn hotelbar, giet Jimmy nei har keamer, mar Cheryl is inkeld út op seks en skuort him de smoking fan it liif. Op dat stuit kringe in pear fan Banning syn trewanten de hotelkeamer binnen. Jimmy wit krekt op 'e tiid syn broek wer op te lûken, wêrnei't er de mannen mei inkeld syn fuotten útskeakelet. Underwilens besiket in oare trewant fan Banning om Del yn it swimbad fan it hotel te ferdrinken. Jimmy rêdt har heal by fersin wannear't er ien fan syn tsjinstanners út it finster fan 'e hotelkeamer skopt, dy't krekt op Del har oanfaller delkomt.

By in trêde misje ynfiltrearje Jimmy en Del in feest op it lângoed fan Banning, dêr't se einlings en te'n lêsten wat foarútgong mei it ûndersyk boeke as se ûnder in swimbad in geheime kelder ûntdekke, dêr't it laboratoarium fan Banning en syn haadwittenskipper dr. Simms fêstige is. Underwilens fynt Del har kollega Steena lang om let út dat Del net mei Devlin mar mei syn sjauffeur op 'en paad is. Del, dy't fermoedet dat Jimmy har misjes mei opsetsin besiket te sabotearjen, pakt him de smoking ôf, wêrnei't Jimmy yn syn ûnderguod nei hûs moat. Del jout neitiid de smoking fan Devlin oan Banning om him derfan te oertsjûgjen dat sy nei syn organisaasje oerrinne wol.

Yn 'e filla fan Devlin ûntdekt Jimmy, by it ynpakken fan syn besittings om werom te kearen nei syn bestean as taksysjauffeur, in nij pak tusken syn klean. It blykt in kado fan Devlin te wêzen, dy't it foar him meitsje litten hat troch deselde lju dy't syn smoking ûntwurpen hawwe. Jimmy klaait him yn it nije pak, dat in wat ienfâldigere ferzje fan 'e smoking is. Troch ferskate isolearre stikjes ynformaasje fan syn misjes mei Del Blaine te kombinearjen, kriget er foar it ferstân dat Banning fan doel is om al it drinkwetter yn 'e wrâld ûnbrûkber te meitsjen troch de yntroduksje fan baktearjes. Dy moatte derfoar soargje dat it drinken fan it wetter gjin toarst mear dwêstget, mar ynstee útdrûgingsferskynsels feroarsaket. Dêrtroch hat de hiele wrâldbefolking dan gjin oare kar mear as om it mineraalwetter fan Banning te keapjen. De fersprieding fan 'e baktearjes moat útfierd wurde troch reedriders, oer it wetter glydzjende ynsekten dy't Simms foar Banning yn syn laboratoarium kweekt.

Jimmy set yn syn nije pak werom nei it lângoed fan Banning om him tsjin te hâlden. Dêr hat Del ûnderwilens te betiid har momkape fan oerrinner falle litten om't se rekkene op 'e oankomst fan fersterkings fan 'e CSA. Mar dy hawwe noch tweintich minuten nedich om it lângoed fan Banning te berikken. Yn 'e tuskentiid wol Banning de kweekte reedriders loslitte. Jimmy giet it gefjocht mei him oan, mar de smoking fan Devlin, dy't Banning no draacht, is superieur oan syn nije pak. Uteinlik hat Banning syn hannen om 'e kielen fan Jimmy en Del en besiket er harren tagelyk te smoaren. Mar Jimmy betinkt in list, om't er earder murken hat dat de smoking, yn 'e neite fan in dame dy't in nije sigaret yn 'e mûle docht, syn drager automatysk twingt om har in fjurke te jaan. Dat, Jimmy stoppet Del in sigaret yn 'e mûle; dêrop twingt de smoking Banning om Jimmy los te litten, sadat er Del in fjurke oanbiede kin. Dat jout Jimmy de mooglikheid om los te kommen en Banning tydlik út te skeakeljen. Yn in dêropfolgjend besykjen om 'e keninginne fan 'e reedriders te fangen, slacht Jimmy it bistke by fersin yn 'e mûle fan in wer oerein kommende Banning. De oare reedriders folgje de keninginne en fleane de mûle fan Banning binnen. Se yntrodusearje de baktearjes yn syn lichem sadat er fan útdrûging stjert.

As alle trelit foarby is, arrivearje de fersterkings fan 'e CSA om dr. Simms en de oare trewanten fan Banning op te pakken. As beleanning foar syn help betinget Jimmy dat de CSA him assistearje sil om Jennifer fan 'e keunstgallery om in ôfspraakje te freegjen. Der wurdt in hiele operaasje optuge om him te helpen, dy't ûnder lieding stiet fan in ûnderwilens wer opbettere Devlin. Alle mooglike lju dy't Jimmy dwerseidzje kinne, lykas de agressive fytsboadskipper dêr't Jimmy it earder mei oan 'e stôk krige, of de sarkastyske galery-eigner, wurde troch CSA-aginten útskeakele. Nettsjinsteande dat wit Jimmy it spul dochs noch te ferknoffeljen en lit er Jennifer efter yn 'e oertsjûging dat er in geastlik steurde fiislak is. Del treastget Jimmy neitiid en besiket him goerie te jaan oer froulju. Jimmy kriget in nij idee en prebearret har rie út op harsels. Del is ferrast, mar net ûnwillich, dat se sette tegearre ôf op in ôfspraakje om tegearre in kopke kofje te drinken.

Rolferdieling

haadrollen personaazje                                   akteur/aktrise Jimmy Tong Jackie Chan CSA-aginte Del Blaine Jennifer Love Hewitt

byrollen personaazje akteur/aktrise       Dietrich Banning Ritchie Coster CSA-agint Clark Devlin Jason Isaacs CSA-aginte Steena Debi Mazar dr. Simms Peter Stormare Cheryl Mia Cottet CSA-direkteur Winston Chalmers Bob Balaban CSA-agint Joel Christian Potenza Mitch Romany Malco Rogers Daniel Kash Kells Jody Racicot Vic Boyd Banks CSA-agint Wallace Scott Wickware CSA-aginte Randa Karen Glave CSA-agint Gabe Scott Yaphe galerywurknimster Jennifer Cécile Cristobal galery-eigner Colin Mochrie fytsboadskipper Noah Canby swarte ferpleechkundige Kim Roberts himsels James Brown

Produksje en distribúsje Produksje The Tuxedo waard regissearre troch Kevin Donovan nei in senario fan Michael J. Wilson en Michael J. Leeson op basis fan in idee fan Wilson sels, Phil Hay en Matt Manfredi. As produsinten wiene Adam Schroeder en John H. Williams by it projekt belutsen foar de filmstudio's DreamWorks Pictures, Blue Train Productions en Parkes/MacDonald Productions. Foar de film wie in budget beskikber fan $60 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Stephen F. Windon, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Christophe Beck en John Debney.

Opnamen De opnamen foar The Tuxedo setten yn septimber 2001 útein en duorren oant yn jannewaris 2002. De film waard yn syn gehiel opnommen yn 'e Kanadeeske stêd Toronto en omkriten. Casa Loma, in útwrydske filla yn 'e barokke Gothic Revival-boustyl, gie sawol wat eksterieur as ynterieur oanbelanget troch foar de wente fan CSA-agint Clark Devlin, de baas fan Jimmy. De sênes yn it laboratoarium fan Banning en dr. Simms waarden filme yn it R.C. Harris Wettersuveringsbedriuw. En it Parkwood Estate yn Oshawa, in foarstêd fan Toronto, waard brûkt as setting foar de sênes op it lângoed fan Banning.