De Nijseelânske bûnte strânljip (Haematopus finschi) is in fûgel út de famylje fan 'e strânljipfûgels dy't foarkomt yn Nij-Seelân.
Skaaimerken De Nijseelânske bûnte strânljip is in typyske strânljip. Hy is swart-wyt mei in lange oranje-reade snaffel en reade poaten. De lichemslingte is 46 sintimeter en de spanwiidte is 80-86 sintimeter.
De Nijseelânske bûnte strânljip liket in soad op 'e swart-wite morf fan 'e Nijseelânske swarte strânljip (Haematopus unicolor). Dochs binne der in oantal ferskillen:
Skaaimerk Haematopus finschi220px Swart-wite morf fan Haematopus unicolor220px Algemiene yndruk Slanker en eleganter Krêftiger en kompakter Boarsttekening Faak in dúdlik ôfbeakene swarte boarstbân Mear fariabel; swart kin ûnregelmjittich oer it boarst en de siden rinne Boppekant Relatyf mear wyt op 'e rêch en skouders Faak donkerder mei minder útsprutsen wyt Underkant Meastentiids helder wyt Wyt kin minder útwreide wêze Snaffelfoarm Relatyf lang en slank Koarter en swierder Poaten Faak wat ljochter rôze Faak donkerder rôze oant fleiskleurich Habitat yn briedtiid Faak ek ynlânsks: greiden, ikkers en grintôfsettings rivieren Mear bûn oan 'e kust: rotskusten, strannen en estuaria Habitat bûten briedtiid Estuaria, slikken en kustgebieten; geregeld yn gruttere groepen Benammen kustgebieten; faker yn pearen of lytse groepen Fersprieding Fral op it Sudereilân fan Nij-Seelân Om hiel Nij-Seelân hinne
Fersprieding en systematyk De soarte briedt yn heechlizzende gebieten op it Sudereilân fan Nij-Seelân en oerwinteret op it Noardereilân. Hy is ek wolris waarnommen op Norfolk-eilân, Lord Howe-eilân en oan 'e eastkust fan Austraalje.
Sibskip Oer de soartestatus fan 'e Nijseelânske bûnte strânljip gjin ienriedigens. Hy wurdt behannele as ûnderdiel fan sawol de Australyske bûnte strânljip as de Nijseelânske swarte strânljip, en hybridisearring mei dy lêste is fêststeld. Hy wurdt ek wol sjoen as in isolearre populaasje fan 'e Jeropeeske en Aziatyske strânljip (H. ostralegus).
Hâlden en dragen De Nijseelânske bûnte strânljip briedt ynlânsk om rivierbêdingen hinne, yn lânbougebieten, oan iggen fan marren, op iepen gersflakten en yn 'e subalpine tûndra. Winterdeis wurdt er oan 'e kust sjoen op strannen, yn estuaria en op waadflakten sjoen. Lykas oare strânljippen libbet er fan weakdieren en wjirms. Hy briedt yn in útskrabbe kûltsje op in rivierbank fan keizelstjientsjes of op yn 'e greide. Dêryn leit it wyfke twa en bytiden trije, brune aaien mei donkere plakjes. Beide skaaien briede de aaien yn 24 oant 28 dagen út.
Status De IUCN kategorisearret de soarte as net bedrige (Least Concern). De populaasje gie yn 'e 19e en iere 20e iuw efterút, mar nei't de soarte yn 1940 wetlik beskerme waard naam it tal fûgels earst wer ta. Yn resintere tiid wurdt lykwols op 'e nij in ôfnimmende populaasjetrend fêststeld. Yn 2002 waard de wrâldpopulaasje rûsd op 110.000 fûgels.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Strânljip Kategory:Lânseigen fauna yn Nij-Seelân