De Amerikaanske bûnte strânljip (Haematopus palliatus), soms ek de Amerikaanske strânljip neamd, is in lid fan 'e famylje fan 'e strânljipfûgels (Haematopodidae). De hjoeddeiske populaasje fan 'e Amerikaanske bûnte strânljip wurdt op 50.000 oant 99.999 folwoeksen eksimplaren rûsd. De fûgel is te werkennen oan syn swart-wite lichem en in lange, tsjokke oranje snaffel.

Beskriuwing thumb|left|Fleanende Amerikaanske bûnte strânljip. De Amerikaanske bûnte strânljip hat in opfallend swart-wyt fearrekleed en in lange, feloranje snaffel. De kop en it boarst binne swart, wylst de rêch, de wjukken en de sturt grizeftich-swart binne. De ûnderkant is wyt, lykas ek de fearren op it binnenste diel fan 'e wjuk, dy't sichtber wurde as de fûgel fljocht. De iris is giel en it each hat in oranje eachring. De poaten binne rôze. Folwoeksen fûgels binne tusken de 42 en 52 sm lang.

Fersprieding en systematyk De Amerikaanske bûnte strânljip libbet oan 'e Atlantyske kust fan Noard-Amearika fan Massachusetts oant noardlik Floarida, dêr't er ek oan 'e Golfkust fûn wurdt, yn it Karibysk gebiet, en nei it suden ta oant Brazylje, Oerûguay en Argentynje. Hy komt ek foar oan 'e kust fan 'e Stille Oseaan yn Kalifornje, Meksiko, Midden-Amearika, Perû en Sily. Yn it noarden fan it ferspriedingsgebiet ferdwûn de fûgel nei slimme jacht yn 'e 19e iuw, ,mar nei beskerming wreide it ferspriedingsgebiet him wer út nei it noarden ta, wêrby't histoarysk habitat oan 'e noardeastlike kust op 'e nij kolonisearre waard. Yn 'e briedtiid binne dizze fûgels te finen oan 'e Atlantyske en Golfkusten fan Massachusetts oant Argentynje en Sily. Winterdeis ferbliuwe se yn groepen oan 'e kust fan Sintraal-Nij-Jersey oant de Golf fan Meksiko.

Der wurde twa ûndersoarten erkend:

H. p. palliatus: fan 'e súdeastlike Kanadeeske kust en de eastlike kust fan 'e Feriene Steaten oant súdlik Súd-Amearika en West-Ynje. H. p. galapagensis: De Galapagoseilannen.

Habitat Yn 'e briedtiid kin de Amerikaanske bûnte strânljip fûn wurde yn kusthabitat lykas sân- of skulpstrannen, dunen, sâltwettersompen, eilannen, waadgebieten en opspuite eilannen fan bagger, sân of grint. By de trek en yn 'e winter sykje se harren iten op waad of sâltwettersompen, dy't troch it tij bleatlein wurde. Ek binne se yn dy tiid op skulpstrannen te finen.

Hâlden en dragen Iten Strânljippen briede op strannen op kust-eilannen en fiede harren mei ynvertebraten. De grutte, swiere snaffel wurdt brûkt om skulpen, oesters en moksels iepen te skuorren, mar se ite ek see-ychels, seestjerren, krabben en wjirms. Strânljippen briede in nêst fan twa of trije aaien út. Se sykje by it foerazjearjen nei weakdieren mei in foar in part iepen skulp en stekke harren snaffel yn 'e skulp en snije de spier troch dy't de skulp ticht hâldt. Dat kin lykwols nuodlik wêze en it komt foar dat de fûgel ferdrinkt as se de spier net hielendal trochsnije en de skulp de snaffel fêstset. In sterke, fêstgroeide skulp kin de fûgel op it plak hâlde oant it tij opkomt.

Briedgedrach Amerikaanske bûnte strânljippen briede foar it earst as se 3 oant 4 jier âld binne. By it hôfmeitsjen rinne de fûgels meiïnoar en meitsje se in ienfâldich fluitsjend lûd. Dat giet oer yn it nei inoar ta bûgjen, it útrikken en leger hâlden fan 'e nekke, en it njonken inoar drave wylst se roppe. It pear kin dan ynienen opfleane en yn in krappe formaasje om harren territoarium hinne fleane. thumb|left|Aaien. Amerikaanske bûnte strânljippen briede tusken april en july. Harren nêsten binne ûndjippe kûltsjes yn it sân. Briedende fûgels meitsje wol fiif of mear fan sokke kûltsjes en kieze der dan ien út om te beklaaien mei skulpen en/of keizelstientsjes. Dizze kûltsjes binne sawat 20 sm breed en 6,4 sm djip. In wyfke leit 2 oant 4 aaien it nêst. De aaien binne griis en spikkelich mei donkerbrún. Hoewol't de aaien goed kamoeflearre binne, binne se kwetsber foar predaasje troch waskbearen, coyotes, stjonkdieren, kobben, krieën, rotten en foksen. Yn Floarida kinne de aaien of piken opfretten wurde troch ynvasive slangen lykas pytons en boa's. Beide âlden wikselje inoar 25 oant 27 dagen ôf by it brieden.

Piken Nei it útkommen binne piken bedutsen mei brún dûns. Se kinne dêrnei al yn twa oant trije oeren rinne. Nei sawat 35 dagen kinne se fleane, mar se binne ek dêrnei noch ôfhinklik fan 'e âlden foar iten, om't it wol 60 dagen duorje kin foardat de snaffel sterk genôch is om skulpdieren iepen te wringen. Yn dy tiid wurde de taken fan 'e soarch foar de jongen lyk ferdield tusken de âlden.

Piken yn ferskillende groeifazes.

Status Yn 'e 19e iuw waard de Amerikaanske bûnte strânljip hast útroege troch de jacht op fearren en aaien. De soarte hat him lykwols foar in wichtich part wersteld nei de ynfiering fan 'e Migratory Bird Treaty Act yn 1918. De IUCN klassifisearret dizze soarte as net bedrige (Least Concern). De redenen dêrfoar binne dat de fûgel in hiel grut ferspriedingsgebiet hat en dat de populaasje stabyl liket (en yn 'e Feriene Steaten yn guon gebieten sels tanimt), wylst der ek gebieten binne dêr't de soarte ôfnimt. De fûgel is kwetsber foar habitatferlies troch kustûntwikkeling en it stiigjen fan 'e seespegel. Ek wurde se bedrige troch fersmoarging, syktes en invasive soarten. Yn 2018 rûsde de American Bird Conservancy de populaasje op 43.000 yndividuen; de meast resinte rûzing fan de IUCN leit tusken de 50.000 en 99.999 folwoeksen eksimplaren.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Strânljip Kategory:Lânseigen fauna yn Anguilla Kategory:Lânseigen fauna yn Antigûa en Barbûda Kategory:Lânseigen fauna yn Argentynje Kategory:Lânseigen fauna yn Arûba Kategory:Lânseigen fauna yn de Bahama's Kategory:Lânseigen fauna yn Barbados Kategory:Lânseigen fauna yn Belize Kategory:Lânseigen fauna yn Brazylje Kategory:Lânseigen fauna yn Kanada Kategory:Lânseigen fauna yn de Kaaimaneilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Sily Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia Kategory:Lânseigen fauna yn Kosta Rika Kategory:Lânseigen fauna yn Kuba Kategory:Lânseigen fauna yn Dominika Kategory:Lânseigen fauna yn de Dominikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwador Kategory:Lânseigen fauna yn El Salvador Kategory:Lânseigen fauna yn Frânsk-Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Gûadelûp Kategory:Lânseigen fauna yn Gûatemala Kategory:Lânseigen fauna yn Haïty Kategory:Lânseigen fauna yn Hondoeras Kategory:Lânseigen fauna yn Martinyk Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko Kategory:Lânseigen fauna yn Montserrat Kategory:Lânseigen fauna yn Panama Kategory:Lânseigen fauna yn Perû Kategory:Lânseigen fauna yn Porto Riko Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Bartelemy Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Kits en Nevis Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Lusia Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Marten Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Finsint en de Grenadinen Kategory:Lânseigen fauna yn Trinidad en Tobago Kategory:Lânseigen fauna yn de Turks- en Kaikoseilannen Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn Oerûguay Kategory:Lânseigen fauna yn Fenezuëla Kategory:Lânseigen fauna yn de Britske Famme-eilannen Kategory:Lânseigen fauna yn de Amerikaanske Famme-eilannen