Mizoram is in dielsteat yn it uterste súdeasten fan Yndia. De namme is ôflaat fan Mi (minsken), Zo (berch) en Ram (lân) en betsjut "Lân fan 'e Berchbewenners". It is in bercheftige steat dy't ynklamme leit tusken Birma en Bangladesj. Mizoram stiet bekend om syn hege graad fan taalfeardigens fan 98,2% (2024). Neffens Yndiaaske ferhâldingen is dat tige heech. In grut part fan 'e steat bestiet út ticht tropysk bosk.
Geografy Mizoram is in lân fan griene berchrêgen dy't fan it noarden nei it suden rinnen en trochsnien wurde fan djippe rivierdellingen. De steat grinzget yn it noarden oan Manipoer, Assam en Tripura. Yn it easten en suden dielt Mizoram in lange grins mei Birma en yn it westen mei Bangladesj.
Likernôch 90% fan it oerflak is bedutsen mei bosk. It heechste punt is de Phawngpui (de "Blauwe Berch"), dy't in hichte fan 2.157 meter hat. It klimaat is myld en subtropysk, mei swiere reinfal yn 'e moessontiid.
Skiednis De skiednis fan Mizoram is nau ferbûn mei de ferskate Mizo-stammen dy't yn 'e 18e en 19e iuw út Birma wei it gebiet binnenlutsen. Under it Britske bewâld stie de regio bekend as de Lushai Hills. De Britten lieten de stammen foar in grut part gewurde, mar misjonarissen begûnen oan 'e ein fan 'e 19e iuw it kristendom te fersprieden.
Yn 'e Twadde Wrâldkriich lei Mizoram (doe noch de Lushai Hills) yn 'e frontliny tsjin it Japanske leger dat Birma beset hie. De Mizo-befolking stipe de Alliearden massaal; doarpen oan 'e grins tsjinnen as posten foar ynlochtingen en tûzenen flechtlingen út Birma waarden opfongen en tûzenen jonges waarden yn 'e Lushai Scouts opnommen, in ienheid fan lokale Mizo-stryders dy't Japanners yn hingerlagen lokken. De ynwenners fan Mizoram spilen in krúsjale rol yn 'e striid, dy't fanwegen harren kennis fan it oerwâld ynset waarden foar ferkenningen en guerrilla-aksjes.
Nei de ûnôfhinklikens fan Yndia yn 1947 makke de regio diel út fan Assam. Mizoram waard yn 1959 troffen troch in grutte hondersneed, dy't feroarsake waard troch it bloeien fan 'e bamboe (Melocanna baccifera) Ienris yn 'e 48 jier bloeit de bamboe en 1959 wie sa'n jier. Troch de bloei naam it oantal rotten eksplosyf ta, dy't de rispinge fan 'e ynwenners opfrieten. De hongersneed hie grutte gefolgen en late ta grutte ûnfrede oer it bestjoer fanút Assam. It Mizo National Front (MNF) begûn in wapene striid foar ûnôfhinklikens. Nei desennia fan guerrilla-oarloch waard yn 1986 it Mizoram-fredesakkoart sletten. Op 20 febrewaris 1987 waard Mizoram offisjeel de 23ste dielsteat fan Yndia.
Befolking en etnisiteit thumb|thumb|left|Folksdûnsers yn Mizoram. De befolking fan Mizoram bestiet foar it grutste part út de Mizo's, in samling fan etnysk oan inoar besibbe stammen lykas de Lushai, Pawi en Lakher. Mei in taalfeardigens fan mear as 98% (2024) heart de befolking fan Mizoram by de heechst oplate befolking fan hiel Yndia.
In opfallend skaaimerk fan 'e Mizoram-maatskippij is de sosjale gearhing, dy't sterke oerienkomsten fertoant mei it Fryske begryp 'mienskip'. De kulturele koade hjit yn Mizoram Tlawmngaihna en hâldt in etysk prinsipe yn dat fan elkenien ferwachte wurdt dat men jinsels ynset foar it wolwêzen fan 'e mienskip sûnder dêr wat foar werom te ferwachtsjen. Mizoram is ien fan 'e skjinste steaten fan Yndia. Dit is net it gefolch fan strang oerheidsbestjoer, mar fan boargerplicht. In oar foarbyld binne Nghahlou Dawr-diskes oan 'e dyk sûnder ferkeaper, dêr't boeren harren produkten dellizze en de keapers it jild yn in bakje efterlitte op basis fan fertrouwen. De ûnderlinge sterke bân soarget foar in grutte graad fan stabiliteit en feiligens.
+ Befolkingsûntwikkeling (1951–2011) Jier 1951 1961 1971 1981 1991 2001 2011 Ynwennertal 196.202 266.063 332.390 493.757 689.756 888.573 1.097.206 Groei — +35,6% +24,9% +48,5% +39,7% +28,8% +23,5%
Religy Mizoram is nefens de sifers fan 2011 ien fan 'e trije steaten yn Yndia mei in kristlike mearderheid. It kristendom (foaral it presbyterianisme en baptistisme) foarmet de rêchbonke fan 'e Mizo-kultuer.
+ Religy yn Mizoram Religy % (2001) % (2011) Ferskil (%) Kristendom 87,0% 87,2% +0,2% Boedisme 7,9% 8,5% +0,6% Hindoeïsme 3,6% 2,7% -0,9% Islam 1,1% 1,4% +0,3% Oars 0,4% 0,2% -0,2%
De boedistyske minderheid bestiet foaral út de Chakma's, dy't yn in eigen autonoom gebiet yn it súdwesten fan 'e steat wenje.
Natoer thumb|260px|Nasjonaal Park Phawngpui. Troch it rûge terrein en de hege fegetaasje hat Mizoram in rike natoer. Der binne ferskate wichtige beskerme gebieten:
Nasjonaal Park Phawngpui Blue Mountain: Beskermet it gebiet om de heechste berch hinne mei seldsume fûgels en orchideeën. Tigerreservaat Dampa: It grutste wyldreservaat fan 'e steat, oan 'e grins mei Bangladesj. Nasjonaal Park Murlen: In gebiet mei tichte bosken dy't wol wat wei hawwe fan 'e subtropyske bosken fan de Himalaya.
Bestjoer thumb|260px|Melthum veng (Aizawl). Mizoram hat in parlemintêre regeringsfoarm. De steat is sûnt 2019 ferdield yn 11 distrikten. Opfallend is dat sosjale organisaasjes, lykas de Young Mizo Association (YMA) nau gearwurkje mei it bestjoer om oarder en it miljeu yn 'e steat te hanthavenjen.
Distrikt Haadplak Lokaasje Stifte Inw. (2011) Aizawl Aizawl 100px|center 1958 404.054 Siaha Siaha 100px|center 1972 56.574 Lunglei Lunglei 100px|center 1972 161.428 Champhai Champhai 100px|center 1998 125.745 Lawngtlai Lawngtlai 100px|center 1998 117.894 Mamit Mamit 100px|center 1998 86.364 Kolasib Kolasib 100px|center 1998 83.955 Serchhip Serchhip 100px|center 1998 64.937 Hnahthial Hnahthial 100px|center 2019 - Khawzawl Khawzawl 100px|center 2019 - Saitual Saitual 100px|center 2019 -
De distrikten Khawzawl, Hnahthial en Saitual binne yn 2019 foarme en hawwe noch gjin aparte sifers út 2011.
Kategory:Steat yn Yndia Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1987