Nagalân (Ingelsk: Nagaland) is in dielsteat yn it fierste noardeasten fan Yndia. De steat is bercheftich en grinzget yn it westen oan Assam, yn it easten oan Birma, yn it noarden oan Arunachal Pradesh en yn it suden oan Manipoer. It is ien fan 'e lytste steaten fan Yndia.

Skiednis thumb|left|Heechbejaarde minsken tsjûgje mei harren tatoeaazjes fan 'e kopperij. In jonge man mocht pas in tattoo op syn gesicht hawwe as er in holle fan 'e fijân meinommen hie nei it doarp. De skiednis fan Nagalân wurdt bepaald troch de ferskate Naga-stammen. Foar de komst fan 'e Britten yn 'e 19e iuw libben de stammen yn isolearre doarpen, faak yn striid meiïnoar. Underdiel fan 'e kultuer wie ek it koppesnijen fan fijannen. Yn dy tiid leauden minsken dat de libbenskrêft fan 'e tsjinstanner yn 'e holle siet en dat it bringen fan in holle nei it eigen doarp de fruchtberens fan it lân en de minsken ferbetterje soe. Troch de komst fan it Kristendom rekke it koppesnijen yn it neigean en de measte stammen holden der tusken 1940 en 1960 hielendal mei op.

Nagalân wie yn 'e Twadde Wrâldkriich it toaniel fan 'e Slach om Kohima (1944), in kearpunt wêrby't de Britske en Yndiaaske troepen de Japanske opmars opkearden.

Sûnt de ûnôfhinklikheid fan Yndia yn 1947 hat der in lange en faak gewelddiedige striid west foar in selsstannich Nagalân. De Naga-nasjonalisten fûnen dat harren lân nea by Yndia heard hie. Yn 1963 waard Nagalân de 16e dielsteat fan Yndia as in kompromis, mar ferskate groepen holden noch desennia lang fol oan in bewapene striid foar folsleine soevereiniteit.

thumb|left|Alle Nagastammen komme yn desimber byinoar om it kleurrike Hornbillfestival te fieren. Hoewol't Nagalân desennialang in striid foar ûnôfhinklikens kende, is de steat sûnt de wapenstilstân fan 1997 in stik rêstiger wurden. Toerisme en ekonomy groeie, al bliuwt de politike situaasje gefoelig troch de oanwêzigens fan it leger en de noch net folslein ôfhandele fredesûnderhannelings. De steat Nagaland is tsjintwurdich iepen foar toeristen en it Hornbill Festival lûkt alle jierren tûzenen besikers út de hiele wrâld.

Geografy Nagalân is hast hielendal bercheftich. De Saramatiberch is de heechste berch mei 3.840 meter. De steat hat in ryk ferskaat oan floara en fauna, mei tichte tropyske en subtropyske bosken.

Bestjoer De steat is opdield yn 16 distrikten. De haadstêd is Kohima, dy't yn 'e bergen leit, mar de grutste stêd en it ekonomyske knooppunt is Dimapur.

De distrikten binne faak neamd nei it haadplak of de dominante stamme yn dat gebiet:

Distrikt Haadplak Stifting Stamme (haadgroep) Chümoukedima Chümoukedima 2021 (Mingelearre) Dimapur Dimapur 1997 (Ekonomysk sintrum) Kiphire Kiphire 2004 Sangtam, Yimkhiung Kohima Kohima 1963 Angami Longleng Longleng 2004 Phom Mokokchung Mokokchung 1963 Ao Mon Mon 1973 Konyak Niuland Niuland 2021 Sumi Noklak Noklak 2020 Khiamniungan Peren Peren 2004 Zeliang Phek Phek 1973 Chakhesang, Pochury Shamator Shamator 2022 Yimkhiung Tseminyü Tseminyü 2021 Rengma Tuensang Tuensang 1963 Chang Wokha Wokha 1973 Lotha Zunheboto Zunheboto 1973 Sumi

Befolking en Kultuer thumb|left|Zunheboto. Nagalân is unyk yn Yndia fanwegen syn religieuze en kulturele gearstalling. De befolking bestiet út 16 grutte stammen en ferskate lytsere stammen, elk mei eigen tradysjes, dracht en taal. Bekende stammen binne de Angami, de Ao en de Konyak. Ek wat godstsjinst oanbelanget wykt Nagalând ôf fan Yndia. Nagalân is de meast kristlike steat fan Yndia; hast 90% fan 'e befolking is kristlik. Dat is it gefolch fan it wurk fan Amerikaanske en Britske missionarissen yn 'e 19e en 20e iuw. Fanwegen it grutte ferskaat oan talen tusken de stammen is it Ingelsk de offisjele taal. As omgongstaal wurdt faak in op it Assameesk basearre mingtaal brûkt.

Alle jierren wurdt yn desimber it Hornbill Festival organisearre, wêrby't alle stammen byinoar komme om harren kultuer, dûns en muzyk te toanen.

Ekonomy De lânbou is de wichtichste boarne fan ynkomsten. In spesifike metoade dy't yn 'e bergen brûkt wurdt, is de jhum, it kappen fan bosk, ferbaarnen fan 'e begroeiïng en de tylt fan gewaaks yn fruchtbere jiske, wêrnei't de grûn wer ferlitten wurdt om te werstellen. Foar de ferbou fan rys wurdt der hjoed-de-dei ek in soad terraskultuer tapast. Dimapur hat in treinstasjon en fleanfjild.

Kategory:Steat yn Yndia

Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1963