In mesokarnivoar is in karnivoar mei in dieet dat foar 30–70% út fleis bestiet. Dêrby wurdt "fleis" definiëarre as alle dierlik materiaal, ynkl. fisk en lyts wringeleas dierte, lykas ynsekten, kreefteftigen, oare lidpoatigen en wjirms. De restearjende 30–70% fan it dieet wurdt by sokke bisten opmakke út fruchten, nuten, blêden, blommen, woartels en oar plantaardich materiaal, en mooglik teffens poddestuollen en/of oare skimmels. Mesokarnivoaren binne ornaris opportunisten, dy't frette wat der mar beskikber is. Faak binne it middelgrutte oant lytsere sûchdieren.
Foarbylden fan mesokarnivoaren binne: in protte hûneftigen, lykas de foks (Vulpes vulpes), de grize foks (Urocyon cinereoargenteus), de prêrjewolf (Canis latrans) en de goudjakhals (Canis aureus); beskate martereftigen, lykas de beamotter (Martes foina), de stienmurd (Martes martes), de Amerikaanske marter (Martes americana), de fiskmarter (Pekania pennanti) en de das (Meles meles); guon lytse bearen, lykas de waskbear (Procyon lotor) en de krabbeslinende waskbear (Procyon cancrivorus); alle mangoesten; alle stjonkdieren; alle faranen; in protte soarten kriefûgels.
Sjoch ek hyperkarnivoar, waans dieet foar mear as 70% út fleis bestiet hypokarnivoar, waans dieet foar minder as 30% út fleis bestiet
Kategory:Biology Kategory:Lienwurd út it Latyn