Assam is in dielsteat yn it noardeasten fan Yndia. De steat leit yn 'e delling fan 'e rivier de Brahmaputra en stiet bekend om de teeproduksje en syn rike natoer. Assam grinzget yn it noarden oan Bûtan en Arunachal Pradesj, yn it easten oan Nagaland en Manipur, yn it suden oan Mizoram, Tripura en Meghalaya, en yn it westen oan West-Bingalen en Bangladesj. De haadstêd is Dispur. Guwahati is de grutste stêd fan 'e steat en de wichtichste poarte nei it noardeasten fan Yndia. Guwahati hat in eigen ynternasjonale lofthaven en ien fan 'e wichtichste universiteiten fan 'e regio.

Geografy en Natoer It lânskip fan Assam wurdt dominearre troch de brede delling fan 'e Brahmaputra. Dizze rivier soarget foar tige fruchtbere grûn, mar feroarsaket ek hast alle jierren grutte oerstreamings yn 'e moessontiid.

Assam hat ferskate nasjonale parken dy't op 'e Wrâlderfgoedlist fan UNESCO steane. It meast ferneamde is it Nasjonaal Park Kaziranga, dêr't de grutste populaasje fan 'e Yndyske noashoarn (Rhinoceros unicornis). libbet. Ek de seldsume Yndyske rivierdolfyn (Platanista gangetica) komt foar yn 'e Brahmaputra.

Skiednis thumb|left|Kareng ghar, it paleis fan 'e Ahom-kening yn harren eardere keninkryk. De skiednis fan Assam is nau ferbûn mei it Ahom-keninkryk (1228–1826). De Ahoms, dy't oarspronklik út it hjoeddeiske Tailân kamen, lutsen oer it Patkaiberchtme de Brahmaputradelling yn. It keninkryk wie ferneamd om syn fermogen om de machtige Mogols ferskate kearen te ferslaan, lykas yn 'e ferneamde Slach by Saraighat (1671). Troch ynterne tsierderijen oerfoelen Birmezen yn 'e 19e iuw it ryk. Yn 1826 waarden de Birmezen troch de Britten ferdreaun en kaam der mei it Ferdrach fan Yandabo in ein oan it keninkryk, wêrnei't de Britten it bestjoer oernamen.

Tusken 1979 en 1985 hie Assam te meitsjen mei grutte protesten en stakingen it toaniel fan fûleindige reboelje en stakingen. It konflikt woartele yn 'e eangst de oanhâldende yllegale migraasje fan islamityske Bengalen de lânseigen kultuer en taal ûnder druk sette soe. De protestbeweging easke in ein oan 'e yllegale ymmigraasje út Bangladesj en dat yllegalen útset wurde soene. It konflikt berikte in tragysk djiptepunt yn febrewaris 1983 mei de Nellie-massamoard, wêrby't yn ien dei tiid neffens offisjele sifers mear as 2.000 minsken (benammen moslim-migranten) om it libben kamen. De ûnrêst kaam mei it tekenjen fan it Assam-akkoart yn 1985 ta in ein, mar de ûnderlizzende spanningen tusken de ferskate groepen spylje oant hjoed-de-dei in grutte rol yn 'e regionale polityk.

Befolking thumb|left|Hindoe's by de Kamakhyatimpel yn Guwahatim. De grutste befolkingsgroep binne de Assamezen. It Assameesk is de offisjele taal. Yn 'e Bodo-regio is it Bodo in offisjele taal en yn 'e Barakdelling wurdt in soad Bengaly praat. Dêrnjonken wurde Hindy en Ingelsk brûkt foar bestjoerlike saken. De mearderheid fan 'e befolking is hindoestysk (61,5%), folge troch in grutte moslim-minderheid (34,2%).

In ferneamd beafeartsoard yn Guwahati is de Kamakhyatimpel, dy't wijd is oan 'e goadinne Shakti.

Spanningen Assam hat al lang te krijen mei etnyske spanningen. De kearn fan it konflikt leit by de ymmigraasje út oanswettende gebieten, benammen út it islamityske Bangladesj. Dêrtroch is de demografy fan Assam yn 'e ôfrûne desennia yngreven feroare. De spanningen ha te meitsjen mei taal, mar ek mei religy. By de folkstelling fan 1951 wie likernôch 24,7% fan 'e befolking moslim; yn 2011 wie dat al 34,2%. Yn ferskate distrikten, benammen oan 'e grins mei Bangladesj meitsje moslims no de mearderheid út fan 'e befolking. Dat hat de wei frijmakke foar politike partijen dy't pleitsje foar it beskermjen fan 'e hindoekultuer en it strang oanpakken fan yllegale migraasje. thumb|Bodo-froulje. Der is in dúdlik ûnderskie tusken de lânseigen (Assameeske) moslims, dy't kultureel nau ferbûn binne mei de oare Assamezen, en de Bengaly-sprekkende moslims dy't letter migrearre binne. Njonken it grutte konflikt fan 'e jierren 1980, binne der ek yn 'e 21e iuw noch geregeldwei útbarstings fan geweld. In foarbyld dêrfan is de opskuor yn 2012 tusken de lânseigen islamityske Bodo-befolking en Bengaly moslims, wêrby't 77 minsken om it libben kamen en 400.000 minsken fan hûs en hiem ferdreaun waarden. Dy konflikten draaie meastentiids om de fraach wa't rjocht hat op 'e lânbougrûn yn 'e tichtbefolke delling.

+ Religy yn Assam (2001–2011) Religy % (2001) % (2011) Karakteristyk Hindoeïsme 64,89% 61,47% De grutste groep, benammen yn 'e Brahmaputra-delling. Islam 30,92% 34,22% In groeiende groep, benammen yn 'e grinsdistrikten en de Barak-delling. Kristendom 3,70% 3,74% Benammen fertsjintwurdige ûnder de stammen yn 'e heuvelgebieten. Boedisme 0,19% 0,18% In lytse minderheid, faak fan etnyske Tai-komôf. Sikhisme 0,08% 0,07% In hiele lytse mienskip, meast yn 'e stêden. Jaïnisme 0,09% 0,08% In lytse groep keaplju yn 'e hannelssintra. Oars / Net neamd 0,13% 0,24% In ferskaat oan lânseigen natuerreligys (animisme).

+ Befolkingsûntwikkeling fan Assam (1901–2011) Jier 1901 1911 1921 1931 1941 1951 1961 Ynwennertal 3.289.680 3.848.617 4.636.980 5.560.371 6.694.790 8.028.856 10.837.329 Groei — +16,9% +20,5% +19,9% +20,4% +19,9% +34,9% Jier 1971 1981 1991 2001 2011 Ynwennertal 14.625.152 18.041.248* 22.414.322 26.655.528 31.205.576 Groei +34,9% +23,3%* +24,2% +18,9% +17,1% * Yn 1981 fûn der yn Assam gjin offisjele folkstelling plak fanwegen de ûnrêst yn de steat; dit sifer is in rûzing fan 'e Census of India.

Ekonomy thumb|Teeplantaazje yn Dibrugarh. Assam is it grutste teeprodusearjende gebiet op 'e wrâld. De Assam-tee (Camellia sinensis var. assamica) waard yn 1823 yn it wyld ûntdutsen en groeit yn it leechlân fan 'e steat. Mear as de helte fan alle Yndiaaske tee komt út Assam. Njonken tee is de steat ek ryk oan oalje (foaral by Digboi). Yn Assam wurdt in soad rys ferboud en de steat stiet ek bekend om de sidekultuer.

Bestjoer Assam is in parlemintêre demokrasy mei in eigen parlemint yn 'e haadstêd Dispur. De steat is opdield yn 35 distrikten. It tal distrikten is de lêste jierren flink omheech gien: fan 23 distrikten yn 2001 nei 27 yn 2011, oant wol 35 hjoed-de-dei. In protte fan 'e nije distrikten binne ôfsplitst fan gruttere ienheden om it bestjoer tichter by de minsken te bringen. Foar it deistich bestjoer binne dizze distrikten groepearre yn fiif bestjoerlike regio's. In bysûnder ûnderdiel fan it bestjoer is de Bodoland Territorial Region (BTR). Dat is in autonome regio yn it noardwesten fan Assam, dêr't de Bodo-befolking in grutte mjitte fan selsbestjoer hat oer saken lykas kultuer, lânbou en ûnderwiis.

thumb|Distrikten fan Assam. Distrikt Haadplak Ynwenners (2001) Ynwenners (2011) Oerflak (km²) Boppe Assam Charaideo** Sonari — 471.141 1.069 Dhemaji Dhemaji 571.944 686.133 3.237 Dibrugarh Dibrugarh 1.185.072 1.326.335 3.381 Golaghat Golaghat 946.279 1.066.822 3.502 Jorhat Jorhat 999.221 1.092.256 2.851 Lakhimpur North Lakhimpur 889.010 1.042.272 2.277 Majuli** Garamur — 167.304 880 Sivasagar Sivasagar 1.051.259 1.151.050 2.668 Tinsukia Tinsukia 1.150.062 1.327.929 3.790 Noard-Assam Biswanath** Biswanath Chariali — 585.356 1.100 Darrang Mangaldoi 759.712 928.500 1.585 Sonitpur Tezpur 1.681.513 1.924.110 5.324 Udalguri* Udalguri 756.671 831.668 2.012 Beneden-Assam Baksa* Mushalpur 855.601 950.075 2.457 Barpeta Barpeta 1.647.201 1.693.622 3.245 Bongaigaon Bongaigaon 612.665 738.804 1.093 Chirang* Kajalgaon 433.061 482.162 1.170 Dhubri Dhubri 1.637.344 1.949.258 2.838 Goalpara Goalpara 822.035 1.008.183 1.824 Kamrup Metropolitan Guwahati 1.059.578 1.253.938 1.032 Kamrup Rural Amingaon 1.269.192 1.517.542 3.105 Kokrajhar* Kokrajhar 843.243 887.142 3.129 Nalbari Nalbari 617.142 771.639 1.052 South Salmara-Mankachar** Hatsingimari — 555.117 568 Sintraal-Assam Dima Hasao Haflong 188.079 214.102 4.888 Hojai** Hojai — 931.218 1.686 Karbi Anglong East Diphu 813.311 956.313 10.434 Karbi Anglong West** Hamren — 237.689 3.035 Morigaon Morigaon 776.256 957.423 1.704 Nagaon Nagaon 2.314.629 2.823.768 3.833 Barak Delling Cachar Silchar 1.444.921 1.736.617 3.786 Hailakandi Hailakandi 542.872 659.296 1.327 Karimganj Karimganj 1.007.976 1.228.686 1.809 * Diel fan 'e autonome Bodoland Territorial Region (BTR). ** Nije distrikten oprjochte nei 2011; ynwennertallen binne basearre op rûzings of de gearstalling fan 'e eardere memme-distrikten. * Diel fan 'e autonome Bodoland-regio. ** Majuli waard earst yn 2016 in apart distrikt; de sifers fan 2001 binne ûnderdiel fan it distrikt Jorhat. Sjoch ek Ahom (keninkryk) Nasjonaal Park Kaziranga

Kategory:Steat yn Yndia Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1950