Hermann Vogel (1856–1918) wie in Frânske keunstskilder en yllustrator fan Dútske komôf.
Libben en wurk Hermann Vogel kaam as bern yn 1864 nei Hamburch en studearre fan sawat 1872 oant 1878 oan de Akademy foar Byldzjende Keunsten yn München. Nei in duël yn 1879 moast er Dútslân ferlitte. Hy festige him yn Parys en waard úteinlik Frânsk boarger.
Vogel yllustrearre ferskate boeken en droech tal fan tekeningen en skilderijen by oan tydskriften (ynklusyf L'Assiette au beurre). Syn yllustrearre ferhaal L’Arroseur, publisearre yn 1887, wurdt sjoen as in ynspiraasje foar de koarte film L’Arroseur arrosé fan de Auguste en Louis Lumière, útbrocht yn 1895.
Syn soan wie de keunstútjouwer en sjoernalist Lucien Vogel (1886–1954).
Galery
Keppeling om utens Yllustraasje fan Vogel út de Totentanz-Zyklus yn L’assiette au beurre, 1902
Kategory:Frânsk yllustrator Kategory:Frânsk keunstskilder Kategory:Frânsk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1856 Kategory:Persoan stoarn yn 1918