It hartochdom Nederloataringen, of ek wol Noard-Loataringen (yn titels ek wol ferwiisd as Lotier, Lottier of Lotryk) wie in midsiuwsk hartochdom fan it Keninkryk Dútslân yn it Hillige Roomske Ryk, dy't ûntstie nei de ferdieling fan it stamhartochdom Loataringen yn 959. It hat bestien oant de ein fan de 12e iuw. It omfieme it gebiet fan it hjoeddeistige Nederlân (it gebiet fan Frisia los ferbûn wie mei it hartochdom, dochs de hartoggen oefenen de facto gjin macht út), belgje, Lúksemboarch, parten fan noardlik Frankryk en Dútslân westlik fan 'e Ryn en de regio East-Fryslân.

Skiednis Untstean

Yn it Karolingyske Ryk waarden de âlde histoaryske regio's Austraasje en Ripuaarje hieltyd wer fannijs weryndield, ôfhinklik fan d edynastike ferdieldens dy't yn de 9e iuw gauris foarkaam. Yn 855, nei it Ferdrach fan Prüm dat Midden-Frânsje ferparte, krige kening Lotarius II (855-869) gebieten bylâns de Maas, Mûzel en de Nederryn, it âlde stamlân fan de Karolingers, en nei ferrin fan tiid waard syn ryk bekend as Loataringen. It waard letter ferskate kearen ferparte, werienige of tafoege oan buorlannen, lykas West- en East-Frânsje. Yn 'e tiid tusken 890-910 kaam it by it Dútske Ryk (East-Frânsje) mar dêrnei ropten de Loataringske eallju de Westfrankyske kening Karel de Ienfâldige ta harren kening út. Yn 923 waard it omfoarme ta in stamhartochdom yn it keninkryk Dútslân (East-Frânsje). De Elzas kaam lykwols ta it stamhartochdom Swaben. Yn 953 droech de Dútske kening Otto I it bestjoer fan gâns it hartochdom Loataringen oer oan syn broer Bruno de Grutte, de aartsbiskop fan Keulen, dy't dêr de hartoch fan Loataringen mei waard. Yn 959 ferparte Bruno it hartochdom yn twa ôfsûnderlike rjochtsgebieten, ien foar de súdlike helte (Boppe-Loataringen) en ien foar de noardlike helte (Nederloataringen of Under-Loataringen), en dy ferdieling waard definityf nei syn dea yn 965. Alletwa regio's foarmen dêr it westlike part fan it Hillige Roomske Ryk mei, dat yn 962 troch Bruno syn âldere broer, keizer Otto I, stifte waard. It is net wis wêrom Loataringen ferdield waard yn twa ôfsûnderlike hartochdommen. Nederloataringen kaam tsjerklik oerien mei de doetiidske tsjerkeprovinsje fan it aartsbisdom Keulen, mei as suffragaan-bisdommen Utert, Luik en Kameryk.

It hartochdom Nei it ferpartsjen waard Nederloataringen takend oan greve Godfryd I fan Bergen, dy't dêr de earste hartoch fan Nederloataringen mei waard. Alletwa Loataringske hartochdommen folgen dêrnei tige ferskillende wegen: nei de dea fan Godfryd syn soan, hartoch Richar, waard Nederloataringen streekrjocht troch de keizer bestjoerd, oant keizer Otto II yn 977 Karel, de ferballe jongere broer fan kening Lotarius fan Frankryk, yn lien joech. Neder- en Boppe-Loataringen waarden fan 1033 oant 1044 fannijs koart werienige ûnder Gozelo I. Dêrnei rekke it hartochdom Nederloataringen al gau faai, wylst Boppe-Loataringen bekend kaam te stean as it hartochdom Loataringen.

Mei't Nederloataringen de âlde histoaryske regio Ripuaria omfieme, dy't as sadanich yn ferskate boarnen út 'e Karolingyske tiid en dêrnei neamd waard, lykas yn de Annalen fan Sint-Bertin, de Annalen fan Fulda en oare boarnen, dêr't sels kening Lotarius II yn 'e Annalen fan Ksanten neamd wurdt as rex Ripuriae (kening fan Ripuaria), of rex Ripuariorum (kening fan de Ripuarianen), waard nei ferrin fan tiid gebrûklik soksoarte argayske nammen foar Nederloataringen en syn ynwenenrs te brûken. Sa neamde Wipo fan Boergonje (stoarn yn 1050) de ynwenners fan Nederloataringen Ribuari en har hartoch dux Ribuariorum.

Stadige ûntbining Fan it begjin fan de 11e iuw ôf makken de dielfoarstedommen har fan it hartochdom los en wiene der yn it westlike part fan it Hillige Roomske Ryk in tal wapene konflikten. De Dútske kening reagearre dêr mei it ynstellen fan trije markgreefskippen Antwerpen, Ename en Valenciennes, dy't de grins mei Frankryk beskermje moast en it wichtige gebiet tusken Ryn en Skelde ûnder kontrôle hâlde moast. Boppedat waarden de fjouwer bisdommen fan it hartochdom, Keulen, Utert, Luik en Kameryk, yn it ramt fan it Ottoanysk-Salyske keizerlike tsjerkestelsel ta geastlike foarstedommen ferheften. It hie foar de keizer it foardiel de biskoppen as wrâldlike lânhearen yn te setten sa't er harren opfolgers sels oanwize koe. thumb|Neder- en Boppe-Loataringen yn 959 Yn 1012 stelde keizer Hindrik II wer in hartoch oan. Hoewol't hy en syn opfolgers mijden om Nederloataringen ta in erflik hartochdom te meitsjen, slaggen de greven fan Ferdun út it Hûs Ardinnen der yn de 11e iuw hieltyd wer yn yn bemachtigje de hartochlike titel.

Nei de dea fan Godfryd fan Bouillon yn 1100 naam it belang fan it hartochdom Nederloataringen ôf en waard boppedat troffen troch it skeel tusken de keizers Hindrik IV en Hindrik V. Yn 1100 hie Hindrik IV greve Hindrik fan Limburch it hartochdom Nederloataringen yn lien jûn, mar Hindrik V, dy't syn heit ta ta ôftreden twong, sette him fuortendaliks ôf en ferfong him troch greve Godfryd fan Leuven. Hja stribben yn it gebiet har eigen belangen nei yn it neidiel fan de rykspolityk. Nei de dea fan hartoch Godfryd III yn 1190 erve syn soan, hartoch Hindrik I fan Brabân, de hartochlike titel op hjitten fan keizer Hindrik VI by de Ryksdei fan Schwäbisch Hall. Dêr ferlear it hartochdom Nederloataringen definityf syn territoriaal gesach mei, wylst it oerbleaune keizerlik lienguod dat yn 'e hannen fan 'e hartoggen fan Brabân letter it hartochdom Lotier of Lotryk neamd waard.

Hartoggen fan Nederloataringen thumb|Nederloataringen om 1000 hinne as part fan it Hillige Roomske Ryk Godfryd I fan Henegouwen, 959–964 Karel fan Frankryk, 977–991 (Karolingen) Otto 991–1012 (Karolingen) Godfryd II, 1012–1023 Gozelo I, 1023–1044 1044–1046: fakant of Gozelo II ? Freark fan Lúksemboarch, 1046–1065 Godfryd III mei it Burd, 1065–1069 Godfryd IV mei de Bulte 1069–1076 Koenraad fan Franken, 1076–1088 Godfryd fan Bouillon, 1088–1100 Hindrik I fan Limburch, 1100–1106 Godfryd VI, hartoch tusken 1106 en 1128, † 1139 Walram fan Limburch, 1128–1139 Godfryd VII, 1139/1140–1142 Godfryd VIII, 1142–1190

Sjoch ek Loataringen Hartochdom Loataringen Elzas-Loataringen

Kategory:Steat fan it Hillige Roomske Ryk Kategory:Histoarysk lân yn Jeropa Kategory:Skiednis fan Belgje Kategory:Skiednis fan Dútslân Kategory:Skiednis fan Frankryk Kategory:Skiednis fan Nederlân Kategory:Hartochdom Kategory:Hartochdom yn de Midsiuwen Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 959 Kategory:Bestjoerlike ienheid opheft yn 1190