Limpopo is de meast noardlike provinsje fan Súd-Afrika en ferneamd nei de rivier de Limpopo, dy't de grins foarmet mei Botswana, Simbabwe en Mozambyk. It is in regio mei in ryk kultureel ferline en wurdt ek wol it "Eden fan Afrika" neamd fanwegen de rike natuer.

Skiednis De provinsje waard yn 1994 oprjochte ûnder de namme Noardlik Transvaal. De namme feroare letter yn Noard-Provinsje en sûnt 2002 hjit it offisjeel Limpopo. It gebiet hat in tige âlde skiednis; yn 'e delling fan 'e Limpopo bloeide tusken 900 en 1300 n.Kr. it machtige Keninkryk Mapungubwe, in beskaving dy't hannel dreau mei Yndia en Súdeast-Aazje.

Yn 'e tiid fan 'e Apartheid leine yn dit gebiet ferskate saneamde thúslannen, lykas Lebowa, Gazankulu en Venda. Sûnt de demokratisearring yn 1994 binne dy gebieten folslein yntegrearre yn 'e provinsje.

Bestjoer De haadstêd en grutste stêd is Polokwane (foarhinne Pietersburg), dat it logistike en ekonomyske sintrum fan 'e provinsje is.

Kaart fan 'e gemeenten Bestjoerlike yndieling 300px|border|noneLimpopo is opdield yn 5 distriktsgemeenten:

Capricorn (haadplak: Polokwane) Mopani (haadplak: Giyani) Vhembe (haadplak: Thohoyandou) Waterberg (haadplak: Modimolle) Sekhukhune (haadplak: Groblersdal)

Befolking en talen Limpopo hat de meast homogene befolking fan Súd-Afrika; mear as 97% fan de ynwenners is swart. De provinsje is ryk oan ferskate etnyske groepen lykas de Pedi (Noard-Sotho), de Venda en de Tsonga. De taal dy't troch de measten praat wurdt is it Noard-Sotho, folge troch it Tsonga en it Venda. It is ien fan 'e provinsjes dêr't tradisjonele lieders (keningen en stamhaden) noch jimmeroan in wichtige sosjale rol spylje.

Befolkingsûntwikkeling (1996–2022) Jier 1996 2001 2011 2022 Inwennertal 4.576.133 4.995.462 5.404.868 6.572.720 Groei (%) — +9,2% +8,2% +21,6% Boarne: Statistics South Africa (Census 1996, 2001, 2011, 2022)

Toerisme thumb|260px|Gouden Noashoarn fan Mapungubwe. Toerisme is in wichtige pylder fan 'e ekonomy yn Limpopo, foaral fanwegen de natuer.

It Nasjonaal Park Kruger leit foar in grut part yn Limpopo. It noardlike diel fan it park is ferneamd om syn grutte oantallen oaljefanten en baobab-beammen. Mapungubwe Hill is it plak fan it âlde keninkryk en is hjoed-de-dei in UNESCO-wrâlderfgoedplak. Dêr is yn 1932 ek de ferneamde Gouden Noashoarn fan Mapungubwe fûn. Biosfear Waterberg is in berchgebiet mei ferskate partikuliere wyldreservaten en in ryk ferskaat oan planten en bisten. Yn it 305.61 ha Reservaat Modjadji Cycad stiet in bosk mei bysûndere palmbeammen, dy't generaasjes lang troch de saneamde reinkeninginnen (Modjadji) beskerme binne. De reinkeninginnen binne de geastlik en tradisjonele lieders fan it Balobedu-folk yn 'e Limpopo-provinsje. Se wurde as libbene goadinnen beskôge en leaud wurdt dat hja de macht ha om de wolken te manipulearjen en rein te bringen foar har freonen of drûchte foar har fijannen.

Grutste plakken Offisjele namme Afrikaanske namme Ynwenners Bysûnderheden Polokwane Pietersburg 130.000 Haadstêd en wichtichste hannelstêd. Thohoyandou 70.000 Oprjochte yn 'e jierren 1970 as de haadstêd fan it thúslân Venda (hat gjin Afrikaanske namme. Tzaneen 15.000 Sintrum foar tropyske lânbou (tee, fruit). Musina Messina 43.000 Grinsstêd mei Simbabwe; wichtich foar de hannel. Phalaborwa 13.000 Toeristyske poarte nei it Krugerpark en wichtich mynbouplak.

In soad Afrikaanske plaknammen binne yn 2002 offisjeel feroare yn nammen fan lokale talen. Foarbylden binne Mokopane (foarhinne Potgietersrus), Modimolle (Nylstroom), Bela-Bela (Warmbad) en Lephalale (Ellisras).

Kategory:Provinsje fan Súd-Afrika Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1994