Gauteng (Sûlû: eGoli) is wat oerflak oanbelanget de lytste, mar tagelyk de tichtstbefolke en rykste provinsje fan Súd-Afrika. De namme komt út it Sotho en betsjut "plak fan goud", wat ferwiist nei de bloeiende goudyndustry dy't de regio sûnt de 19e iuw foarme hat. Hoewol't it oerflak fan 'e provinsje mar 1,5% fan Súd-Afrika útmakket, produsearret it mear as in tredde fan it Bruto Binnenlânsk Produkt fan it lân. Gauteng is likernôch like grut as de Nederlânske provinsjes Fryslân, Grinslân, Drinte, Oerisel en Gelderlân byinoar.
Skiednis thumb|left|Goudkoarts yn 'e 19e iuw. Gauteng waard yn 1994 foarme út it sintrale diel fan 'e eardere provinsje Transvaal. De skiednis fan 'e provinsje feroare foargoed yn 1886, doe't der goud fûn waard oan 'e Witwatersrand. Dat late ta in goudkoarts dy't fan 'e lytse delsetting Jehannesburch yn in pear desennia tiid de grutste stêd fan Afrika besuden de Sahara makke. Ek it UNESCO-wrâlderfgoedplak Widze fan 'e Minskheid mei fossilen fan iere minskeneftigen leit yn dizze provinsje.
Yn 'e 20e iuw wie de provinsje it sintrum fan 'e striid tsjin apartheid. Yn 1960 fûn it bloedbad fan Sharpeville plak, dêr't de plysje skeat op demonstranten tsjin de paswetten. Nelson Mandela en oare ANC-lieders waarden yn 1963 op in pleats yn Rivonia oanholden, wat late ta it ferneamde Rivonia-proses yn Pretoaria. Yn 1976 bried de Opstân fan Soweto út, dy't as in protest fan skoalbern tsjin it ûnderwiisbelied útein sette en yn 'e hiele wrâld oandacht luts foar de striid tsjin it rezjym. Sûnt 1994 hat de provinsje him ûntwikkele ta in multykulturele regio dêr't de oantinkens oan 'e striid, lykas it Apartheidsmuseum en it Unygebou, njonken de moderne ekonomy besteane.
Bestjoer De provinsjale haadstêd is Jehannesburch, mar de provinsje is ek it thús fan 'e bestjoerlike haadstêd fan Súd-Afrika: Pretoaria.
Kaart fan de gemeenten Bestjoerlike yndieling 300px|border|noneGauteng is ferdield yn 3 grutte metropoalgemeenten en 2 distriktsgemeenten:
Metropoalen: City of Johannesburg City of Tshwane (Pretoaria) City of Ekurhuleni (East-Rand)
Distrikten: Sedibeng (haadplak: Vereeniging) West-Rand (haadplak: Randfontein)
Grutste plakken Offisjele namme Ynwenners (Metropoal) Bysûnderheden Jehannesburch 4.800.000 Grutste stêd; finansjeel en ekonomysk sintrum. Pretoaria 2.900.000 Bestjoerlike haadstêd fan Súd-Afrika. Ekurhuleni 3.400.000 Yndustrieel gebiet mei stêden as Germiston en Benoni. Vereeniging 100.000 Wichtich sintrum foar stielproduksje oan 'e Vaalrivier. Soweto 1.300.000 Grutte township fan Jehannesburch mei in rike politike skiednis.
Befolking en talen Gauteng is in smeltkroes fan kultueren. Fanwegen de wurkgelegenheid lûkt de provinsje minsken út hiel Súd-Afrika en it bûtenlân. It Sûlû is de meast sprutsen memmetaal, folge troch it Afrikaansk, Ingelsk en Sepedi. De provinsje hat de heechste graad fan urbanisaasje fan it lân (97%).
Befolkingsûntwikkeling (1996–2022) Jier 1996 2001 2011 2022 Inwennertal 7.834.620 9.390.528 12.272.263 15.099.422 Groei (%) — +19,9% +30,7% +23,0%
Toerisme thumb|260px|Pretoaria. Yn Gauteng leit by Sterkfontein de Widze fan de Minsheid, ien fan 'e wichtichste paleo-antropologyske fynplakken op 'e ierde. Hjir binne guon fan 'e âldste fossilen fan minskeneftigen fûn, lykas Mrs. Ples en Little Foot. Soweto is de grutste en meast ferneamde township fan it lân. Besikers kinne dêr it eardere hûs fan Nelson Mandela besykje en it Apartheidsmuseum yn Jehannesburch. Pretoaria is bekend om syn parken en de tûzenen jakarandbeammen dy't de stêd yn oktober pears kleurje, it Foartrekkermonumint en de botanyske tunen. Ien fan bekende natuerreservaten is it 210 km² grutte Dinokeng Game Reserve (dêr't "de Grutte Fiif" te sjen binne). Cullinan, flakby Pretoaria, is in pittoresk plakje dat ferneamd is om de diamantmyn dêr't de grutste diamant ea fûn is.
Ekonomy en Ynfrastruktuer Gauteng is it ekonomysk hert fan Súd-Afrika en de hiele Súdlike Afrikaanske regio (SADC). De provinsje hat in tige moderne ynfrastruktuer, wêrûnder de Gautrain, in flugge treinferbining tusken Jehannesburch, Pretoaria en de lofthaven. De lofthaven OR Tambo International Airport by Jehannesburch is de drokste fan it hiele kontinint. Njonken de goudminen binne de finansjele sektor, technology en de produksje-yndustry de wichtichste ekonomyske pylders.
Kategory:Provinsje fan Súd-Afrika Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1994