It sitroensyske (Carduelis citronella, foarhinne ek wol Serinus citronella) is in lytse moskeftige fûgel út de famylje fan 'e finkfûgels (Fringillidae). It sitroensyske is in typyske berchfûgel dy't lânseigen is yn 'e heger lizzende dielen fan West- en Sintraal-Europa.

Beskriuwing It sitroensyske is in lyts finkje mei in lingte fan likernôch 12 oant 12,5 sintimeter. De fûgel hat in opfallend griengiel oant sitroengiel boarst en gesicht. De rêch is mear grieneftich mei donkere streekjes, wylst de nekke en de sydkanten fan 'e hals in griisblauwe kleur hawwe, wat in wichtich skaaimerk is om him te ûnderskieden fan oare giele finkjes. De wjukken binne donker mei twa ljochte, gielgriene bannen.

Der is in lyts ferskil tusken mantsjes en wyfkes (seksuële dimorfy). It mantsje is feller fan kleur, benammen op it boarst en de kop. It wyfke is wat doffer en hat mear griisbrune tinten op 'e rêch en de flanken. De snaffel is koart, kegelfoarmich en griiseftich en geskikt foar it iten fan lytse sied.

Fersprieding De fûgel komt foar yn 'e berchtmen en it ferspriedingsgebiet is beheind ta de Alpen, de Pyreneeën, de Jura, it Swarte Wâld en de bergen fan it noarden fan Spanje. Se libje meastentiids op hichten tusken de 700 en 3300 meter.

De fûgel hat in foarkar foar iepen berchbosk, benammen dêr't nullebeammen ôfwiksele wurde mei alpine greiden. Se wurde ek faak sjoen by berchhutten en op plakken dêr't it fee weidet, om't dêr faak in soad krûden en gerssied te finen binne. Winterdeis lûke guon populaasjes nei legere dielen, mar it binne yn prinsipe stânfûgels.

Iten It iten fan it sitroensyske bestiet út lyts sied fan gerssoarten en ferskate alpine krûden. Ek it sied út de kegels fan nullebeammen steane op it menu. Yn 'e briedtiid wurde der somtiden lytse ynsekten iten om de jongen fan ekstra aaiwiten te foarsjen.

Nêst thumb|thumb|left|Aaikes. De briedtiid begjint faak yn april of maaie, ôfhinklik fan 'e hichte en de snie. It nêst wurdt troch it wyfke boud, faak heech yn in nullebeam en goed ferburgen tsjin de stamme of tusken tichte tûken. It nêst is komfoarmich en fan moas, gers en lytse woartels boud, beklaaid mei fearkes.

It wyfke leit fjouwer oant fiif aaikes, dy't ljochtblau binne mei brune plakjes. Hja briedt de aaien yn 13 oant 14 dagen út, wylst it mantsje har fuorret. De jongen wurde troch beide âlden fersoarge en ferlitte nei likernôch 15 oant 17 dagen it nêst. Faak wurde der twa lechsels yn ien seizoen grutbrocht.

Taksonomy Foar in hiel skoft waard it sitroensyske ta it skaai fan 'e kanarjes (Serinus) rekkene, mar nei genetysk ûndersyk oan it begjin fan 'e 21e iuw ferhûze de soarte nei it skaai fan 'e putters (Carduelis). In nau besibbe soarte is it Korsikaansk sitroensyske (Carduelis corsicana), dat allinnich foarkomt op Korsika en Sardynje.

Oantallen Oannommen wurdt dat de oantallen tebekrinne, mar de soarte wurdt as net bedrige (Least Concern) op 'e Reade list fan 'e IUCN klassifisearre. Mooglike bedrigingen foar de takomst binne klimaatferoaring, om't harren spesifike alpine habitat dêrtroch feroarje kin.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Putter Kategory:Lânseigen fauna yn Andorra Kategory:Lânseigen fauna yn Eastenryk Kategory:Lânseigen fauna yn Frankryk Kategory:Lânseigen fauna yn Dútslân Kategory:Lânseigen fauna yn Itaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Lychtenstein Kategory:Lânseigen fauna yn Sloveenje Kategory:Lânseigen fauna yn Spanje Kategory:Lânseigen fauna yn Switserlân