Naomi (Hebriuwsk: נָעֳמִי) is in bibelsk persoan fan wa't it libbensferhaal it ramt foarmet foar it bibelboek Ruth yn it Alde Testamint. Hja is de skoanmem fan de Moäbityske Ruth en spilet in krúsjale rol yn 'e foarskiednis fan it keningshûs fan David.

Libbensrin It ferhaal fan Naomi spilet yn 'e tiid dat de rjochters regearren, in perioade fan krapte en ûnwissichheid. Fanwegen in hongersneed yn Betlehim ferfear Naomi mei har man Elimêlek en harren soannen Machlon en Kiljon nei it lân Moäb.

Yn Moäb waard Naomi troffen troch swier ferlies: earst ferstoar har man Elimêlek en nei tsien jier stoaren ek har beide soannen, dy't troud wiene mei de Moäbityske froulju Orpa en Ruth. Naomi bleau allinnich efter, sûnder manlike beskerming. Dat hie yn dy tiid grutte ekonomyske en sosjale gefolgen.

Doe't hja hearde dat der wer iten wie yn Juda, naam Naomi it beslút werom te gean nei har heitelân. Hja trune har skoandochters oan om yn Moäb te bliuwen, om't hja harren gjin nije soannen jaan koe om mei te trouwen. Wylst Orpa ôfskie naam, bleau Ruth by har en spriek: "Jo folk is myn folk en jo God is myn God" (Ruth 1:16).

Werom yn Juda By har weromkommen yn Betlehim frege Naomi oan 'e froulju fan 'e stêd om har langer net Naomi ("leaflik") te neamen, mar Mara (מָרָא), wat "bitter" betsjut. Sa joech hja utering oan har djippe fertriet en it gefoel dat de Heare har swier troffen hie.

Naomi en Ruth kamen yn Betlehim doe't de rispinge begûn. Ruth woe oan it wurk en kaam sa tafallich telâne op it lân fan Boäz om dêr ieren te sykjen. Boäz wie lykwols in famyljelid fan har skoanheit Elimêlek. Doe't Boäz hearde oer Ruth en har trou oan Naomi soarge hy derfoar dat hja feilich wurkje koe en genôch iten meinimme koe. Doe't Naomi dit hearde, seach hja kânsen foar in bettere takomst. Hja betocht in plan en advisearre Ruth om Boäz te freegjen om as losser (go'el) op te treden. Neffens de Israelityske wet hie in neiste sibbe de plicht om it lân fan in ferstoarne werom te keapjen en de famyljenamme fuort te setten.

Naomi joech Ruth detaillearre ynstruksjes: hja moast har waskje, salfje en har moaiste klean oandwaan, en dan nachts nei de terskflier gean. Dêr moast hja Boäz freegje om syn beskerming oer har út te sprieden, in symboalysk fersyk om in houlik en beskerming.

De ôfrin Boäz wie ûnder de yndruk fan Ruth har trou, mar der wie noch in oare sibbe dy't neier besibbe wie en dêrom it earste rjocht hie. By de stedspoarte waard de saak formeel regele. Doe't dizze man ôfseach fan syn rjocht om hy net mei in Moäbityske trouwe woe, koe Boäz as losser optrede.

Boäz troude mei Ruth en hja krigen in soan, Obed. Mei syn berte kaam der wer fleur yn Naomi har libben: har fertriet makke plak foar nije hope. De buorfroulju seine: "Naomi hat wer in soan krigen", wat betsjutte dat har famylje wer takomst hie.

Troch Obed waard Naomi de oerbeppe fan kening David en de stammemem fan Jezus.

Kategory:Persoan yn it Alde Testamint Kategory:Persoan berne yn de 12e iuw f.Kr. Kategory:Persoan stoarn yn de 11e iuw f.Kr. Kategory:Israelitysk persoan