Guanajuato is in steat yn it sintrale diel fan Meksiko. De steat leit yn 'e regio El Bajío en grinzget yn it noarden oan San Luis Potosí, yn it easten oan Querétaro, yn it suden oan Michoacán en yn it westen oan Jalisco. Mei in oerflak fan 30.608 km² is it mei 6.166.934 ynwenners (2020) ien fan 'e meast tichtbefolke steaten fan it lân. De haadstêd is de histoaryske stêd Guanajuato, mar de grutste stêd is it yndustriële León. Skiednis Foar de komst fan 'e Spanjerts waard it gebiet bewenne troch de Chichimeken en de Purépecha. Yn 'e koloniale tiid waard Guanajuato ien fan 'e rykste regio's fan Nij-Spanje troch de ûntdekking fan grutte sulverfoarrieden yn 'e 16e iuw. De steat spile in krúsjale rol yn 'e Meksikaanske Unôfhinklikheidsoarloch; yn it plakje Dolores (no Dolores Hidalgo) rôp de pryster Miguel Hidalgo yn 1810 op ta de opstân tsjin Spanje (de Grito de Dolores). Guanajuato waard op 20 desimber 1823 offisjeel in frije steat fan Meksiko.
Geografy thumb|left|Sierra de Santa Rosa. It lânskip fan Guanajuato is in miks fan rûge berchtmen en fruchtbere dellingen. It noarden en easten wurde behearske troch de berchketens fan 'e Sierra Madre Oriental en de Sierra Gorda. De sintrale flakten, de Bajío, steane bekend as de "nôtskuorre fan Meksiko" fanwegen de intensive lânbou. Wichtige rivieren binne de Lerma en de Turbio. It klimaat fariëarret fan semy-aride yn it noarden oant tuskenbeide en fochtich yn 'e dellingen.
Bestjoerlike yndieling Guanajuato is ûnderferdield yn 46 gemeenten. De wichtichste ekonomyske- en befolkingssintra binne de haadstêd Guanajuato, ferneamd om syn tunnels, sulverminen en koloniale arsjitektuer, León, it ekonomyske hert fan de steat, San Miguel de Allende, in wrâlderfgoedstêd dy't populêr is by keunstners en bûtenlânske toeristen en Celaya en Irapuato, wichtige sintra foar de auto-yndustry en lânbouferwurking.
Befolking thumb|left|Muzykgroep yn 'e strjitten fan Guanajuato. De befolking bestiet foar it grutste part út Mestizen. Guanajuato hat in rike kulturele tradysje dy't sterk beynfloede is troch it Spaanske ferline. In bekend fenomeen yn 'e haadstêd binne de Callejoneadas, kuierjende muzykgroepen dy't troch de smelle steechjes fan 'e stêd rinne. De steat hat ek in grutte diaspora yn 'e Feriene Steaten, wat fan grutte ynfloed is op 'e lokale ekonomy mei't de emigrearre minsken jild stjoere.
Toerisme thumb|left|Sint-Michaeltsjerke, San Miguel de Allende. De stêd Guanajuato is UNESCO Wrâlderfgoed en stiet bekend om de likernôch 9 km lange tunnels, dy't oarspronklik oanlein binne foar de minen en de wetterôfier en no brûkt wurde as ûndergrûnsk netwurk foar ferkear, it Teatro Juárez en it Museo de las Momias (mummymuseum). San Miguel de Allende hat in koloniale sfear en is bekend om de neogoatyske tsjerke. It Festival Internacional Cervantino is ien fan 'e wichtichste kulturele festivals fan Súd-Amearika en wurdt alle jierren yn oktober holden. De Sulverrûte giet by âlde minen lykas de Mina de Valenciana lâns Op 'e berch Cerro del Cubilete, it geografyske sintrum fan Meksiko, stiet in ûnbidich byld fan Kristus-Kening (Cristo Rey)
Keppeling om utens Visit Guanajuato.
Kategory:Steat fan Meksiko Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1823