The Catcher in the Rye (Ingelsk, likernôch "De fanger yn it roggefjild") is in roman fan de skriuwer J.D. Salinger út de Feriene Steaten. It boek kaam út yn 1951 by Little, Brown and Company yn Boston.

Boek It boek hannelet oer de puber Holden Caulfield út de Feriene Steaten, dy't mei ôfgriis sjocht nei de wrâld fan de folwoeksenen. It leafst hie er dat it syn libben wie en fangje de bern, dy't boartsje yn it roggefjild, ear't hja yn de ôfgrûn fan folwoeksenens falle.

Wurdearring It boek boek behannelet tema's foar folwoeksenen, mar troch de tinzen fan immen dy't noch net leard had wat er as folwoeksene net streekrjocht sizze kin. Dat hat makke dat net eltsenien like sjarmearre is fan in boek. Dochs waar The Catcher in the Rye yn 1999 opnaam yn Le Monde's 100 boeken fan de iuw.

Kategory:Literêr wurk fan J.D. Salinger Kategory:Bildungsroman Kategory:Ingelsktalige roman Kategory:Roman út 1951 Kategory:Literatuer oer klinyske depressiviteit Kategory:Literatuer oer prostitúsje