De grutte amazône (Amazona farinosa) is in pappegaai-eftige út de famylje fan 'e pappegaaien fan Afrika en de Nije Wrâld (Psittacidae).

Skaaimerken thumb|left|Goed te sjen is de grizige gloed op 'e rêch. De grutte amazône is ien fan 'e grutste soarten yn it skaai fan 'e amazônepappegaaien en kriget in lingte fan 38 oant 41 sm en in gewicht dat fariëarje kin tusken de 550 en 750 gram. De fûgel is foar it grutste part grien, mar hat in karakteristike matte, grizige gloed oer de rêch en nekke, lykas ha se der wat moal oerhinne struid. Yn 'e slachpinnen fan 'e wjukken binne reade en blauwe details.

Boppe op 'e krún is in lyts giel plak, dat net altiten by alle fûgels goed te sjen is. De eachring fearreleas, breed en wyt. De snaffel is donkergriis oant swart, faak ljochter by de basis.

Fersprieding en systematyk De soarte hat in tige grut ferspriedingsgebiet yn Súd-Amearika en dielen fan Sintraal-Amearika fan súdlik Meksiko oant Panama, in part fan it easten fan Bolivia en it hiele Amazônebekken yn Brazylje, Kolombia, Perû, Ekwador en de Guyana's.

Yn 2017 is de noardlike foarm as de Gûatemala-amazône (Amazona guatemalae) troch ferskate autoriteiten (lykas de BirdLife International en de IOC) as aparte soarte ôfspjalte. De súdlike populaasjes yn it Amazônebekken en de Guyana's wurde sûnt dy tiid beskôge as de 'echte' grutte amazône (Amazona farinosa). De IUCN folge de feroaringen yn 2021/2022.

Status Hoewol't de fûgel oant 2022 as hast bedrige (NT) klassifisearre stie, waard by de werbeöardieling fan 'e fûgel fêststeld dat it ferspriedingsgebiet yn it Amazônebekken sa ûnbidich grut is en de populaasje (nettsjinsteande de krimp) noch sa grut, dat de soarte de drompel foar "hast bedrige" net mear helle. Dêrom wurdt de soarte no as net bedrige (LC) klassifisearre. Bedrigingen foar de fûgel binne lykwols noch jimmeroan it ûntboskjen en it fangen fan 'e soarte foar de hannel.

Avikultuer Yn 'e avikultuer binne grutte amazônes populêr fanwegen harren rêstige karakter yn fergeliking mei oare amazônes. Se binne minder opfleanend en steane bekend as yntelliginte fûgels dy't goed leare kinne. Se hawwe lykwols in tige fierdragend lûd dat kilometers fier te hearren is, wat se minder geskikt makket foar yn in wenwiken.

Kategory:Amazônepappegaai Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Brazylje Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko Kategory:Lânseigen fauna yn Perû Kategory:Lânseigen fauna yn Bolivia Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwador Kategory:Lânseigen fauna yn Frânsk-Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Panama Kategory:Lânseigen fauna yn Suriname Kategory:Lânseigen fauna yn Fenezuëla