De Sibearyske wilster (Pluvialis fulva) is in waadfûgel út 'e famylje fan 'e wilsterfûgels dy't briedt op 'e tûndra's fan Sibearje en Alaska.
Ferskining Sibearyske wilsters wurde 23 oant 26 sintimeter mei in spanwiidte fan 60 oant 67 sintimeter. Se ha in soad fan 'e Europeeske- en Amerikaanske wilster en binne lykas ek de Amerikaanske wilster wat lytser en slanker as de gewoane wilster. De Sibearyske- en de Amerikaanske wilster binne dreech fan inoar te ûnderskieden en wiene foar in lang skoft ûndersoarten fan inoar. De Sibearyske wilster is lykwols eleganter en hat langere poaten, in langere hals en in langere, krêftiger snaffel as de Amerikaanske. De wjukken binne wat koarter en stekke minder fier efter de sturt út.
thumb|left|Briedkleed. It fearrekleed fan 'e Sibearyske wilster hat in soad fan 'e gewoane Europeeske wilster. Hy hat meast in ljochte wynbraustreek en in tsjustere eachstreek. De mantel fan 'e Sibearyske wilster is bûnt mei goudgiele en swarte plakken. Yn it folle simmerkleed hat de soarte in swart gesicht, in swart boarst en in swarte romp, omseame fan in wite flankstreek (mar minder skerp en smeller as by de apricaria en dominica), in wite anaalstreek en swartbûnte dekfearren yn 'e ûndersturt. Wyfkes binne minder skerp tekene as mantsjes mei minder of gjin swart op 'e kop. Troch de ljochtbrune okselfearren binne Sibearyske wilsters yn 'e flecht it bêste fan syn soartegenoaten yn it skaai te ûnderskieden. thumb|left|Winterkleed. It winterkleed fan 'e Sibearyske wilster is minder kontrastryk as it simmerkleed. It swart ferdwynt en makket plak foar waarmere tinten. Ek wurde swartwite aksinten minder dúdlik. De ûnderkant is mear ljochtbrún oant bêzje-eftich ynstee fan swart en de boppedielen binne brúngiel, faak noch mei in goudkleurige glâns.
Fersprieding De soarte briedt op 'e tûndra's fan Sibearje en West-Alaska en oerwinteret op gerslannen, dridzige gebieten, sompige greiden en ikkers yn Súdeast-Aazje, Austraalje, de súdkust fan it Arabysk Skiereilân en eastlik Afrika. Se binne swalkers yn Europa en wurdt ek as sadanich yn Nederlân waarnommen.
Hâlden en dragen It nêst is in ienfâldich kûltsje op 'e grûn, yn 'e regel beklaaid mei wat moas en gers. Der wurde meastentiids fjouwer aaikes lein, goed kamûflearre tsjin de boaiem. Beide âlden briede en de ynkubaasjetiid duorret 26 oant 27 dagen. De piken rinne hast fuortendaliks om en sykje sels om fretten, mar wurde bewekke troch de âlders. Nei it útfleanen lûke se al gau wer nei it suden. Guon fûgels meitsje ôfstannen fan tûzenen kilometers nei Oseaanje of Súdeast-Aazje.Birds of the World, Cornell Lab of Ornithology Johnson, O. W. & Connors, P. G. (2010): Pacific Golden-Plover (Pluvialis fulva)] Sibearyske wilsters kinne 3 oant 5 dagen fleane sûnder te rêsten, te iten of te drinken.Gill, R. E. et al. (2009): Extreme endurance flights by landbirds crossing the Pacific Ocean: ecological corridor rather than barrier? thumb|250px|Fleanende Sibearyske wilster. Yn 'e briedtiid yt de fûgel ynsekten, spinnen, wjirms en lyts kreefteftigen. Bûten de briedtiid bestiet it iten út lytse wringeleazen, skaaldieren en ynsekten, mar somtiden ek beien en sied. De fûgel hat de karakteristike wize fan foerazjearren fan wilsters: hurd rinnend en hiel efkes stoppe om te prikken.
Status It ferspriedingsgebiet fan 'e fûgel is ûnbidich grut en dêrom allinnich al is de kâns op útstjerren lyts. De wrâldpopulaasje bestiet neffens in rûzing fan 2016 út 90.000 oant 140.000 folwoeksen fûgels. De IUCN klassifisearret de fûgel dêrom as net bedrige (Least Concern, 2025). Harren oantallen rinne lykwols tebek, mar minder as 30% yn tsien jier tiid. De grutste bedrigingen fan 'e fûgel binne it ferlies fan habitat en degradaasje fan 'e briedgebieten yn Noard-Aazje en de wintergebieten yn tropysk Aazje.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Wilster Kategory:Lânseigen fauna yn Amerikaansk-Samoä Kategory:Lânseigen fauna yn de Andamanen en Nikobaren Kategory:Lânseigen fauna yn Austraalje Kategory:Lânseigen fauna yn Bachrein Kategory:Lânseigen fauna yn Bangladesj Kategory:Lânseigen fauna yn Brûnei Kategory:Lânseigen fauna yn Kambodja Kategory:Lânseigen fauna yn Kanada Kategory:Lânseigen fauna yn Krysteilân Kategory:Lânseigen fauna yn de Komoaren Kategory:Lânseigen fauna yn de Cookeilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Dzjibûty Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä Kategory:Lânseigen fauna yn Fidzjy Kategory:Lânseigen fauna yn Frânsk-Polyneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Gûam Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Yndoneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Japan Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Kiribaty Kategory:Lânseigen fauna yn Kirgyzje Kategory:Lânseigen fauna yn de Kokoseilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Laos Kategory:Lânseigen fauna yn Maleizje Kategory:Lânseigen fauna yn de Maldiven Kategory:Lânseigen fauna yn de Marshalleilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Mauritsius Kategory:Lânseigen fauna yn Majot Kategory:Lânseigen fauna yn Mikroneezje (lân) Kategory:Lânseigen fauna yn Mongoalje Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Naurû Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn Nij-Kaledoanje Kategory:Lânseigen fauna yn Nij-Seelân Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn de Noardlike Marianen Kategory:Lânseigen fauna yn Oman Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Palau Kategory:Lânseigen fauna yn Papoea Nij-Guineä Kategory:Lânseigen fauna yn de Filipinen Kategory:Lânseigen fauna yn Katar Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Samoä Kategory:Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje Kategory:Lânseigen fauna yn de Seysjellen Kategory:Lânseigen fauna yn Singapoer Kategory:Lânseigen fauna yn de Salomonseilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Sry Lanka Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Taiwan Kategory:Lânseigen fauna yn Tadzjikistan Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Tailân Kategory:Lânseigen fauna yn East-Timor Kategory:Lânseigen fauna yn Tonga Kategory:Lânseigen fauna yn Turkmenistan Kategory:Lânseigen fauna yn Tûvalû Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Arabyske Emiraten Kategory:Lânseigen fauna yn Fanûatû Kategory:Lânseigen fauna yn Wallis en Fûtûna Kategory:Lânseigen fauna yn Jemen Kategory:Lânseigen fauna yn Hawaï Kategory:Lânseigen fauna yn Alaska Kategory:Lânseigen fauna yn de Amerikaanske Lytse Ofhandige Eilannen yn de Grutte Oseaan