De Kalifornyske klikstirns (Thalasseus elegans, synonym Sterna elegans) is in fûgelsoarte yn it skaai klikstirnzen (Thalasseus) út 'e famylje seefûgels (Laridae).
Skaaimerken thumb|left|De fûgel yn winterkleed. De Kalifornyske klikstirn is in middelgrutte stirns fan 39 oant 43 sm en in spanwiidte fan 76 oant 81 sm mei in lange oranje snaffel, dy't licht bûge is. De boppekant fan 'e wjukken en rêch binne ljochtgriis en de ûnderkant is wyt. De fûgel hat in swarte pet en ek de poaten binne swart. Yn it briedkleed is de pet op 'e kop folslein swart oant te snaffel ta. Winterdeis hat de fûgel in wite foarholle.
De soarte liket in soad op 'e keningsstirns, mar is lytser en slanker mei in tinnere snaffel.
Fersprieding De fûgel briedt fan súdlik Kalifornje oant westlik Meksiko (Nayarit). Mear as 90% briedt yn ien koloanje op Isla Raza yn 'e Golf fan Kalifornje. De populaasje yn 'e Feriene Steaten is relatyf nij, mei de earste briedgefallen yn 1959.
Winterdeis wurdt de fûgel mear nei it suden oant Sily sjoen. De fûgel migrearret ek nei it noarden by de westkust lâns fan 'e Feriene Steaten, soms sels oant Britsk-Kolumbia yn Kanada ta. thumb|left|Piken. Kalifornyske sterns binne as dwaalgast yn Frankryk, Spanje, Belgje, Nederlân, it Feriene Keninkryk, Denemark, Ierlân en Dútslân waarnommen.
De soarte is sterk oan 'e kustkriten bûn en siket meast nei fisk en wringeleazen yn sâltwetterlagunes, estuaria en oare gebieten.
Status De Kalifornyske stern wurdt troch de IUCN as gefoelich (Near Threatened, 2020) op 'e Reade list klassifisearre. Dat hat te krijen mei it feit dat in grut part fan 'e wrâldpopulaasje fan mear as 90% ta ien eilân beheind is, nammentlik Isla Raza. Dat kin in bedriging wêze by klimaatferoaring, minsklik yngripen of in ferskynsel lykas El Niño. De wrâldpopulaasje waard yn 2002 tusken de 51.000 en 90.000 fûgels rûsd. Yn 2009 begûnen natuerbeskermers in yntervinsjeprojekt foar natuerbehâld op Rasa Island, dêr't ynvasive kjifdieren nêsten fan 'e fûgels plonderen. Dy suksesfolle útroeging joech de seefûgels in tige wichtige populaasjegroei.Island Conservation: A thriving nest foar elegant terns, 25 septimber 2017 Tusken 2014-2019 groeide de populaasje fan 'e eilannen foar Baja California mei 249%.Population trends of seabirds in Mexican Islands at the California Current System, 7 oktober 2022
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Klikstirns Kategory:Lânseigen fauna yn Sily Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia Kategory:Lânseigen fauna yn Kosta Rika Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwador Kategory:Lânseigen fauna yn El Salvador Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko Kategory:Lânseigen fauna yn Nikaragûa Kategory:Lânseigen fauna yn Panama Kategory:Lânseigen fauna yn Perû Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn de Grutte Oseaan Kategory:Lânseigen fauna yn de Golf fan Kalifornje