De noardske stirns (Sterna paradisaea) is in fûgel út de ûnderfamylje fan de stirnzen (Sterninae).
Skaaimerken De noardske stirns wurdt tusken 33 en 36 sm, in spanwiidte fan 76 oant 85 sm en in gewicht tusken 86 en 127 gram. De fûgel hat in soad fan 'e wytstirns (Sterna hirundo). It fearrekleed is wyt oant ljochtgriis. Yn it briedkleed is de snaffel bloedread, sûnder in swarte punt lykas by de wytstirns. De swarte mûtse is ek minder grut as by de wytstins. Yn it winterkleed wurdt de snaffel swart en de kroan fan 'e kop wyt. De noardske stirns hat yn ferlikening mei de wytstirns boppedat koartere poaten en in langere sturt. Mar ek mei help fan dy skaaimerken binne beide soarten foar leken dreech te ûnderskieden. thumb|left|Juvenyl. Juvenilen ha noch gjin grize búk en it swart ûntbrekt op 'e foarholle. De rêch is foar in part brunich of strekerich.
Fersprieding Noardske stirnzen briede sirkumpolêr fan 'e boreale sônes oant it Heech-Arktysk gebiet, mei allinich gatten yn 'e fersprieding dy 't troch simmeriis feroarsake wurde. Yn Sintraal-Europa briede se ek regelmjittich oan 'e kusten fan 'e Noardsee en de Eastsee. Us lân leit oan 'e súdlike grins fan it briedgebiet en dêrom binne der ek gruttere skommelingen yn 'e oantallen fûgels. Yn it briedseizoen wurde se yn lytse oantallen oantroffen op 'e Waadeilannen (totaal briedpearkes Nederlân yn 2024: 625-640 pearkes).
Noardske stirnzen ha in foarkar foar heldere en fegetaasje-earme kusten. Lykas de wytstirns siket de noardske stirns ek riviermûningen en grutte waadgebieten tusken it fêstelân en eilannen op. By it sykje fan iten is de aksjeradius fan noardske stirnzen yn ferlikening mei de wytstirns in stik lytser.
Hâlden en dragen Noardske stirnzen ite lytse fiskjes, ynsekten en kreeften. By it dûken oereidzje se earst it wetteroerflak yn in stadige, sykjende flecht. As se ienris in proai yn 'e rekken hawwe, kantelje se ynienen fertikaal mei de wjukken heal ticht en dûke se yn in steile hoeke nei ûnderen. De fûgel ferdwynt folslein yn it wetter en krijt nei in hoart earst de wjukken wer boppe wetter. thumb|lfet|Fûgel yn Yslân. De noardske stirns is in trekfûgel mei de langste migraasjerûte. Syn oerwinteringsgebieten lizze oan 'e râne fan it Antarktyske pakiisgebiet tusken 55 en 70 graden fan 'e súdlike breedtegraad yn it suden fan 'e Atlantyske- en Yndyske Oseaan, yn 'e Weddellsee en foar de kust fan Antarktika. De fûgel by de trek in ôfstân fan oant 30.000 km ôf fan harren Arktyske briedplakken nei harren Antarktyske oerwinteringsgebieten en werom - hast in kear om 'e wrâld. Resint ûndersyk hat oantoand dat guon fûgels oant 90.000 km yn in jier ôflizze kinne. Ien fan 'e 29 mei in sensor útriste fûgels fan 'e Farne-eilannen reizgen yn 10 moannen tiid 96.000 km. thumb|left|Briedende fûgel op 'e Farne-eilannen. De fûgels begjinne meastentiids yn it fjirde jier te brieden. Se briede yn koloanjes fan maksimaal 1.000 fûgels op tin begroeide eilannen, yn sânheuvels en grintflakten. It nêst is in troch it bealchje fan 'e fûgel groeven kûltsje yn 'e grûn, sûnder in soad beklaaiïng. It wyfke leit ien oant trije aaien fan 4 sm. Beide âlden briede likernôch trije wiken, oant de piken útkomme. De jonge fûgels fleane as se 21 oant 24 dagen âld binne en wurde meastentiids noch in wike fuorre. De âlden ferdigene de jongen tsjin fijannen troch dûkflechten.
Status De noardske stirns hat in tige breed ferspriedingsgebiet en nimt yn oantal ôf, mar net sa bot dat de fûgel as bedrige beskôge wurde kin. De IUCN kategorisearret de soarte sûnt 1988 as net bedrige (Least Concern, 2018). De wrâldpopulaasje wurdt op mear as twa miljoen fûgels rûsd, wêrfan't 564.000–906.000 pearkes (2015) nei alle gedachten yn Jeropa briede. De soarte falt ûnder de Afrikaansk-Euraziatyske oerienkomst oer wetterfûgels.
Yn guon lannen wurdt de soarte bedrige. De soarte naam yn 'e lette 19e iuw ôf yn Nij-Ingelân fanwegen de jacht foar de huoddemakkerij. De eksploitaasje giet troch yn westlik Grienlân, dêr't de soarte sûnt 1950 foars ôfnommen is. Yn it súdlike diel fan syn ferspriedingsgebiet yn Noard-Amearika is de noardske stirns yn oantal ôfnommen, foar in grut part troch in brek oan iten. Ek de delgong fan 'e soarte yn Grut-Bruttanje is dramatysk. Der binne ek lannen dêr't de oantallen tanimme, lykas Sweden.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Wytstirns Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Antarktika Kategory:Lânseigen fauna yn Argentynje Kategory:Lânseigen fauna yn Austraalje Kategory:Lânseigen fauna yn Eastenryk Kategory:Lânseigen fauna yn Belgje Kategory:Lânseigen fauna yn Benyn Kategory:Lânseigen fauna yn Bermuda Kategory:Lânseigen fauna yn Bolivia Kategory:Lânseigen fauna yn Bouvet Kategory:Lânseigen fauna yn Brazylje Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn Kanada Kategory:Lânseigen fauna yn Kaapverdje Kategory:Lânseigen fauna yn Sily Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Kosta Rika Kategory:Lânseigen fauna yn Kuba Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Denemark Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwador Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwatoriaal-Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Estlân Kategory:Lânseigen fauna yn de Falklâneilannen Kategory:Lânseigen fauna yn de Fêreu-eilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Finlân Kategory:Lânseigen fauna yn Frankryk Kategory:Lânseigen fauna yn Gabon Kategory:Lânseigen fauna yn Gambia Kategory:Lânseigen fauna yn Dútslân Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Grikelân Kategory:Lânseigen fauna yn Grienlân Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau Kategory:Lânseigen fauna yn Heard en de McDonaldeilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Yslân Kategory:Lânseigen fauna yn Ierlân Kategory:Lânseigen fauna yn Japan Kategory:Lânseigen fauna yn Letlân Kategory:Lânseigen fauna yn Libearia Kategory:Lânseigen fauna yn Litouwen Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko Kategory:Lânseigen fauna yn Marokko Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Nederlân Kategory:Lânseigen fauna yn Fryslân Kategory:Lânseigen fauna yn Nij-Seelân Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Noarwegen Kategory:Lânseigen fauna yn Paraguay Kategory:Lânseigen fauna yn Perû Kategory:Lânseigen fauna yn Poalen Kategory:Lânseigen fauna yn Portegal Kategory:Lânseigen fauna yn Porto Riko Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Sierra Leöane Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Spanje Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Pierre en Miquelon Kategory:Lânseigen fauna yn Spitsbergen Kategory:Lânseigen fauna yn Sweden Kategory:Lânseigen fauna yn Togo Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn Ingelân Kategory:Lânseigen fauna yn Skotlân Kategory:Lânseigen fauna yn Wales Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Ierlân Kategory:Lânseigen fauna yn de Amerikaanske Famme-eilannen Kategory:Lânseigen fauna yn de Noardlike Iissee Kategory:Lânseigen fauna yn de Beringsee Kategory:Lânseigen fauna yn de Hudsonbaai Kategory:Lânseigen fauna yn de Atlantyske Oseaan Kategory:Lânseigen fauna yn de Noardsee Kategory:Lânseigen fauna yn de Eastsee Kategory:Lânseigen fauna yn de Grutte Oseaan Kategory:Lânseigen fauna yn de See fan Ochotsk Kategory:Lânseigen fauna yn de Súdlike Oseaan