thumb|In fisktreppen yn 'e John Daydaam yn 'e rivier de Kolumbia yn de Feriene Steaten thumb|De grutste fisktreppen fan Jeropa by Geesthacht oan 'e Elbe yn Dútslân In fisktreppen, fiskljedder of fiskpassaazje is in wetterboukundich keunstwurk dat as doel hat en help fisken de stream op farby in behindering yn in rivier of kanaal te helpen. Dat kin gean om minsklike of natuerlike behinderings lykas diken, dammen, slûzen, gemalen en wetterfallen, om fisken dêr foarby te lieden. In soad fisktreppen hawwe it doel en jou trekfisken, lykas salmen en forellen, tagong ta in troch in behindering net tagonklik wurden boppestreams ridzegebiet

Techniken Der binne ferskate techniken foar in fisktreppen. Foar de salm en forel, fisken dy't springe kinne, bestiet it gauris út in kaskade fan lytse bakken mei streamend wetter dêr't de fisk nei in heger nivo by swimme of springe moat

In fisktrep moat oanpast wêze oan 'e fisk dy't dêr gebrûk fan meitsje moat. Wichtich is it plak fan de ynlaat neffens de blokkade, de grutte fan 'e lokstream en de maksimale streamfaasje dy't de fisk ferneare kin. Yn de grutte rivieren wurdt besocht om fisktrappen oan te passen, sadat salmen tsjin de stream yn swimme kinne; op oare plakken leit de klam benammen op lytse soarten dy't oan 'e boaiem libje en witfisksoarten lykas de serpeling en de winde.

By Koarnwertersân yn 'e Ofslútdyk wurdt op it stuit wurke oan in fiskmigraasjerivier, dêr't fisken hinne en wer swimme kinne fan 'e swiete Iselmar nei de sâlte Waadsee en oarsom.Fiskmigraasjerivier

Typen Guon typen fisktreppens binne:

Denil-Fiskpassaazje Fisklift Fiskslûs Fiskopstigingsskroef Helix-toerfiskpassaazje

Foarbylden

Keppelings om utens Living North Sea; Ynternasjonaal projekt oer it oanpakken fan de fiskmigraasjeproblematyk Fiskmigraasje

Kategory:Wetterboukunde Kategory:Natoerbehear