De Jamaikaanske tody (Todus todus) is in lyts fûgeltsje yn it skaai Todus yn 'e monotypyske famylje Todidae.

Beskriuwing Jamaikaanske tody's binne lytse fûgeltsjes fan likernôch 10 sm en 6 gram swier. Se binne oan 'e boppekant felgrien, op it boarst en de búk wyt mei in gielgriene glâns en op 'e kiel read. Ek op 'e flanken kin wat read oanwêzich wêze. De lange snaffel is ûnder read en boppe hast swart. It fearrekleed fan 'e skaaien is itselde.

Fersprieding De soarte is endemysk op Jamaika en wurde rûnom op it eilân sjoen, mar meast yn 'e boskeftige gebieten.

Hâlden en dragen It iten bestiet út ynsekten en larven, mar út en troch ek fruit. Yn 'e regel sitte se op in tûkje dêr't se de eagen hinne wer gean litte om dan in flugge útfal te dwaan om in ynsekt út de loft te of fan in blêd te snippen, mar se wurde ek wol yn 'e flecht fongen. Hoe't se drinke is net waarnommen, mar der wurdt fan útgien dat se it measte wetter fan drippen fan blêden krije en troch iten dat se ynnimme. Harrren nêst bestiet út in keamer oan 'e ein fan in 30 sm lang tunneltsje yn in sânwâl of wetterigge. Se lizze tusken 1 en 4 wite aaikes en it briedseizoen duorret fan desimber oant july,

Status De populaasjegrutte is net kwantifisearre, mar de soarte wurdt omskreaun as frij gewoan en der wurdt oannommen dat de populaasje stabyl is. De fûgel wurdt op 'e Reade list fan 'e IUCN as net bedrige (Least Concern, 2025) klassifisearre.

De yntrodusearre mangoeste foarmet de grutste bedriging foar de Jamaikaanske tody. It bist fernield de nêsttunnels fan 'e fûgel, wylst de jongen noch yn 'e nêstfaze binne. It hat bliken dien dat Jamaikaanske tody's tige effektyf binne by de bestriding fan skealike ynsekten op 'e plantaazjes fan kofjeboeren.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Tody Kategory:Lânseigen fauna yn Jamaika