De Portorikaanske tody (Todus mexicanus) is ien fan 'e fiif fûgelsoarten yn it skaai Todus yn 'e monotypyske famylje Todidae.

Beskriuwing left|thumb|Fûgel yn it Nasjonaal Bosk El Yunque.

De Portorikaanske tody is likernôch 11 sm lang en weaget 5 oant 6 gram. De boppekante fan 'e Portorikaanske tody is smaragdgrien. Hy hat ljochtgiele flanken en in wite búk en boarst. De kiel fan it fûgeltsje is read, lykas ek de ûndersnaffel, dy't lang en breed is. De poatsjes binne brúnich en de koarte sturt is boppe grien en fan ûnder ljochtgiel. Mantsjes en wyfkes binne allyk, allinnich ha mantsjes grize eagen en wyfkes wite. Juvenilen ha wakker deselde kleuren, mar misse de reade markearings, ha in griiskleurige búk en in koartere snaffel. It is de iennige soarte yn it skaai sûnder rôzereade of gielgriene fearren op 'e flanken.

Fersprieding De soarte is edemysk op Porto Riko en komt op it hiele haadeilân foar. Hy wurdt fral yn boskgebieten waarnommen, benammen yn fochtich bosk dêr't de ynsektenkonsintraasjes heger binne, en ek yn tichte strûken, lykas it Guánica-wâld yn 'e súdlike regio fan it eilân.

Todys hawwe lytse territoaria. Yn leechlânbosken is it territoarium fan in tody sawat 0,7 hektare, mar op plakken mei legere konsintraasjes ynsekten wurde de territoaria grutter oant twa hektare per pear.

Hâlden en dragen Portorikaanske todys ite foar fierwei it grutste part ynsekten. Dêrnjonken wurde yntsjes, jufferkes, miggen, krobben en spinnen iten. In lyts part fan it dieet bestiet út hagediskes en kikkerts.

Foar it nêst graaft it pearke tusken febrewaris en juny foar it wiete seizoen yn acht wiken tiid in 25 oant 35 sm lange tunnel mei in keamerke yn in ierden wâl. Yn it keamerke wurdt it nêst makke. As it nêst foltôge is,begjinne wyfkes 3 oant 4 wiken letter 1 oant 4 wite aaikes te lizzen. It pearke briedt tegearre de aaikes yn trochstrings 21 dagen út.

Status Der is gjin rûzing fan 'e grutte fan populaasje, mar de soarte soe algemien foarkomme. Op 'e Reade list fan 'e IUCN hat de soarte de status net bedrige (Least Concern, 2025). In bedriging foar it fûgeltsje foarmet de predaasje fan 'e Yndyske ichneumon.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Tody Kategory:Lânseigen fauna yn Porto Riko