De smelsnaffeltody (Todus angustirostris) is ien fan 'e fiif soarten yn it skaai todys (Todus) út de monotypyske famylje todyfûgels (Todidae).

Beskriuwing Alle fiif soarten fan it skaai binne tige lyts, rûnich boud, ha in koarte sturt en in lange snaffel. De smelsnaffeltody weaget likernôch 7,5 gram. Syn boppekant is heldergrien en wurdt om 'e wite eagen hast smaragdgrien. In wite snorstreek skiedt it gesicht fan it karmynreade kin. It boarst en de búk binne wyt en de flanken rôze oant read. De boppekant fan 'e wjuk is heldergrien en in grut part fan 'e ûnderwjuk is gielich. De boppesnaffel is swart en de ûndersnaffel read mei in swarte punt.

De soarte komt foar in part foar yn it ferspriedingsgebiet fan 'e breedsnaffeltody. It fûgeltsje is te ûnderskieden fan 'e breedsnaffeltody mei't dy in gielige ûnderbúk, in folslein reade ûndersnaffel en in donker each hat.

Fersprieding De smelsnaffeltody is endemysk op it eilân Hispanjoala en komt op sawol yn Haïty as de Dominikaanske Republyk foar. Hy libbet meast yn 'e tichte reinwâlden en bosken op hichten fan 900 oant 2.400 m. Lokaal wurdt er ek waarnommen op legere dielen, dêr't er syn ferspriedingsgebiet mei de breedsnaffeltody dielt.

Hâlden en dragen It dieet fan 'e smelsnaffeltody bestiet hast hielendal út ynsekten. Nijsgjirrich is dat se net jeie op gruttere flinters of rûpen, dy't wol diel útmeitsje fan it dieet fan 'e breedsnaffeltody. De smelsnaffeltody hat oanstriid om heech yn 'e beammen te foerazjearjen, fral as se diel útmeitsje fan in mingde soartegroep. Se foerazjearje ek leger tusken de strûken fan kofjeplantaazjes.

Beide skaaien grave in nêst oan 'e ein fan in sawat 30 sm djippe tunnel yn in ierden wâl. In lechsel bestiet út ien oan fjouwer glânzgjend wite aaikes. Meastentiids wurdt der mar ien lechsel lein. It mantsje en it wyfke briede tegearre de aaikes út. Nei't de jongen útflein binne giet it pearke wer út inoar.

Status De IUCN klassifisearre de smelsnaffelfûgel yn 1988 as hast bedrige, mar sûnt 2004 wurdt er as net bedrige (Least Concern, 2024) op 'e Reade list klassifisearre. De populaasje is net kwantifisearre en tocht wurdt dat de oantallen tebekrinne fanwegen ferlies fan habitat.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Tody Kategory:Lânseigen fauna yn Haïty Kategory:Lânseigen fauna yn de Dominikaanske Republyk