De njirrewoartel (wittenskiplike namme: Bistorta officinalis, syn. Persicaria bistorta) is in plantesoarte út de readskonkfamylje (Polygonaceae).

Namme De namme is ôflaat fan de slangeftige woartel. Ek de soartoantsjutting bistorta wiist yn dy rjochting, dat betsjut twa kear draaid.

Determinaasje Njirrewoartel is in fêste krûdplant. Se is mei har slangfoarmige woartelstôk en allinnichsteande bloeistâle mei tichte, rôze bloeiwize en is troch syn karakteristyk foarme blêden goed te determinearjen. De 30–100 sm hege plant begjint mei in woartelroset en hat in rjochtopsteande stâle mei in ierfoarmige bloeiwize. Hjirby komme de manlike en froulike blommen oan ien stâle foar. De út in woartelrozet ûntspringende blêden binne trijehoekich-aairûn. De plant groeit oan iggen fan sleatten, faak yn groepen. De bloeitiid rint fan maaie oant augustus.

Ekology Njirrewoartel stiet op sinnige oant ljocht bedutsen, fochtige oant sompige, matich soere, itens- en humusrike, kalkearme sân-, liem- of lichte klaai en ferdraacht gjin bekalking, ûntwettering en beweiding. De plant groeit foaral yn wiete gerslannen, by sleatten lâns en yn ljochte bosken. Hy fermearderet har foaral fegetatyf. It is in yndikatoarsoarte foar it oan it oerflak kommen fan kwelwetter. De plant wurdt ek kweekt as tún- en stinzeplant en ferwylderet faak.

De plant is de weardplant foar de reade fjoerflinter en de ringeachpearelmoerflinter.

Syntaksonomy Yn de syntaksonomy stiet njirrewoartel te boek as kensoarte foar de assosjaasje fan ingelwoartel en moeraszegge.

Fersprieding Yn Europa komt de plant oeral foar, útsein yn it noarden fan Skandinaavje. Ek yn Aazje komt de plant yn de tuskenbeiden streken foar. Yn Noard-Amearika is de plant ynfierd, se kin der ûnder oare yn Alaska fûn wurde. Ek op oare plakken is de plant soms ynboargere.

Yn Nederlân is de soart frij seldsum yn Noard-Brabân en yn it súdeasten, seldsum yn Gelderlân, Oerisel en yn it noardeasten en earne oars tige seldsum. De plant komt yn it wyld foaral by feanrivierkes foar; it tal groeiplakken nimt stadichoan ôf. Yn België is de njirrewoartel algemiener yn Walloanje dan yn Flaanderen. Yn Flaanderen is in dúdlik eastlik swiertepunt waar te nimmen. Yn Limboarch, Antwerpen, East-Flaanderen en Flaamsk-Brabân hat it gros fan'e groeiplakken in natuerlik karakter. Inkeld yn de Ardennen is it in algemiene soart.

Gebrûk Al yn 'e 15e iuw waard de plant brûkt yn 'e genêskunde. It krûd wie al earder beskreaun, mar dan ûnder oare nammen. De plant waard brûkt tsjin skuorbot en as wûnkrûd of bloedstjelpend middel. Troch de foarm fan de woartel koe it neffens de signatuerlear tapast wurde by njirrebiten en oar gif. In âlde namme foar it krûd wie dan ek Serpentaria. It is noch altyd ien fan de bêste gearlûkende krûden. Yn it ferline waard de plant in soad as griente iten, benammen de spruten en it jong blêd. Se waard ek brûkt by it learloaien.

Keppeling om utens Njirrewoartel op Stinzenflora-monitor.nl Njirrewoartel op 'e webside fan 'e Botanyske Tún fan Kew

Kategory:Stinzeplant Kategory:Plantesoarte Kategory:Readskonk (famylje) Kategory:Lânseigen floara yn Abgaazje Kategory:Lânseigen floara yn Albaanje Kategory:Lânseigen floara yn Andorra Kategory:Lânseigen floara yn Armeenje Kategory:Lânseigen floara yn Azerbeidzjan Kategory:Lânseigen floara yn Belgje Kategory:Lânseigen floara yn Bosnje-Hertsegovina Kategory:Lânseigen floara yn Bulgarije Kategory:Lânseigen floara yn Dútslân Kategory:Lânseigen floara yn Eastenryk Kategory:Lânseigen floara yn Estlân Kategory:Lânseigen floara yn Fatikaanstêd Kategory:Lânseigen floara yn Frankryk Kategory:Lânseigen floara yn Fryslân Kategory:Lânseigen floara yn Georgje Kategory:Lânseigen floara yn Gibraltar Kategory:Lânseigen floara yn Grikelân Kategory:Lânseigen floara yn Guernsey Kategory:Lânseigen floara yn Hongarije Kategory:Lânseigen floara yn Ingelân Kategory:Lânseigen floara yn Itaalje Kategory:Lânseigen floara yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen floara yn Jersey Kategory:Lânseigen floara yn Kosovo Kategory:Lânseigen floara yn Kroaasje Kategory:Lânseigen floara yn Letlân Kategory:Lânseigen floara yn Lychtenstein Kategory:Lânseigen floara yn Litouwen Kategory:Lânseigen floara yn Lúksemboarch (lân) Kategory:Lânseigen floara yn Moldaavje Kategory:Lânseigen floara yn Monako Kategory:Lânseigen floara yn Montenegro Kategory:Lânseigen floara yn Nederlân Kategory:Lânseigen floara yn Noard-Masedoanje Kategory:Lânseigen floara yn de Oekraïne Kategory:Lânseigen floara yn Poalen Kategory:Lânseigen floara yn Portegal Kategory:Lânseigen floara yn Roemeenje Kategory:Lânseigen floara yn San Marino Kategory:Lânseigen floara yn Servje Kategory:Lânseigen floara yn Sibearje Kategory:Lânseigen floara yn Skotlân Kategory:Lânseigen floara yn Sloveenje Kategory:Lânseigen floara yn Slowakije Kategory:Lânseigen floara yn Spanje Kategory:Lânseigen floara yn Súd-Osseesje Kategory:Lânseigen floara yn Switserlân Kategory:Lânseigen floara yn Tsjechje Kategory:Lânseigen floara yn Turkije Kategory:Lânseigen floara yn Wales Kategory:Lânseigen floara yn Wyt-Ruslân Kategory:Lânseigen floara yn Marokko Kategory:Lânseigen floara yn Yndia Kategory:Lânseigen floara yn Irak Kategory:Lânseigen floara yn Iran Kategory:Lânseigen floara yn Japan Kategory:Lânseigen floara yn Nepal Kategory:Lânseigen floara yn Noard-Koreä Kategory:Lânseigen floara yn Pakistan Kategory:Lânseigen floara yn Sina Kategory:Lânseigen floara yn Súd-Koreä Kategory:Eksoat yn Denemark Kategory:Eksoat yn de Feriene Steaten Kategory:Eksoat yn Finlân Kategory:Eksoat yn Ierlân Kategory:Eksoat yn Yslân Kategory:Eksoat yn Kanada Kategory:Eksoat yn Man Kategory:Eksoat yn Noard-Ierlân Kategory:Eksoat yn Noarwegen Kategory:Eksoat yn Sweden