Wytstirnzen (Sterna) binne in fûgelskaai út de famylje fan 'e seefûgels (Laridae). De wittenskiplike namme fan it skaai waard yn 1758 troch Carolus Linnaeus.
It skaai omfieme foarhinne de measte wite stirnzen sûnder ûnderskied, mar mtDNA-sekwinsje ferlikeningen hawwe útmakke dat dy opset parafyletysk wie. It skaai is no beheind ta de typyske middelgrutte wite stinzen mei djip foarke sturten (swellesturten), dy't hast oer de hiele wrâld oan kustkriten foarkomme. Der binne lykwols ek guon soarten dy't yn swietwettergebieten foarkomme, lykas de by ús bekend wytstirns.
De typesoarte is de wytstirns.
Soarten De wurde 13 soarten yn it skaai erkend:
Ofbyld Fryske namme Wittenskiplike namme Fersprieding120px Sterna aurantia rivierstirns rivieren fan Pakistan, Yndysk subkontinint oant Birma, Tailân en Kambodja. 120px Sterna forsteri Forsterstirns Noard-Amearika.120px Sterna trudeaui wytkroanstirns Argentynje, Súdeast-Brazylje, Sily, Paraguay en Oerûguay.120px Sterna paradisaea noardske stirns Arktysk en subarktyske gebieten fan Europa, Aazje, Noard-Amearika). 120px Sterna hirundinacea Súdamerikaanske stirns Súdlik Súd-Amearika ynklusyf de Falklâneilannen, Pasifyske kust oant Perû, Atlantyske kust oant Brazylje.120px Sterna vittata Antarktyske stirns Oerûguay, Argentynje, Brazylje, Sily, Falklân-eilannen, Heard en de McDonaldeilannen, Austraalje, Nij-Seelân.120px Sterna virgata Kerguelenstirns Kerguelen, Prins Edwardeilannen, Crozeteilannen. 120px Sterna hirundo wytstirns Eastlik Noard-Amearika, Europa, Noard-Afrika, Aazje eastlik oant Sibearje en Kazachstan.120px Sterna repressa wytkinstirns Kustkristen Reade See, Hoarn fan Afrika oant Kenia, Perzyske Golf en kustkriten fan Iran oant Pakistan en West-Yndia.120px Sterna sumatrana swartnekkestirns Tropysk en subtropysk gebieten yn 'e Pasifyske en Yndyske Oseanen.120px Sterna dougallii rôze stirns Atlantyske kusten fan Europa, Noard-Amearika, winterdeis Kariben, West-Afrika, ûndersoarten fan East-Afrika oant de Yndyske Oseaan oant Japan, Austraalje en Nij-Kaledoanje. 120px Sterna striata tarastirns Austraalje, Nij-Seelân.120px Sterna acuticauda swartbúkstirns Pakistan, Nepal, Yndia, Bangladesj en in apart gebiet yn Birma.
Kategory:Fûgelskaai Kategory:Seefûgel