De Afrikaanske keningsstirns (Thalasseus albididorsalis) is in fûgelsoarte fan it skaai klikstirnzen (Thalasseus) yn 'e famylje seefûgels (Laridae), dy't yn kustkriten fan West-Afrika foarkomt.
Skaaimerken thumb|left|Afrikaanske keningsstirnzen yn Senegal. Mei in lichemslingte fan 45–50 sm en in spanwiidte fan 125–135 sm is de Afrikaanske keningsstirns in grutte stirns, allinnich de gewoane stins is grutter yn syn ferspriedingsgebiet. Yn it briedkleed hat er in swarte kroan mei in koarte túf, in oranjereade snaffel en swarte poaten. Under is de fûgel wyt en boppe sulvergriis. Yn 'e flecht is in donkere râne sichtber op 'e bûtenste wjukfearren. Winterdeis is de foarholle wyt, wêrby't it swart oant de efterkant fan 'e kroan fermindere is. De snaffel is ek gieler.
Jonge fûgels ha in ferskillend fearrekleed; de ûnderkant is wyt en de boppekant hat gjin effen fearrekleed, de snaffel is lytser en bleek giel, wylst de poatsjes selden swart binne mar grien, giel of rôze. Fersprieding Afrikaanske keningsstirnzen briede yn West-Afrika fan 'e kustkriten fan Mauretaanje oant Guinee, somtiden noch fierder nei it suden. Nei it briedseizoen lûke guon fûgels nei it noarden oant Marokko en nei it suden oant it suden fan Namybje. De fûgel komt yn Súdwest-Europa as dwaalgast foar.
De soarte foerazjearret oan strannen en yn lagunes en havens. Hy briedt yn tichte koloanjes tusken april en july.
Taksonomy Oant koartlyn waard de fûgel as in ûndersoarte fan 'e gewoane keningsstirns (T. maximus) behannele. Ut genetyske stúdzjes fan 2017 die lykwols bliken dat de Afrikaanske keningsstirns tichter besibbe is oan 'e Bingaalske klikstirns (T. bengalensis ). Hjoed-de-dei wurdt de soarte hieltyd mear as in aparte soarte erkend.
Status De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) erkent de fûgel noch net as in aparte soarte (sitewaasje 2025) en dêrom is syn bedrigingstatus net beöardiele.
Tusken 2015 en 2019 waard de populaasje op 75.000 pearkes rûsd. De briedgewoanten fan 'e fûgel yn koloanjes makket dat de soarte tige fetber is foar fûgelgryp. Yn 'e maitiid fan 2023 ferstoaren allinnich al op 'e lokaasjes dêr't tellingen dien waarden mear as 10.000 fûgels fan 'e soarte yn Gambia en Senegal.Jatta, Dembo; Wille, Michelle; Ballmann, Mónika Z.; Youm, Babacar N.; Camara, Fagimba; Dodman, Tim; Fox, Oliver J.L. (2025-05-16). Outbreak of high pathogenicity avian influenza (H5N1) in seabird populations of West Africa. Fûgelstúdzje.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Klikstirns Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Benyn Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwatoriaal-Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Gabon Kategory:Lânseigen fauna yn Gambia Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau Kategory:Lânseigen fauna yn Libearia Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Marokko Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn Sierra Leöane Kategory:Lânseigen fauna yn Togo Kategory:Lânseigen fauna yn de Westlike Sahara