De keningsstirns (Thalasseus maximus) is in fûgelsoarte yn it skaai klikstirnzen (Thalasseus) út de famylje seefûgels (Laridae).

Skaaimerken thumb|left|Winterkleed. De fûgel is 42 oant 49 sm lang en hat in spanwiidte fan 86 oant 92 sm. Folwoeksen fûgels ha yn 'e briedtiid in wite kop mei in swarte pet mei efter in túf. Se ha in wyt boarst en wite ûnderkant, grize wjukken, swarte poaten en in foarse oranje snaffel. Yn it winterkleed wurdt de swarte pet lytser en kriget er in wite foarholle. De fûgel hat in lange, djip foarke sturt dy't oan 'e boppekant wyt is.

Wat formaat oanbelanget sit de soarte tusken de grutte klikstirns en de lytsere Bingaalske klikstirns yn. By de Bingaalske klikstirns is de boppekant fan 'e sturt griis en net wyt lykas by de keningsstirns. De oranje snaffel fan 'e keningsstirns is foarser as dy fan 'e Bingaalske klikstirn, wylst dy fan 'e grutte klikstirns reader is mei in swarte punt. De sturt fan 'e grutte klikstirns is ek minder djip foarke.

Fersprieding De soarte waard earder yn twa ûndersoarten (en somtiden nochris) ferdield:

Thalasseus maximus maximus: fan súdlik Kalifornje oant Perû, fan Florida en de Westyndyske eilannen oant Argentynje. Thalasseus maximus albididorsalis: fan Mauretaanje oant Guinee.

Ut genetyske stúdzjes fan 2017 die bliken dat de albididorsalis tichter by de Bingaalske stirns stiet. Dêrom wurdt de albididorsalis jimmeroan faker as in aparte soarte ûnder de namme Afrikaanske keningsstirns behannele, sawol troch it ynfloedrike Ynternasjonaal Ornitologysk Kongres (IOC) as eBird/Clements. thumb|left|Piken. De fûgel briedt op min tangonklike plakken lykas ferlitten sânstrannen, op eilannen en koraalriffen sûnder begroeiing, dêr't se gjin lêst fan rôfdieren ha. Bûten de briedtiid foerazjearret er oan kusten, net mear as 100 meter út see, mar ek yn estuaria en havens en oan brede rivieren, somtiden in lyts stikje it binnenlân yn. It iten bestiet út lytse fiskjes (3 oant 18 sm), inktfiskjes, garnalen en krabben.

Taksonomy Earder waard de keningsstirns mei oare stirnzen yn it skaai sterna set. Fylogenetyske stúdzjes troch Bridge et al. 2005 lieten sjen dat dy gearfoeging net resultearre yn in monofyletysk skaai en dêrom waard besletten ta in opsplitsing yn mear. De keningsstirns wurdt hjoed-de-dei troch de measte autoriteiten yn it skaai Thalasseus set.

Status Der is gjin rûzing fan 'e wrâldpopulaasje. De populaasje wurdt as stabyl beskôge. Dêrfandinne wurdt de keningsstirns as net bedrige op 'e Reade list fan 'e IUCN set. De keningsstirns hat earder oan 'e kust fan Kalifornje in foarse delgong meimakke troch oerbefisking. In potinsjele bedriging foarmet de opgarring fan bestridingsmiddels yn 'e fiedselketen.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Klikstirns Kategory:Lânseigen fauna yn Anguilla Kategory:Lânseigen fauna yn Antigûa en Barbûda Kategory:Lânseigen fauna yn Argentynje Kategory:Lânseigen fauna yn Arûba Kategory:Lânseigen fauna yn de Bahama's Kategory:Lânseigen fauna yn Barbados Kategory:Lânseigen fauna yn Belize Kategory:Lânseigen fauna yn Bermuda Kategory:Lânseigen fauna yn Bonêre Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Eustasius Kategory:Lânseigen fauna yn Saba Kategory:Lânseigen fauna yn Brazylje Kategory:Lânseigen fauna yn Kanada Kategory:Lânseigen fauna yn de Kaaimaneilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia Kategory:Lânseigen fauna yn Kosta Rika Kategory:Lânseigen fauna yn Kuba Kategory:Lânseigen fauna yn Kurasau Kategory:Lânseigen fauna yn Dominika Kategory:Lânseigen fauna yn de Dominikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwador Kategory:Lânseigen fauna yn El Salvador Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwatoriaal-Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Frânsk-Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Gûadelûp Kategory:Lânseigen fauna yn Gûatemala Kategory:Lânseigen fauna yn Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Haïty Kategory:Lânseigen fauna yn Hondoeras Kategory:Lânseigen fauna yn Jamaika Kategory:Lânseigen fauna yn Martinyk Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko Kategory:Lânseigen fauna yn Montserrat Kategory:Lânseigen fauna yn Nikaragûa Kategory:Lânseigen fauna yn Panama Kategory:Lânseigen fauna yn Paraguay Kategory:Lânseigen fauna yn Perû Kategory:Lânseigen fauna yn Porto Riko Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Marten Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Bartelemy Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Kits en Nevis Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Lusia Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Finsint en de Grenadinen Kategory:Lânseigen fauna yn Suriname Kategory:Lânseigen fauna yn Trinidad en Tobago Kategory:Lânseigen fauna yn de Turks- en Kaikoseilannen Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn Oerûguay Kategory:Lânseigen fauna yn Fenezuëla Kategory:Lânseigen fauna yn de Amerikaanske Famme-eilannen Kategory:Lânseigen fauna yn de Britske Famme-eilannen Kategory:Lânseigen fauna yn de Atlantyske Oseaan Kategory:Lânseigen fauna yn de Grutte Oseaan Kategory:Lânseigen fauna yn de Golf fan Kalifornje Kategory:Lânseigen fauna yn de Golf fan Meksiko Kategory:Lânseigen fauna yn de Karibyske See