Peter Fendi (4 septimber 1796 – 28 augustus 1842) wie in Eastenrykske hofskilder, portret- en sjenreskilder, graveur en litograaf. Hy wie ien fan 'e wichtichste keunstners fan 'e Biedermeier-perioade. De kleurige printen fan Fendi wurde beskôge as pionierswurken op it mêd fan litografy.

Libben en wurk Peter Fendi waard berne yn in earm fermidden. Hy wie in soan fan Joseph en Elizabeth Fendi. Syn heit wie learaar. As bern foel er fan in dressoir, in ûngelok dat ûnherstelbere skea oan syn rêch feroarsake. Fendi liet al yn syn bernetiid in talint foar tekenjen sjen. Yn 1810, hy wie doe trettjin jier - waard er talitten ta de Akademy foar Byldzjende Keunsten yn Wenen, dêr't er trije jier studearre by Johann Martin Fischer, Hubert Maurer en Johann Baptist Lampi de Aldere. Nei de dea fan syn heit ûnderhold Peter Fendi himsels en syn mem troch te wurkjen as klerk by in advokatekantoar.

Nei't er Joseph Barth moete hie - in keunstsamler en de persoanlike eacharts fan keizer Jozef II - en troch Barth syn kontakten mei oare keunstners mei in soad ynfloed, fûn Fendi yn 1818 in posysje by de Keizerlike Galery foar Munten en Aldheden, dêr't er wurke as tekener en graveur. Mei de direkteur dêrfan, Anton von Steinbüchel, gie Fendi op in stúdzjereis nei Salzburg en Feneesje.

Fendi besocht faak de salon fan Caroline Pichler en der ûntstie in lytse rûnte fan skilderstudinten om him hinne (ynklusyf Carl Schindler, Albert Schindler, Johann Friedrich Treml, Rudolf Gaupmann en Johann Baptist Staudinger). Die letzte Pilgerreise (1840) De nije direkteur fan it Munte- en Antikkabinet, Moritz Graf Dietrichstein, advisearre Fendi fan 1833 ôf oan it hof, dêr't er yn'e geunst fan keizerinne Karolina Augusta en aartshartoginne Sophie kaam. Hy waard tekenlearaar oan it hof en makke berneportretten en wetterferve. Yn 1836 waard Fendi lid fan 'e Akademy foar Byldzjende Keunsten Wenen. Fan 'e lette jierren 1830 ôf wie er ien fan 'e meast frege portrettisten fan 'e Weenske adel. Oan 'e ein fan syn libben wijde er him benammen oan it ûnderwiis fan syn favorite studinten.

Fendi waard beïerdige op it Sint-Marx-tsjerkhôf yn Wenen. Yn 1909 krige er in earegrêf op it Zentralfriedhof fan Wenen.

Galery

Kategory:Eastenryksk keunstskilder Kategory:Eastenryksk litograaf Kategory:Persoan berne yn 1796 Kategory:Persoan stoarn yn 1842