Yumble Roermond, koartwei ek wol Yumble, neamd wie yndoar attraksjepark by in grut winkelsintrum yn Roermond. It park waard presintearre as "attraksjepark fan de takomst" fanwegen de attraksjes dy't op tige moderne projeksjetechniken en 3D-effekten basearre wiene. Der wie in ynvestearring fan 22 miljoen euro muoid mei de bou fan it projekt. Nei teloarstellende besikerssifers en finansjele problemen is it pretpark nei krekt 4 moanne iepen west te hawwen, fallyt ferklearre. Ek de opfolger fan Yumble, it ljochtsjesfestival Magic World of Lights, rêde it net. Dy gie fiif wiken nei iepening alwer ticht om't ek dit kear de besikers fuortbleaunen. De loads wurdt no brûkt as distribúsjesintrum foar it neistlizzende winkelsintrum.
De attraksjes waarden ferkocht of weromhelle troch de fabrikanenten, sa stiet Disk-O (in slingerjende draaiskiif) Twister no as Disco Loco yn it Frânske pretpark La Mer de sable. Simulator The Lift of Horror is ferwurke yn it Fright Nights spûkhûs Below yn Walibi Holland.
Kategory:Bouwurk yn Roermond Kategory:Earder ferdivedaasjepark yn Limburch (Nederlân) Kategory:Bedriuw oprjochte yn 2015 Kategory:Bedriuw opheft yn 2015