De Wężekat (wittenskiplike namme: Felis wenzensis) is in útstoarn sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e kateftigen (Felidae), de ûnderfamylje fan 'e lytse katten (Felinae) en it skaai fan 'e wylde katten (Felis). Dit bist is bekend fan mar ien fossyl spesimen, it holotype, dat yn 1961 fûn waard yn súdlik Poalen. It libbe yn it Plioseen en ûnderskate him troch syn gruttere tosken fan Martelli's kat (Felis lunensis), in oar fossyl, en fan 'e noch altyd libbene Jeropeeske wylde kat (Felis silvestris).

Taksonomy It holotype, dat anno 2025 noch altyd it iennichste bekende spesimen is fan dit fossile bist, waard opdobbe yn in grûnlaach út it Plioseen by it plak Węże (útspr.: [ˈʋɛ̃ːʐɛ], likernôch: "vêng-rzjê"), oan 'e noardlike útein fan it Krakau-Częstochowaheechlân yn súdlik Poalen. It waard yn 1961 foar it earst wittenskiplik beskreaun troch de Poalske paleöntolooch Jan Stach. De wittenskiplike namme dy't hy oan it fossyl joech, wie Felis wenzensis, dat letterlik "wylde kat út Węże" bestjut. Stach konkludearre dat de Wężekat nau besibbe wie oan Martelli's kat (Felis lunensis), en hold de mooglikheid iepen dat it eins gean koe om in noardlike ûndersoarte of fariëteit fan dat bist.

In oar fossyl, út 'e ein fan it Ier-Pleistoseen, dat fûn waard by Somssich Heuvel 2 yn Hongarije, waard yn 2018 beskreaun as tige lykjend op 'e Wężekat. Nettsjinsteande dat waard it taskreaun oan Felis cf. lunensis (in provisjonele namme dy't safolle betsjut as: in nije soarte dy't liket op Martelli's kat) om't it safolste jonger is as de Wężekat en Martelli's kat.

Beskriuwing It holotype fan 'e Wężekat, dat mei-iens ek it iennichste spesimen fan dit bist is, bestiet út it foarste part fan 'e lofterhelte fan in ûnderkaak, mei de trêde en fjirde kies der noch yn. De hoektosk, de snijtosken en de earste en twadde kies ûntbrekke lykwols. It toskgat fan 'e hoektosk is foar in diel noch wol oanwêzich, sadat de diasteem (romte tusken twa tosken) opmetten wurde kin.

De konklúzje dy't troch paleöntologen lutsen wurdt, is dat de Wężekat fan ferlykbere grutte wie mei de hjoeddeistige Jeropeeske wylde kat (Felis silvestris). (Dy hat trochinoar in kop-romplingte fan 44–67 sm, mei in sturtlingte fan 25–351/2 sm en in gewicht fan 21/2–61/2 kg.) De Wężekat ferskilde fan 'e Jeropeeske wylde kat troch syn koartere diasteem, en hy ferskilde fan 'e fossile Martelli's kat (Felis lunensis), dy't krekt sa'n koarte diasteem hat, en fan 'e Jeropeeske wylde kat troch syn yn ferliking gruttere tosken.

Paleo-ekology De Wężekat is bekend fan mar ien plak yn súdlik Poalen, it doarp Węże yn 'e provinsje Łódź, en it iennichste spesimen is datearre yn it Plioseen, 4,2–3,4 miljoen jier lyn. It klimaat dêre moat doe foar 't neist Mediterraan west hawwe: relatyf waarm en drûch. Dy konklúzje lûke paleöntologen út it feit dat de fossilen fan ferskate reptilen, lykas skyldpodden, yn deselde grûnlaach oantroffen binne.

In ferskaat oan lytse sûchdieren is ek bekend fan 'e paleöntologyske opgraving yn Węże, wêrûnder pipermûzen, stikelbargen, mollen, desmans, teminsten fiif soarten lytse kjifdieren en de wat gruttere oerkjifstikelbaarch (Hystrix primigenia), en teffens de Beremendhazze (Hypolagus beremendensis). Gruttere bisten dy't dêr opdobbe waarden, binne de Wężeree (Procapriolus wenzensis), Warths hart (Cervus warthae) en de reuzehiernoashoarn (Dicerorhinus megarhinus).

Njonken de Wężekat binne fiif oare rôfdieren bekend út 'e opgraving te Węże: de Wężemarter (Martes wenzensis), de Plioseenharmeling (Mustela plioermina), de Plioseenwezeling (Mustela pliocaenica), Helbings marter (Baranogale helbingi) en de middelgrutte reuzebear (Agrotherium intermedium). De measten fan dy bisten binne inkeld bekend fan 'e opgraving te Węże.

Sjoch ek Martelli's kat

Kategory:Sûchdieresoarte Kategory:Wylde kat Kategory:Bist útstoarn yn it Plioseen Kategory:Fossyl sûchdier Kategory:Fossyl yn Poalen