De Kellaskat is in lytse kat mei in swarte pels dy't libbet yn noardlik Skotlân. It is in krusing fan 'e Skotske wylde kat (Felis silvestris silvestris) mei de hûskat (Felis catus). Foarhinne waard troch soölogen oannommen dat dit in mytysk bist wie, dat assosjearre waard mei it mytologyske figuer fan Cat Sìth. De seldsume waarnimmings waarden ôfdien as hoaxen. Mar yn 1984 waard in eksimplaar deade troch in jachtopsjenner en doe kaam it wiere aard fan it bist oan it ljocht. De Kellaskat, dy't ferneamd is nei it doarp Kellas, dêr't de earste yn 1986 libben fongen waard, is gjin formeel katteras, mar in natuerlik foarkommende hybride.
Skiednis en ûndersyk Yn 'e Skotske folkloare komme al iuwenlang folksferhalen foar oer mânske swarte katten dy't nachts troch de Skotske Heechlannen doarmje. It wie dêrom net sa nuver dat de wittenskip yn 't earstoan skeptysk wie oer it wiere bestean fan sokke bisten. Mar it bist dat yn 1984 dea yn in strûp oantroffen waard troch in jachtopsjenner brocht dêr feroaring yn. It wie in kat "ter grutte fan in hûn" (neffens de berjochten yn 'e doetiidske media), dy't fan noas oant sturtpunt in totale lichemslingte hie fan 110 sm (ta ferliking: de hûskat hat in totale lichemslingte fan trochinoar 76 sm). De skofthichte fan it bist bedroech 38 sm (by de hûskat 23–25 sm). Doe't it berjocht oer dit bist yn 'e media ferskynde, reägearren boeren en jachtopsjenners út 'e Heechlannen fuortendaliks troch te sizzen dat sy al sûnt minskewitten grutte swarte katten ôfskeaten. Likegoed holden skeptisy út dat it bist neat oars wie as "in tige grutte ferwyldere hûskat."
By neier ûndersyk die lykwols bliken dat it bist in (natuerlik foarkommende) krusing wie fan in Skotske wylde kat mei in hûskat. De Skotske wylde kat is in geografysk isolearre populaasje fan 'e Jeropeeske wylde kat (Felis silvestris). Foarhinne waard it foar in selsstannige ûndersoarte holden, mei de wittenskiplike namme Felis silvestris grampia; tsjintwurdich, lykwols, wurdt de Skotske wylde kat rekkene ta de gewoane wylde kat (Felis silvestris silvestris), de nominaat, dy't ek op it fêstelân fan Jeropa foarkomt.
Saakkundigen fan it Nasjonaal Museum fan Skotlân ûndersochten neitiid acht spesimina fan grutte swarte katten út 'e Skotske Heechlannen. Ien dêrfan wie al yn it besit fan it museum, en de oare sân waarden oanlevere troch de amateur-biologe Di Francis. Fan 'e acht bisten bliek ien in melanistyske (swarte) Skotske wylde kat te wêzen, it earste melanistyske eksimplaar fan dat bist dat ea dokumintearre wie. De oaren wiene krusings fan 'e Skotske wylde kat mei de hûskat, wêrfan't seis genetysk mear wei hiene fan 'e Skotske wylde kat, wylst ien mear gemien hie mei de hûskat.
De earste libbene Kellaskat, in poes, waard yn 1986 fongen by it doarp Kellas, yn Moray. Dêrom waarden sokke katten neitiid sa neamd. In twadde libben eksimplaar, in boarre, waard yn 1988 fongen yn Inverness-shire. Beide bisten waarden earst oerbrocht nei it Highland Wildlife Park, in dieretún yn Kincraig, mar kamen letter op 'e noed fan Di Francis. Sy kaam ta de konklúzje dat de bisten net nuet te meitsjen wiene, mar it slagge wol om dermei te fokken, sadat de earste yn finzenskip berne Kellaskatten bestudearre wurde koene.
Underskie fan oare kateftigen yn Grut-Brittanje Yn 1988 waard yn Dufftown, ek yn Moray, in oare swarte kat ter grutte fan in Skotske wylde kat deade. Nei ûndersyk waard foarsichtich suggerearre dat it om in folslein oar bist gie as de Kellaskat, mei't de struktuer fan 'e plasse alhiel oars wie, folle smeller en langwerpiger, mei in dúdlik lytsere harsenpanne en in hiel ûngewoan gebit. Hoe't dat krekt sit, is noch altyd in fraachteken.
Yn 'e Britske media waarden Kellaskatten yn 'e 1980-er jierren, nettsjinsteande it feit dat se net folle grutter wiene as in hûskat, gauris betize mei de saneamde Britske grutte katten. Dat binne foar 't neist mytyske grutte kateftigen dy't op it eilân Grut-Brittanje foarkomme soene, lykas it Bist fan Exmoor en it Bist fan Essex. Guon dêrfan soene swart, bêzje, streekbûnt of spikkelbûnt wêze en se wurde ferantwurdlik holden foar ferskate gefallen wêrby't fee deade waard. Mar hoewol't ien inkele poema (Puma concolor), dy't ûntsnapt wie út finzenskip as in eksoatysk húsdier, yn 1980 fongen waard yn Cannich, yn Inverness-shire, is der fan it bestean fan oare Britske grutte katten nea bewiis fûn, sadat se oer it algemien beskôge wurde as kryptiden, ferlykber mei de sasquatch en it meunster fan Loch Ness.
Folkloare Yn 'e folkloare fan Skotlân komt in boppenatuerlik mytysk wêzen foar, Cat Sìth, dat de foarm hat fan in grutte swarte kat mei in wyt plak op it boarst. Neffens de folksferhalen spûket dat bist by nacht om yn 'e Skotske Heechlannen. It tinken is no dat de Kellaskat wolris de ynspiraasjeboarne west hawwe kin foar Cat Sìth. Nei alle gedachten moatte Kellaskatten ommers al iuwenlang foarkomme.
Histoarikus Charles Thomas hat spekulearre dat de ôfbylding op 'e Piktyske Stien fan Golspie, dy't no bewarre wurdt yn it museum yn it Kastiel fan Dunrobin, eins in Kellaskat foarstelt. De ôfbylding is fan in kat-eftich wêzen, dat boppe-op in salm stiet. Dat lêste soe in ferwizing wêze kinne nei it fermogen fan 'e Kellaskat om by wetterfallen passearjende fisken út 'e rivier te slaan om se op te fretten.
Sjoch ek Skotske wylde kat ferwyldere kat
Kategory:Hybride (biology) Kategory:Wylde kat Kategory:Lânseigen fauna yn Skotlân