Ian David Karslake Watkins (Merthyr Tydfil, 30 july 1977 - Wakefield, 11 oktober 2025) wie in Welsk pedofyl en earder sjonger.

Libbensrin Watkins is berne yn Merthyr Tydfil wêrnei't er nei Pontypridd ferhuze is. Hy gie dêr nei de Hawtorn High School nei de middelbere skoalle hat er in oplieding dien ta grafysk ûntwerper. In 1991 speelde Watkins in zijn eerste band. Dêrnei waard yn 1995 de band Public Disturbance mar net lang dêrnei ferliet Watkins en noch in oar bandlid de band om Lozt Prophetz op te rjochtsjen fan 1998 ôf stavere as Lostprophets. Watkins ûnthold him in tiid fan alkohol mar joech yn in ynterview ta dat er drugs brûkte.

Begjin desimber 2012 waard Ian Watkins, tegearre mei twa froulju, oppakt en oanklage foar bernemisbrûk. Watkins soe ûnder mear seksuele hannelingen dien hawwe mei in famke fan noch gjin trettjin. Ek soe er besocht hawwe om in poppe fan alve moanne te ferkrêftsjen en ûnseedlike foto's fan bern yn syn besit hân en ferspraat hawwe. De twa froulju, joegen ek in rige seksuele oertrêdingen ta by harren eigen bern.

Doe't de rjochtsaak begûn yn novimber 2013, ûntkende Watkins alles. Letter joech er ta en lei in bekentenis ôf. Yn desimber dat jier waard er feroardiele ta 35 jier sel. De twa froulju dy't, ûnôfhinklik fan inoar, harren bern oan Watkins ta beskikking stelden, krigen in finzenisstraf fan 17 en 14 jier.

Yn augustus 2023 rekke er ferwûne by in stekpartij yn de finzenis. Op 11 oktober 2025 ferstoar Watkins yn de âldens fan 48 jier yn de finzenis ta gefolch fan in stekpartij.

Diskografy Albums Album Utbrocht op Band Single(s) The Fake Sound of Progress27 novimber 2000LostprophetsShinobi vs. Dragon Ninja,The Fake Sound of ProgressStart Something2 febrewaris 2004Burn Burn,Last Train HomeWake Up (Make a Move),Last Summer,I Don't KnowGoodbye TonightLiberation Transmission26 juny 2006Rooftops (A Liberation Broadcast),A Town Called Hypocrisy,The New Transmission,Can't Catch Tomorrow (Good Shoes Won't Save You This Time)4:AM ForeverThe Betrayed13 jannewaris 2010It's Not the End of the World, But I Can See It from Here,Where We Belong,For He's a Jolly Good FelonWeapons2 april 2012Bring 'Em Down,We Bring an Arsenal

Kategory:Welsk sjonger Kategory:Welsk hardrockartyst Kategory:Welsk krimineel Kategory:Persoan feroardiele foar ferkrêfting Kategory:Persoan berne yn 1977 Kategory:Persoan stoarn yn 2025