It fûgelskaai sitroenparkiten (Psilopsiagon) heart ta de pappegaaien fan Afrika en de Nije Wrâld (Psittacidae). It giet om in lytse groep Súdamerikaanske parkitesoarten dy't meastentiids yn 'e Andes op in hichte fan 1800 m oant 3000 m yn it súdwesten fan Súd-Amearika foarkomme.
It skaai omfiemet twa soarten, dy't eartiids faak by it skaai Bolborhynchus set waarden. Genetyske stúdzjes hawwe lykwols oantoand dat se in eigen line foarmje. Op basis fan 'e morfology joech Robert Ridgway de twa soarten yn 1912 in eigen skaainamme en lettere DNA-analyzes ûnderstipen dat beslút.
It iten fan sitroenparkiten bestiet út sied fan gers en krûden en bytiden ek blommen en fruchten. Se briede faak yn spjalten fan rotsen of kliffen en in lechsel bestiet út 3 oant 6 aaikes. Sitroenparkiten binne sosjale fûgels en libje yn pearkes of lytse groepkes, net yn grutte groepen lykas guon oare parkitesoarten.
Soarten Der binne twa soarten. Beide hawwe relatyf stabile populaasjes, al binne der lokaal delgongen troch habitatferlies bekend. Ofbyld Wittenskiplikenamme Fryske namme Fersprieding Status/Trend 150px P. aymara Aymaraparkyt Argentynje, Bolivia net bedrigestabyl P. aymara op BirdLife 150px P. aurifrons sitroenparkyt Argentynje, Bolivia, Sily, Perû net bedrigestabylP. aurifrons op BirdLife
Kategory:Fûgelskaai Kategory:Pappegaai fan Afrika en de Nije Wrâld